fotografy: Yara Semmler

Dát moatte wy mei it Frysk yn 2020

WIM DE BOER – 

Op freed 25 oktober 2013 organisearre de Afûk de konferinsje ‘Wat moatte wy mei ‘dat’ Frysk yn 2020?’ oer de takomst fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis. Op de konferinsje wienen mear as 65 minsken út it ûnderwiisfjild oanwêzich: fan primêr oant heger ûnderwiis, fan dosinten oant bestjoerders, gemeenten, polityk en ûnderwiisfernijers.

Mei de konferinsje woe de Afûk in bydrage leverje oan de diskusje oer it plak fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis. Der hawwe in oantal sprekkers oan it wurd west, mar ek de dielnimmers hawwe harren bûgd oer tema’s lykas krimp, de rol fan leararen en nije technologyske ûntwikkelings. De útkomsten fan de dei binne yn dit stik útwurke as lessen foar elkenien dy’t wat mei it Frysk hat yn it algemien en foar de Afûk yn it bysûnder.

Digitaal en fleksibel wurkje oan de taal
No, oan ’e ein fan 2013, steane wy oan it begjin fan in grutte digitalisearringsslach fan Fryske learmiddels. Sels de skoalmetoaden dy’t tradisjoneel in protte mei boeken wurke hawwe, sille no en yn de takomst ICT mear ynsette. Al it beskikbere Fryske lesmateriaal komt yn in digitale learomjouwing en is aanst maklik te finen en te brûken. Dat soe wol ris ta in feroaring fan de rol fan de dosint liede kinne. Dat komt omdat dosinten mei al dat lesmateriaal yn de takomst hieltiten makliker sels lessen gearstalle, sammelje, opfreegje en útwikselje kinne mei oare dosinten.

In ûntwikkeling dy’t dosinten dêrby helpe kin, is de opkomst fan de saneamde ‘learning analytics’. It wurdt hieltyd better mooglik om de aktiviteiten fan learlingen en studinten te folgjen. Op dy wize komt der yn in learomjouwing ynformaasje binnen oer de lessen dy’t de learlingen meitsje. Tink dêrby oan saken dêr’t learlingen in soad tiid yn stekke, wêr’t se hingjen bliuwe of sels wêr’t se ôfheakje. De dosinten krije dêrtroch fuortendaliks ‘feedback’ oer har eigen lessen.

In dosint kin aanst ek (eigen en oar) lesmateriaal meitsje en diele, sa as ynstruksjefilmkes. Dy filmkes kinne op skoalle en thús brûkt wurde. Wannear’t learlingen dy filmkes al foar de les besjoen hawwe, hoecht de dosint dêr yn de les minder tiid oan te besteegjen. Der komt dan yn de les mear rûmte frij foar fragen, projekten, oare aktiviteiten en ferdjipping. De filmkes fan Henk Wolf en de Praat-mar-Frysk kampanje binne dêr earste foarbylden fan.

De les foar de Afûk is dat ICT in soad kânsen jout en dat wy dêr op ynspylje moatte. Dosinten kinne better rjocht dwaan oan ferskillen tusken learlingen. Learen kin persoanliker en fleksibeler. ICT helpt by in better oersjoch fan it oanbod, de mooglikheden en de foarderingen. It learen wurdt tagonkliker trochdat it oeral op ferskillende devices te brûken is.

De learling as produsint en Frysk as middel
Wy kinne learlingen sjen (en behannelje) as konsuminten, learlingen folgje dat wat wy as útjouwer en dosint harren oanbiede. Nijsgjirriger wurdt it as wy learlingen ek sjogge en ynsette as produsinten. In foarbyld wie de appwedstriid. Dêr krigen wy foarbylden te sjen fan learlingen dy’t mei in soad wille en entûsjasme wurke hienen oan it idee en it ûntwikkeljen fan in Fryske app. In oar foarbyld is dat fan myschoolsnetwork: learlingen geane mei “events” oan de slach. It binne in soarte fan opdrachten wêrby’t se bygelyks in presintaasje meitsje fan harren moaiste gerjocht en dat dan yn hiel Fryslân (mar ek Europeesk) oan elkoar útwikselje. It Frysk (en it Ingelsk) is dêrby net it doel, mar in middel. De ûnderwerpen sprekke de bern oan lykas de foarm, in soarte fan spultsje: Wa hat de moaiste presintaasje? It slút oan by it idee fan betsjuttingsfol ûnderwiis. Dus net sasear it Frysk as taalfak, mar projekten dy’t wat opsmite en dêr’tst Frysk yn brûke moatst.

Dêr leit ek in les yn foar de Afûk: troch betsjuttingsfol dwaande te wêzen mei it Frysk yn nijsgjirrige, útdaagjende projekten en opdrachten (keppele oan oare fakken) brûke learlingen de taal. Dêrtroch leare se de taal en leare se it Frysk te wurdearjen.

‘Trendy Frysk’
Troch de komst fan de social media (Facebook, Hyves, Twitter, WhatsApp, games en oare kommunikaasje fia ynternet) hawwe wy de kâns om it Frysk klinke te litten by jongerein yn Fryslân. De ‘WIFI-generaasje’ bestiet út bern en jongerein, dy’t mei in smartphone of mobile (spul)kompjûter konstant online binne en sa mei-inoar kommunisearje.

Ut it primêr en fuortset ûnderwiis wei soene dosinten oanslute moatte op de belibbingswrâld fan bern en jongerein en dêr it Frysk oan ferbine, sadat dy generaasje ek mei-inoar it Frysk brûkt. Mar ek it Fryske oanbod fan hûs út en de taalstimulearring fan de kant fan de beliedsmakkers soe ‘trendy’ wêze moatte, sadat it de jongerein oansprekt.

De ICT-ûntwikkelings en de digitale techniken steane net stil, it liket hieltyd flugger te feroarjen en te fernijen. Yn Fryslân wolle wy dêr ek op ynspylje. Goede foarbylden binne: de Fryske Twitterdei, it sels betinken fan apps en de ‘lipdups’: fideoklips, besteande út ien opname, dêr’t je mei in groep in ferske yn neisyngronisearje. Ferskillende skoallen hawwe ek Fryske lipdups makke en online setten.

De les foar de Afûk is dat wy de learling folle mear yn it proses fan ‘trendy Frysk’ behelje moatte, wêrby’t de jongerein ferlet hat om de Fryske taal te brûken. De learling dy’t meitinkt, meipraat en meibeslist! Learlingen kinne faak folle mear as dat wy tinke en oarsom kinne wy noch in protte fan bern en jongerein leare. 

ICT: Jong en âld
Op it stuit behearsket noch altiten in te lyts part fan de Frysktaligen syn memmetaal ek skriftlik. Fia it ûnderwiis besykje we learlingen ek Frysk skriuwen te learen, mar foar âlden leit dat wat oars. Foar fierwei de measte minsken is ‘in kursus by de Afûk’ dochs krekt wat te fier fuort. Mar it liket derop dat it digitale learen, bûten de offisjele kursussen om, dy drompel yn de takomst ferleegje kin. It kin in moaie opstap wêze om dêrnei doch in kursus te dwaan, wêrby’t ICT fansels ek in rol spylje kin.

Underwiis wurdt troch ICT foar alle doelgroepen tagonkliker. Hast elkenien hat neist in kompjûter no ek in iPhone, smartphone, iPad of tablet yn ’e hûs. Dêr kinne maklik apps op download wurde dy’t grôtfol ynstruksjefilmkes en lesmateriaal sitte. It is sels mooglik om in persoanlike lesmetoade fia sa’n app oan te bieden. Op dy wize hoege minsken net perfoarst direkt nei in skoalle of kursus om tagong te krijen ta ferantwurde edukatyf materiaal. It wurdt sa foar ferskate doelgroepen fanselssprekkender om thús oan de slach te gean mei it learen fan in taal lykas it Frysk.

Hjir leit ek in kâns wannear’t it giet om âlderpartisipaasje. Sawol jong as âld kinne inoar helpe en motivearje om wat mei it Frysk te dwaan. Alderen sjogge wat der foar jongerein is oan Fryske edukaasje op skoalle en skoalbern kinne har âlden wize op mooglikheden om it Frysk thús te learen. It soe dêrby moai wêze as it foar de hiele provinsje sichtber is wat der foar eltse doelgroep te rêden is en wat de digitale opsjes binne.

De les foar de Afûk is dat wy derfoar soargje moatte dat alle ICT-learmiddels en opsjes om it Frysk te learen foar alle doelgroepen oersichtlik presintearre wurde. Dat kin bygelyks troch ien sintraal learportaal dêr’t elkenien dy’t Frysk leare wol, fan jong oant âld, terjochte kin en dat edukative materiaal brûke kin.

De feardichheden fan de takomst
Op de nije Master Steve Jobsskoalle yn Snits binne “21st century skills” in wichtich ûnderdiel fan it ûnderwiiskonsept. It ûntwikkeljen fan feardichheden sa as kritysk tinke, problemen oplosse, gearwurkje en sosjale en motoaryske feardichheden moat bern fan dy basisskoalle tariede op de takomstige maatskippij. Neffens de betinkers en útfierders fan de Master Steve Jobsskoalle is it mei it ûnderwiis fan hjoed-de-dei net mooglik om bern klear te stomen foar de takomst, want wy kinne de takomst dochs net foarspelle. Wat we wol dwaan kinne, is bern feardichheden oanleare dy’t se brûke kinne om harsels te ûntwikkeljen. By dy “21st century skills” heart ek kommunikaasje yn de brede sin fan it wurd. Foar it Frysk lizze dêr de kânsen. Set it Frysk yn as in leechdrompelich middel om meiïnoar te kommunisearjen yn en bûten skoalle. Bern kinne harren faak better uterje yn harren memmetaal. It ‘frij’ kommunisearjen en it goed ferwurdzjen fan ideeën is in goede basis foar gearwurkjen en ynnovatyf tinken.

Foar de Afûk leit hjir de kâns om it Frysk ek yn de nije foarmen fan ûnderwiis op in ynnovearjende wize plak te jaan en net allinnich as taalfak, mar as kommunikaasjefeardichheid, wêrby’t bern nije feardichheden oanleare by it taallearen.

Frysk in bettere posysje yn de mienskip jaan
Jierrenlang bestie de opfetting dat as wy mear omtinken jaan soene oan it Frysk yn it ûnderwiis, de taal dêrtroch in better plak yn de mienskip krije soe. Dy stelling moat eins krektoarsom formulearre wurde: as it Frysk in bettere posysje yn de mienskip kriget, dan krijt it ek in better plak yn de skoalle.

Wy sjogge dat der yn de mienskip in positive hâlding foar it Frysk oer is. It wurdt in protte brûkt yn it ynformele domein, sawol mûnling as yn it social media ferkear. De belangstelling ûnder de jongerein nimt ek ta. Dat blykt út it sukses fan nije inisjativen as de Praat-mar-Frysk kampanje en de Heit&Mem beurs. Dy positive hâlding moatte wy brûke om it klimaat foar it Frysk yn it ûnderwiis te fersterkjen. Dat berikke wy net troch hieltyd de klam te lizzen op mear lestiid yn it ûnderwiis, deagewoan om’t dy der net is of om’t it Frysk in minder hege prioriteit hat.

De skoalle fan de takomst jout nije kânsen troch it oanbod fan taal en kultuer fan Fryslân net allinnich yn it learplan op te nimmen, mar ek de ferbining mei bûtenskoalske aktiviteiten te lizzen, yn foarlêzen, skriuwen, toaniel, muzyk, skiednis en sport. Dêr kinne de aktiviteiten fan ynstellings en ferienings en de kennis en kunde fan âlden yn behelle wurde. Dat soarget derfoar dat dy domeinen, dêr’t it Frysk in sterke posysje hat, yn de skoalle yntegrearre wurde. Dat jout yndirekt in stimulâns oan de wurdearring foar it Frysk en liedt der mooglik ek ta dat leararen en bern de taal better yn ’e macht krije wolle.

De les fan de Afûk is dat it Frysk yn de mienskip in better plak krije moat (troch ferbining mei bûtenskoalske aktiviteiten), sadat it fak Frysk en it brûken fan de Fryske taal in stevigere posysje krije yn it ûnderwiis.

Krimp as kâns
Sjoen it ynwennertal fan Fryslân hawwe wy yn ferhâlding in soad skoallen. Lanlik is der ien skoalle op de 2500 minsken, wylst dat yn Fryslân ien op de 1150 is. De kommende jierren sille de lytsere (plattelâns)basisskoallen faker fusearje. Skoallen sille mear meiïnoar gearwurkje moatte en kwalitatyf heechweardich ûnderwiis soe foarop stean moatte. Dat biedt ek kânsen foar it Frysk yn it ûnderwiis. It byinoar foegjen fan skoallen liedt ta mear romte yn de formaasje om stipetaken en in better taalbelied út te fieren. Dêr soene wy op ynspylje kinne. Dêrneist biede skoallokaasjes ek berne-opfang oan. De kombinaasje fan ûnderwiis en opfang is in kâns foar it Frysk. Der binne foar pjutten al ferskillende Fryske materialen ûntwikkele yn de foarm fan it Tomke-projekt en de Sânglês-rige. Mar ek foar it primêr en fuortset ûnderwiis is der oantreklik Frysk materiaal. Dy materialen moatte útwreide wurde mei bûtenskoalske materialen foar bern fan 0-12 jier. Dy materialen soene foaral leuk wêze moatte en it positive gefoel foar it Frysk stimulearje moatte. It oanbieden fan dy materialen kin derta oansette dat it Frysk yn de takomst ek yn de mienskip, by sport en kultuer de fiertaal is en bliuwt.

De les foar de Afûk is om de kânsen fan de krimp te benutten en om neist de oandacht foar it Frysk yn skoalle ek oandacht te hawwen foar de opfang bûten de skoalle.

 

Wim de Boer is projektkoördinator ûnderwiis by de Afûk

Comments
4 reaksjes oan “Dát moatte wy mei it Frysk yn 2020”
  1. Teo de Groot schreef:

    Het was een goede bijeenkomst. Wat mij opvalt is dat de Fries eigenlijk wat meer trots zou moeten zijn op het Fries.
    Bewustwording van de voordelen die het opgroeien in een meertalige omgeving met zich mee brengt en wat het uiteindelijk doet met de algehele ontwikkeling van kinderen zou de omslag moeten brengen.

    We praten niet meer over opleidingen voor ‘diep Friezen’ maar voor inwoners van Europa. Europees staatburger zijn we allen. Laten we ons voordeel doen met alle onderzoeken die er ook al zijn geweest binnen Europa en onze kinderen ontwikkelen en floreren in een meertalige omgeving. Zie ook nieuwe beleidsnota van de provincie die nu niet alleen is geschreven voor het Fries, maar waarin Fries deel uitmaakt van de taligheid binnen Europa.

