• 6 december 2013

    JAAP KROL -  De dagen yn Riga fleane foarby. Ik moat bekenne dat ik sa stadichoan op it punt kom dat ik net nei hûs wol. Ik bin eins noch noait yngeand mei oare skriuwers omgien. Earst wiene wy wat ûnwennich foar inoar oer, mar yntusken besprekke wy fan alles en ha wy keet by de fleet. It is gewoanwei... no ja, ful mar yn. [...]

  • 6 december 2013

    GERBEN DE VRIES -  Yn 1918 wist minister Cornelis Lely de Zuiderzeewet troch it parlemint te loadsjen. It haaddoel wie de ferkoarting fan de hûnderten kilometers kustline fan de Sudersee troch it oanlizzen fan in ôfslútdyk. Al yn 1891 hie Lely, doe yn syn funksje as ynsjeneur, oanjûn wêr't dizze dyk it bêste lizze koe en tweintich jier letter koe der mei begûn wurde. De [...]

  • 5 december 2013

    JAAP KROL -  Neffens Nederlânske mjitten wurdt it al aardich winter yn Riga. De temperatuer sakket nachts nei tusken de fiif en tsien graden ûnder nul en oerdeis komt er net heger as fiif (miskien seis). As it winter is, lykje de auto’s hurder te gean en rinne de minsken hurder oer de stoepe, as jaget de barre, barre kjeld se fuort nei hûs. Sa [...]

  • 4 december 2013

    JAAP KROL -  Eltse moarn stek ik de drokke strjitte oer om in moarnsbrochje te iten by in bakkerij. Dêrnei wurde wy ophelle en sitte wy om in grutte tafel yn it gebou fan de Latvian Writers Union. De sesje fan sneon bestiet foaral út it yn de kunde komme mei. As jo jo belestingjild altyd kreas op tiid betelje (lykas my) tinke jo miskien: [...]

  • 3 december 2013

    JAAP KROL -  Ik waard útnoege om nei Riga te gean, om dêr in workshop korte-ferhalen-oersette te folgjen. Dizze workshop giet út fan de organisaasje Literature Across Borders (LAF), dy’t oeral yn Europa literêre eveneminten as dizze organisearret. De dielnimmende skriuwers komme út gastlân Letlân en fierders út Tsjechië, Slowakije en Katalonië (ik soe fansels ‘Spanje’ sizze, mar skriuwster en oersetster Alba Dedeu presentearret harsels [...]

  • 3 december 2013

    Achte hear Xiao Wang, Samar ynienen skeat it byld my wer yn 't sin: de man dy't yn 1989 yn syn ientsje in hiele rigele tanks tsjinhold op it Tiananmenplein yn Peking. It wite boesgroentsje, de earms slap nei ûnderen, yn beide hannen in tas, en dêr stied er. Poerlike allinnich, in michje tsjinoer al dat wapentúch. Hy gie der net tsjinyn, hy rûn net [...]

  • 30 november 2013

    FROUKJE SIJTSMA -  DesignXPO, it is gjin nij festival, mar it is wol foar it earst yn Fryslân. Dit wykein kin eltsenien yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert yn 'e kunde komme mei de ûntwerpen fan Fryske en Grinslanse keunstners. It designfestival wurdt foar de fyfde kear organisearre en is bedoeld om design en ûntwerpers út it noarden op 'e kaart te setten. Eardere edysjes waarden [...]

  • 28 november 2013

    GERBEN DE VRIES -  De hjerststoarmen fan 1881 en 1882 hiene in ein makke oan de daam fan Teding van Berkhout tusken Holwert en it Amelân. De mei dizze dyk bedoelde lânoanwinning – op langere termyn sels fan de hiele Waadsee – gie dus net troch. Ynsjeneur Cornelis Lely rekkene in tal jieren letter yn syn Eerste Technische Nota (1886) ôf mei it idee om [...]

  • 27 november 2013

    SJOERD VAN METEREN -  Een nieuwe start Een festival dat al meer dan dertig jaar bestaat, kan het zich niet veroorloven een jaar over te slaan. Als je de continuïteit verbreekt, het ritme verstoort, dan merk je dat onmiddellijk aan de bezoekersaantallen. Het kost vaak jaren voor je weer terugbent op het oude niveau, als dat al lukt. Dat dacht ik, toen ik vorig jaar [...]

  • 25 november 2013

    ARJAN HUT -  Ta de neitins fan John F. Kennedy Elkenien dy't doedestiids libbe, wit noch wêr't er wie en wat er die doe't it grutte nijs bekend waard. It wie in skokweach dy't de hiele wrâld oer gie. Guon hienen it wol oankommen sjoen. Omdat it al sa'n bytsje yn de loft hong. Mar de measte minsken kaam it aaklik oer it mat. De [...]