Mata Hari is hot

Publisearre op 30 september 2016

ARJAN HUT – 

Dan hinget it blykber yn de loft en binne ferskate minsken, sûnder dat se dat fan inoar witte, mei Mata Hari dwaande. Angela Wind, Pr-meiwurker by de Arbeiderspers, is ferheard. “Afgelopen dinsdag verscheen het nieuwe boek, ‘De Spion’, van Paulo Coelho in het Nederlands!” De Spion is basearre op it libben fan Margaretha Zelle, alias Mata Hari. “Het is puur toeval.”

Wind is spesjaal yn Ljouwert delstrutsen foar de presintaasje fan in oar boek, ‘Denk niet dat ik slecht ben’. De presintaasje is by Tresoar yn de Gysbert Japicksseal. Moandei pas is der, ûnder embargo, in parseberjocht útgien. Mar juster hat de NOS al west te filmjen en faaks komt it fannejûn op de televyzje. Mata Hari is ‘hot’.

 

Bysûnder is dat it boek fan Coelho ek yn it Frysk ferskynt.

 

‘Denk niet dat ik slecht ben’ is een tsjokke útjefte mei leafst 48 brieven fan en oer Zelle, allegear út de tiid foardat har libben as eksoatysk dûnseresse begûn. Unbekende brieven en ek tolve foto’s, se waarden oan Tresoar oanbean troch Edmond Angenot, oerpakesizzer fan Edward McLeod, in fertrouweling fan Mata Hari. Sy wie troud mei in oare McLeod, Rudoph, it swarte skiep fan de famylje.

Angenot fertelt oer de reis fan de brieven dy’t yn de rin fan de jierren fan generaasje op generaasje trochjûn waarden, mar altyd ferburgen bleaune op souder. Oant no. Hy tanket redakteur Lourens Oldersma fan Tresoar foar al it wurk dat dy dien hat om de brieven as boekútjefte ûnder de minsken te bringen.

De Braziljaan Coelho is ien fan de populêrste skriuwers fan de planeet. Hy hat 28 miljoen folgers op Facebook allinne al, fertelt Wind, dy’t wilens siket om kamera’s en parseberjochten ompartet oan de oanwêzigen. Dochs is er lang sa bekend as dy mysterieuze dame dy’t berne waard yn Ljouwert. De hiele wrâld wit fan Mata Hari. “Coelho heeft zich gebaseerd op de biografieën die bekend waren over haar, maar nee, de brieven die hier nu gepresenteerd worden heeft hij niet meer mee kunnen nemen.”

Coelho hat mei syn roman besocht sa ticht mooglik yn de buert fan de feiten te bliuwen. “Toevallig ook dat hij de roman in de vorm van brieven heeft geschreven. Het begint met een brief aan haar dochter, geschreven vanuit de dodencel. Vandaar uit ontvouwt zich haar levensverhaal.”

It boek hat as slogan ‘Haar enige fout was dat ze een vrije en onafhankelijke vrouw was’. Dochs blykt út it ferhaal fan Angenot ek dat it foar in part needsaak wie dat ‘Gretha’, dy’t wol wend wie oan manlike oandacht, nei har skieding fan McLeod eksoatysk dûnseresse waard.

As Rudolph McLeod nei de skieding syn alimentaasjeferplichtings net neikomt, rekket se yn finansjele need. Se siket om wurk yn Paris en wol graach har dochter oerkomme litte. Se wol in fatsoenlike mem wêze. As it har net slagget de foudij oer har bern te krijen, set se definityf ôf nei Paris. It jier is 1904 en se skriuwt nochris nei ‘neef’ Edward: “Als ik fatsoenlijk wil zijn ben ik doodarm” en “Denk niet dat ik slecht ben, ik doe het alleen uit armoede.”

Bysûnder is dat it boek fan Coelho ek yn it Frysk ferskynt. De skriuwer brocht syn folgers koartlyn op de hichte. It is de 81e taal dêr’t syn wurk yn ferskynd. De Arbeiderspers betocht sels dat in Fryske útefte net misse koe, mar it moast wol hurd hurd. “Begin juni hoorden we dat het boek eraan kwam, op 9 september kregen we het manuscript in het Portugees. Piet Jansen heeft het toen in een recordtempo naar het Nederlands vertaald. Vervolgens zijn we via de Afûk bij Jantsje Post en Jetske Bilker uitgekomen die De Spion naar het Fries vertaalden.”

De Fryske edysje fan de spion wurdt op 7 oktober presintearre yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert. It earste eksimplaar wurdt oanbean oan Tet Rozendal, dy’t takom jier in Mata Hari-mystery tour troch Europa docht. “Komt Coelho zelf ook nog langs?” hifket HSL-direkteur Geart de Vries hoopfol, want hy hat geroften heart. “Nou dat weet ik niet hoor!” laket Wind. Se makket dêrnei dúdlik dat in besite fan sa’n grutte, drokbesette skriuwer sels net hiel warskynlik is. De Vries countert dat Dan Brown oars wol nei Fryslân kaam.

Mar de útjouwer wol wol yn gearwurking mei in grut lanlik deiblêd yn 2017 in Mata Hari-tocht troch Ljouwert organisearje. En sa binne der mear plannen omtrint it ea sa gewoane, Ljouwerter famke Gretha Zelle. Yn de rin fan 2017 wurde ek de lêste fertroulike rjochtbankdokuminten frijjûn en sille wy faaks útfine oft Mata Hari wier in spion wie of inkeld slachtoffer fan politike pr-spultsjes.

Paulo Coelho, ‘De Spion’, de Fryske edysje. De Arbeiderspers, 2016. €18,99

Lourens Oldersma (bes) Denk niet dat ik slecht ben, Margaretha Zelle voor Mata Hari, Bornmeer/Tresoar, 2016

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels