Facing Nature

KAREN BIES – 

‘Om twa oere begjint de rûnlieding.’ In man triuwt my in briefke yn hannen mei ynformaasje oer de tentoanstelling Facing Nature. Ik bin einlings wer ris yn Museum Belvédère. De bern (‘Saai! Dy skilderijen ha wy al sa faak sjoen!’) haw ik omkocht mei de belofte fan wat lekkers yn it museumkafee. Mar de permaninte kolleksje, mei âlde bekenden as Willem Van Althuis en Tames Oud, is even fuort. It hiele museum is ynrjochte mei keunst út de samling fan it echtpear De Heus-Zomer. Skilderijen, skulptueren en foto’s mei as tema natoer en lânskip. Moai, dat seker.

Fansels kom ik dochs yn de rûnlieding telâne. By in grut abstrakt skilderij freget de rûnlieder: ‘Wat denkt u zelf dat het is?’ Hy set de bril op en seit: ‘Deze schilder… eens even kijken op het kaartje… is ook alweer over de vijftig!’ Folle wizer wurd ik dêr dus net fan.

Nei it museumkafee dan mar. Kinst kieze foar in Gerrit Benner Special (twee ambachtelijke kroketten met wit of donkerbruin brood) of in Thijs Rinsema Special (Italiaanse bol met geitenkaas, noten en honing). En der stean noch mear keunstners op it menu.

Wy bestelle gewoane bitterballen (is ‘Han’s Hapke’ gjin leuke namme?) en sjogge om ús hinne. It Belvédère-publyk is gelokkich permanint itselde. Sechstich-plus froulju mei hippe brillen, asymmetryske rokken en stressless skuon. In selsbreide gesin mei jonge bern dy’t it museum noch wól as ien grut aventoer sjogge en inoar achternei sitte om ‘e tafels. Uzes binne hjoed trouwens ek sa leaf as wat. Foaral as de jonge ober de bitterballen op in bledsje by ús bringt, as wiene it de kroanjuwielen.

Mei in borrel derby wurdt it in fijne middei, mar dochs mis ik wat. Bûten yn it wetter de houten swannen mei de rútsjes, fan Roger Raveel. Se lizze der no net. Binne se fuort foar restauraasje, krije se efkes in likje ferve? En de fonteinen – oait hellen se fleurich en fier de oare kant fan de feart – spuitsje hjoed net mear as in pear sneue snjitters. Efkes ûntkalke mei jittik, soe ik sizze.

Mar ik wol net seure. Neat bliuwt itselde en dat moat ek net. En Snijder en Bregman komme fêst wol ris werom. We rinne de Wâldsterdyk ôf en gean de bosk yn. Facing Nature for real. Saai wurdt dat noait.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.