  2. Tjeerd Kooistra schreef:

    Op de konferinsje is it prachtich om te sjen en te priuwen oan it grut tal mooglikheden en kânsen foar it Frysk fan no en fan de takomst. Troch in breeddroegen gearwurking is der genôch mooglik. Tink dêrby oan it beskikbere ûnderwiismateriaal, de meartalige skoallen en it breed útfieren fan de trochgeande learline op de skoallen yn Fryslân. Fan Frysktalige berne-opfang oant it eksamen Frysk yn it fuortset ûnderwiis. Wat my oanbelanget mei it tema duorsemheid ek seker net ûntbrekke. En dat alles foar in moaie, duorsume Frysk Taal en Kultuer yn in duorsume wrâld. Om grutsk op te wêzen.

  3. Houkje Rijpstra schreef:

    In goed ding om ris mei minsken út ferskillende hoeken dy’t mei it Frysk te krijen ha, te bepraten wêr’t it hinne moat. Opfallend hoe ’t de mieningen útinoar rinne en wêr’t de klam op leit. Myn oertsjûging is dat je mei drammen neat berikke, dat je op in positive wize mei de taal dwaande moatte. Sadwaande ek myn wurdearring foar de Praat-mar-Frysk kampanje. Mar tiden hawwe tiden en fansels moatte nije media brûkt wurde om oan te sluten by nije doelgroepen. Ik sjoch sels dat jongerein op facebook, twitter en whatsapp hieltyd faker Frysk brûkt. In goed ding fansels, mar de kwaliteit fan dat Frysk, dêr giet de grize je betiden fan oer de grouwe… Ik wol gjin skerpsliper wêze, mar dêr sil echt aksje op ûndernommen wurde moatte, sûnder dêrby belearjend te wurden, sûnder in positive taalhâlding oan te taasten en sûnder negatyf te wurden. Gjin maklike opjefte… Hoe’t je dat oanpakke moatte, dat mis ik noch yn de lessen fan de Afûk.

  4. Meindert Tjerkstra schreef:

    Der wurde prachtige foarbylden neamd hoe’t it Frysk in better plakje krije kin yn it ûnderwiis. Mei namme op ICT gebied is der in wrâld te winnen en dy wrâld wurdt ek neamd. Dochs kin it op mei wol wat konkreter. Der is yn Amearika in rekkenmetoade (Khan academy) ûntwikkele dy’t allinnich mar online is. Dat betjut dat bern filmkes te sjen krije, oefeningen dogge en sa fierder. As se it net snappe dan docht dat bliken út de statistiken pagina. Dan komt de learkrêft coaching jaan. Sa’n soarte fan metoade moat der ek yn it Frysk komme, om my wurdt it oersetten.
    Dat selde soe ek barre moatte mei online games. Werom wurde dizze net oersetten yn it Frysk. Facebook is foar in grut part oerset yn it Frysk en dit wurdt troch in protte minsken brûkt.

    Der binne op dit stuit trijetallige skoallen. Ik mei ek wurkjen op sa’n skoalle. It is in prachtich konsept mar feit bliuwt wol dat it materiaal foar it Frysk beheind is. Der binne allegear losse boekjes foar bygelyks biology en ierdrykskunde. Mar skoallen hawwe ferlet fan materiaal mei in trochgeande line. It leaust yn in boek foarm. Online kin ek.

    Om Frysk te learen is Studio F op ‘e merk. De metoade is fierstente te dreech om te brûken. Fjouwer nivo’s yn in groep is echt net te dwaan. It staveringsboekje is wol moai en brûkber. Mear fan dat soarte oefenings mar dan online.

    As bern yn groep 1 en 2 sitte hawwe se kâns om it Frysk te learen. As se it letter leare moatte dan hawwe se der mear muoite mei. Yn groep 1 en 2 moat der oandacht foar komme. Bern dy’t sterk yn taal binne kinne hiel maklik it Frysk oppakke. Op protte skoallen is der no nauliks oandacht foar. It Cedin soe in soarte fan praat programma ûntwikkelje moatte. Hoe krij ik de beukers oan it Frysk. Ik tink dan ek oan de trochgeande line mei de pjutteboartersplakken.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.