Side nei side ferwûndering

Publisearre op 20 december 2013

MEINDERT REITSMA – 

Net faak ferskynt der sa’n tsjok debút as de roman Littenser merke fan Ale S. van Zandbergen (1956). Neffens eigen sizzen hat de skriuwer it ferhaal de ôfrûne fjouwer jier op ’e fyts betocht en jûns opskreaun. It resultaat fan dy fjouwer jier is in debút dat net allinne yn omfang (405 siden), mar ek yn struktuer en ynhâld der wêze mei.

Van Zandbergen is yn it deistich libben wiskundedosint yn Snits. Syn wiskundige kant lit er yn de roman nei foarren komme: it ferhaal hat nammentlik in giastyske struktuer. Dat hâldt yn dat de haadstikken sa rangskikt binne dat der in omkearing plakfynt; de struktuer kin sjoen wurde as in omkearde V-ljedder. Yn letters útdrukt sjocht de struktuer fan Littenser merke der sa út: ABCBCBCBA. Dat is in fersimpele oersjoch, mar it makket dúdlik dat ABCB him nei C yn omkearde folchoarder werhellet. In giastyske struktuer wurdt ûnder oare oantroffen yn de Bibel en de Torah. Dat Van Zandbergen dy struktuer brûkt, kin gjin tafal wêze, want religy hat in wichtige rol yn syn debút.

Ut dy struktuer wurdt ek dúdlik dat it boek bestiet út trije ferhaallinen, dy’t inoar ôfwikselje. Ferhaalline A wurdt foarme troch it foaropwurd en it neiwurd en spilet him yn ús tiid ôf. Trije siden lang wurdt in man folge, waans namme net neamd wurdt. Lykwols kin oannommen wurde dat de ‘hy’ deselde is as Liuwe Bosgra út ferhaalline C, want der binne in soad oerienkomsten, bygelyks dat syn heit slachter is. It wurdt troch de skriuwer sa presintearre dat de ferhaallinen B en C ûnder it rinnen fan de haadpersoan út A betocht binne. Wat dat oangiet soe ferhaalline A ek op Van Zandbergen sels slaan kinne: hy betocht de roman ommers ûnder it fytsen, dêrneist wie syn heit ek slachter en is er berne yn Easterlittens (Littens).

Littens is nammentlik it dekôr fan de oare twa ferhaallinen. Ferhaalline B spilet him ôf yn de jierren 1831 en 1832, dêr’t dûmny Laurman en syn frou Eeuwkje sintraal yn steane. Tusken harren is algeduerigen strideraasje: dûmny sit it leafst mei de  noas yn de boeken, wylst Eeuwkje alhiel yn bloei stiet en mar ien ding wol: in bern. Laurman griist fan seksueel kontakt en hat boppedat wat grutters by de ein: syn gemeente hat te krijen mei dweperij. Hy reizget nei East-Fryslân om him dêr oertsjûgje te litten dat it leauwen by de gemeente oerein bliuwt wannear’t it ôfbylde wurde, yn de foarm fan in skilderij. By Laurman bart lykwols it tsjinoerstelde: hy rekket stadichoan syn leauwen kwyt en mient sels dat er syn lêste preek jûn hat.

De lêste ferhaalline spilet him mear as in ieu letter ôf: de lêzer folget de jonkheid fan Liuwe Bosgra yn de 60’er en 70’er jierren. Liuwe is autistysk en libbet dêrom faak yn syn eigen wrâld. Sabetheli wurdt syn freondintsje en tegearre belibje se de measte aparte dingen. Se diele in soad mei inoar, lykas de fassinaasje foar sifers, mar se ferskille ek bot: sy is bygelyks fegetariër wylst Liuwe slachterssoan is.

Beide ferhaallinen wurde om en om ferteld, mar fertoane nettsjinsteande dat wol in soad oerienkomsten. Van Zandbergen hat tusken beide linen in soad spegelingen oanbrocht, dy’t der foar soargje dat beide ieuwen prachtich oan inoar ferbûn wurde. Soms binne dat simpele saken lykas de Littenser merke, dêr’t Liuwe alhiel wei fan is, mar dêr’t Laurman it mier oan hat.

In oare kear giet it om djipper lizzende meganismen, lykas it twifeljen oan it leauwen: neist Laurman wrakselet Liuwe ek mei it leauwen. Bytiden lit de skriuwer werklikheid en fantasij troch inoar rinne, wat bart yn de persoan fan Henrik Giesing. Yn ferhaalline B is hy in Eastfryske skilder dy’t yn de Littenser konsistoarje in skilderij fan Moazes makket, dêr’t Eeuwkje har langferwachte soan yn sjocht; sy neamt him Liuwe. Boppedat set Eeuwkje in Dútske opera yn it Frysk oer dêr’t in personaazje yn foarkomt dat ek fan Henrik Giesing hjit. Yn ferhaalline C komt lykwols ek in Henrik Giesing foar, mei wa’t Liuwe en Sabetheli kontakt hawwe. De opera dy’t Eeuwkje oerset, koe de skriuwer wol ris basearre hawwe op de opera Hans Heiling (1833) fan Aduard Devrient (1801-1877). Yn Littenser merke wurdt nammentlik mannich kearen ferwiisd nei de ynhâld en personaazjes fan dy opera: Henrik Giesing stiet dan bygelyks gelyk oan Hans Heiling.

Oan de ein lit Van Zandbergen de ferhaallinen noch tichter by inoar komme, wannear’t Liuwe en Sabetheli it skilderij fan Giesing yn de konsistoarje fine en Liuwe dus syn evenbyld sjocht. Troch guon spegelingen mear oan it oerflak te bringen en oaren yn de ûnderlizzende struktuer te hâlden, hat Van Zandbergen der foar soarge dat it net te forsearre oerkomt. Dochs sinnigje my de spegelingen net alhiel: der sit te min struktuer yn. De skriuwer hie wat dat oangiet mear mei de giastyske struktuer wurkje kinnen, dêr’t it wenst is om weromkommende eleminten yn omkearde struktuer te brûken.

Van Zandbergen wit de personaazjes op in bjusterbaarlik moaie wize del te setten. Dat komt benammen om’t er fan guon personaazjes de tinzen wjerjout en sa tagong ta harren ynderlik jout. Lykas by de autistyske Liuwe: “It moat altiten bliuwe sa’t it no is, middeis kertier foar ienen, as it bûtendoar op syn waarmst is en binnen yn ’e hûs ús heit en Willem harren hollen del lizze, op it kjessen fan harren tearde hannen, efter de nei de midden fan de tafel skode smoarge itensboarden. (…) Us heit seit noait safolle tsjin my. Mar dat fyn ik net slim. It hoecht ek net. As it mar sa bliuwt, hiel lang, ûntelber lang … sa as it no is.” (s. 50-55)

Wat opfalt is de styl en it taalgebrûk dêr’t de skriuwer him fan betsjinnet: dy ferskilt nammentlik tusken de ferhaallinen. It folgjende sitaat komt út de ferhaalline fan Liuwe: “Do hast ek rolskaatsen?” Lizzend ûnder it planken dak fan de garaazje foar syn karre kin Liuwe it net goed ferstean. “Hee brikeling, hearst my wol?” Hy krijt in skop.” (s. 93-94) Dat is net al te dreech Frysk en ferskilt bot mei it folgjende sitaat út de oare ferhaalline: “De Emder retoerwein nimt in oanmerklike ûneffenheid yn it weidek mei de minste muoite. De fearring ferswolget de trilling sa goed, dat er binnen yn de wein net iens opmurken wurdt. It reizgjen giet linkendewei mei mear faasje en mei mear komfort.” (s. 103) Sa wurdt it ferskil tusken de ieuwen taalkundich besjoen útdrukt. Benammen yn de ferhaalline fan dûmny Laurman lit de skriuwer sjen dat er it Frysk oant yn de fingerseinen behearsket.

De styl yn dy ferhaalline docht tinken oan dy út de grutte realistyske romans út ein njoggentjinde, begjin tweintichste ieu fan bygelyks de Frânsman Honoré de Balzac of tichterby hûs: fan Reinder Brolsma. As foarbylden: “Gaykinga… ja hear, hy is it dy’t wy hjir omknoffeljen sjogge…” (s. 166) “Op ’e trekdyk skaait immen om. Immen yn in skoatjas. Soe dat… ja, it is Laurman. Dy is in aardich ein út ’e koers.” (s. 244) Neist de styl dogge ek de wiidweidige beskriuwings dy’t de skriuwer brûkt, tinken oan it realisme: sa wurdt bygelyks in hiele preek yn it boek opnommen. Dochs wurdt it net langtriedderich: side nei side wit Van Zandbergen de lêzer te ferwûnderjen mei syn rike taal en prachtige konstruksjes.

Ale S. van Zandbergen hat mei Littenser merke sûnder mis it bêste proazadebút fan de ôfrûne jierren skreaun. Dizze roman soe dêrom de earste Douwe Tamminga-priis dan ek dûbel en dwers fertsjinje.

 

Ale S. van Zandbergen: Littenser merke. Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2013. 405 siden, €14,00 (e-boek); 19,50 (papieren útjefte).

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels