Oeds Westerhof: babyboomers hâlde de fernijing tsjin

Publisearre op 1 november 2002

GRYT VAN DUINEN –

Yn 1997 makke Oeds Westerhof (37) as direkteur fan Keunstwurk syn entree yn de Fryske kultuer. Foar fiif jier woe er it dwaan, dan soe er wol wer sjen. Reden om de balâns op te meitsjen. Wat is der by Keunstwurk feroare en wat fynt er fan it kulturele libben yn Fryslân?

Reorganisaasje

In nije baan hat Westerhof noch net op it each. ‘Je moatte noait spekulearje oer je fertrek foardat je witte dat je fuortgeane. Ik wit op dit momint net oft ik fuortgean. Fan ’t simmer haw ik lang mei it bestjoer praat en sein dat ik ree bin om de reorganisaasje ôf te meitsjen.’

De lêste jierren is der by Keunstwurk heel wat feroare. Tal fan aktiviteiten dy’t earder yn it Fryslânhûs te Ljouwert plak fûnen, binne ferhuze nei de poadia ‘dêr’t it gebeurt’. De Jeugdteaterskoalle hat in plak krigen yn de nijbou by Tryater oan de Oostersingel yn Ljouwert, de byldzjende keunst giet aanst nei de Infirmerie ta. Oer de húsfesting fan de dûnswurkpleats wurdt praat mei Parnas, Centrum voor Kunsten. Foar de ôfdieling muzyk wurdt noch socht om in goede lokaasje; dat soe bygelyks by ien fan de muzykskoallen wêze kinne.

– Wat bliuwt der sa oer fan Keunstwurk?

‘Us hierkontrakt rint hjir op 1 maart 2004 ôf. We hâlde allinnich de managementkearn en in projektburo oer dy’t buro’s noadich hawwe. It Fryslânhûs is in prima kantoarlokaasje. Mar, wa wit, geane we ek wol nei de Infirmerie ta. Keunstwurk sil sa net bestean bliuwe en dat is ek net slim. Organisaasjes moatte noait in permaninte steat hawwe.’

‘Fyftigers en sechstigers, dat binne de minsken “dy’t it witte”; jongere generaasjes “moatte it noch fine”.’

Bern en jongerein

Keunstwurk komt fuort út de Fryske Kultuerried en de Stichting Kunstzinnige Vorming Friesland (SKVF). Produsearre de Fryske Kultuerried earder noch nota’s foar de Provinsje, de klam by Keunstwurk leit, no tweintich jier letter, alhiel op it útfierende wurk.

Wat is der ynhâldlik bard de ôfrûne fiif jier?

‘We rjochtsje út folle sterker op bern en jongeren. Dat is in beweging dy’t ik út ein set haw. Ik tink der wol in ferskowing fan tweintich persint yn jild en enerzjy west hat yn dy rjochting. As we no bygelyks de kar meitsje moatte om oeren te stekken yn De Kriich, in toanielkriich foar folwoeksenen, of yn in jongerenfestival, dan kieze we foar it lêste.

‘We binne de grutste programmeur foar bern yn de leeftiid fan de basisskoalle. We bemiddelje dûns- en muzykfoarstelling foar 35 tûzen bern, in taname fan 20 tûzen yn de lêste jierren. En we wolle net allinnich ynfesteare yn jongeren as konsumint, mar it harren foaral sels dwaan litte. Der hat in enoarme fersterking west foar de jeugdorkesten. We hawwe in harmony-orkest, in brassband, in jeugdkoar, in akkordeonorkest en op 1 jannewaris 2003 komt it Frysk Jeugd Orkest der ek noch by. De diriginten binne by Keunstwurk yn tsjinst en wurde troch ús begelaat.

‘It soe ek moai wêze at der in beweging op gong kaam om de popinisjativen dy’t yn Ljouwert spylje te konsintrearjen. Theater Romein is net in geskikt poadium, dat is in monumint en dêr moatte je net oankomme. Dat te bestimpeljen as poppoadium is in polityk statement, mar it hat neat te krijen mei de feitlike kreaasje fan in poppoadium. Der soe earne nijbou binnen de grêften komme moatte, kombinearre mei de komst fan de Popakademy.’

‘Je hawwe al in bepaald opliedingsnivo en in bepaalde leeftiid noadich om je komfortabel te fielen at je de Ljouwerter Harmonie yn gean. Jongeren sjogge ferdwaald om har hinne.’

De twadde helte fan it libben

Oeds Westerhof syn ambysje foar de takomst leit by organisaasjes dy’t in belangrike maatskiplike posysje ynnimme, dy’t foarm jouwe oan de mienskip. Dat kin wêze op it mêd fan kultuer, ûnderwiis, polityk, mar ek by de media.

‘Ik fyn dat der yn in maatskippij foar alle aspekten evenredige oandacht wêze moat. Dat jildt ek foar organisaasjes sels, ferskillende kwaliteiten fan minsken moatte oan bod komme. As in organisaasje iendiminsjonaal in bepaalde kant út giet, dan fyn ik it altyd ynteressant om de oare kanten sjen te litten. Mei Simmer 2000 wie der bygelyks in ôfgryslike eufory-stimming oer it Fryskwêzen, dan fyn ik it aardich om yn in projekt sitten te gean dat dat relativearret.’ [Westerhof die mei yn it Pylgerprojekt fan it Frysk Festival. Hy spile de rol fan kolonel yn in Frysk leger. Stutsen yn in soarte fan operettepakken, ûntwurpen troch keunstner Auke de Vries, waard it Frysk nasjonalisme ironisearre.]

– Wiest benaud foar dy eufory?

‘Nee, alhiel net. It ferline jout gjin inkelde oanlieding bang te wêzen foar Frysk nasjonalisme. Dy nostalgy fan Simmer 2000 hie mear te meitsjen mei dy generaasje as mei it Fryskwêzen. Minsken yn de twadde helte fan har libben binne sterker oriïntearre op wat west hat.

‘En ast sjochst nei de kultuersektor yn Fryslân dan is it logysk dat der safolle omtinken is foar dat type aktiviteiten. Gean ris nei wat de gemiddelde leeftiid is fan de bestjoerders yn de kulturele organisaasjes, sjoch ris nei de direksjes fan de ferskate ynstellingen. No ja, direksjes wikselje dan noch wolris, mar wat dêr ûnder sit, sit der faak al jierren. Nim no Omrop Fryslân, de Harmonie, Tryater, it Posthús op It Hearrenfean, de Koornbeurs yn Frjentsjer – it binne foar tachtich, njoggentich persint fyftigers en sechstigers dy’t it dêr foar it sizzen hawwe.’

Mar wat merkst dan fan dy oriïntaasje op it ferline?

‘No sjoch, minsken hawwe ferskillende fazen. Fyftigers, sechstigers, dat binne de minsken ‘dy’t it witte’ en jongere generaasjes ‘moatte it noch fine’. It iene is net better as it oare, it is beide noadich.’

En do bist it type dat it noch fine moat?

‘Ja, absolút. Ik haw de wiisheid net yn pacht.’

Do tinkst dat dy organisaasjes oare produkten bringe soenen as der jongeren oan it bewâld wienen?

‘Ja, ik sjoch ik in grut ferskil tusken bestjoerders fan yn de tritich en yn de fyftich. Dat merkst daliks. Minsken bouwe har referinsjekader op tusken har achttjinde en har trije-en-tweintichste. Dat is harren útgongspunt.’

Mar neam no ris in foarbyld. Wat soe der bygelyks yn de Koornbeurs oars wêze moatte?

‘Ik fyn dat wat ferfelend om oer te praten, omdat myn foargonger René Douma dêr sit. Mar nim no de ambiânse fan teaters. As de direksjes har identifisearje soenen mei in groep dy’t wat jonger wie, dan soenen de entrees der al oars útsjen. Je hawwe al in bepaald opliedingsnivo en in bepaalde leeftiid noadich om je komfortabel te fielen at je de Harmonie yn gean. Sjoch mar ris hoe’t in groep jongeren reagearret at se binnenkomme. Dy sjogge ferdwaald om har hinne.’

Ja, miskien at se der foar it earst binne.

‘Nee, omdat it harren jas net is.’

– Je hawwe al in bepaald opliedingsnivo en in bepaalde leeftiid noadich om je komfortabel te fielen at je de Harmonie yn gean. Sjoch mar ris hoe’t in groep jongeren reagearret at se binnenkomme. Dy sjogge ferdwaald om har hinne.’

Hoe soest it dan ha wolle?

‘Ik sis net dat it mis is.’

Ja, dat seist wol: it moat oars.

‘Nee, ik sis: at je sjogge nei it byld yn de kultuersektor dan moat je der foar soargje dat je lykwicht hawwe yn it oanbod en dat lykwicht sit net yn dy organisaasjes.’

Mar wat moat der dan oan de entree fan de Harmonie feroarje?

‘Ast mei jongeren wurkje wolst dan moat de entree yntimer wêze. Dy fyn ik te romtelik, te abstrakt.’

Mar yn de Harmonie komme dochs ek in protte jongeren? Se rjochtsje har dochs op alle leeftiidskategoryen?

‘Is dat sa? Neffens my net. Se hawwe wol foar elkenien in oanbod, mar it mienskiplike gefoel, de útstrieling fan it gebou, is tritich plus.’

‘De kulturele sektor yn Fryslân mikt tefolle op in âldere doelgroep.’

Fyftich-plus goarre

Geandewei krijt it petear mei Oeds Westerhof hieltyd mear it karakter fan in diskusje. Oeral sjocht er de hân fan de fyftigers yn:

‘Nim no Omrop Fryslân. Foar jongeren binne der kwalik programma’s. Ja, edukatyf, mar net ferdivedearjend. Fiif minuten Bear Boeloe foar de lytskes, mar foar de rest is der neat. Trayter hat in protte op nostalgy basearre foarstellings. Nim no dy hele Ierlân-sysklus, of Baarderlân. Dat is in tema dat ik my noch krekt foarstelle kin, mar dan is it ek gebeurd.

‘Myn ferhaal is net dat je absolút wat oars kieze moatte, mar dat it lykwicht der net is. It ‘gefoel fan no’ soe mear oerdroegen wurde moatte. De kulturele sektor yn Fryslân mikt tefolle op in âldere doelgroep. Der is in heel grut ferlet om de Fryske kultuer te aktualisearjen. De partisipaasje is heel grut. Sjoch nei de besite oan kulturele foarstellings, de ynset fan de minsken om yn doarpen en stêden fan alles op te setten, it sukses fan de sutelaksje. Dy ynteresse moast keppelje oan in nije generaasje fan ‘makkers’, want oars is it in ôfrinnende saak.’

It bestjoer fan Keunstwurk is ûnderwilens foars ferjonge. It is net langer fyftich plus. Westerhof: ‘De gearkomste ferrint no ek fûneminteel oars. Jongeren hawwe minder de oanstriid om harren op it fjild as gehiel te konsintrearjen, mar sjogge heel dúdlik nei de dynamyk fan de eigen organisaasje. Se tinke yn termen fan doelgroepen, delegearre ferantwurdlikheden, prestaasjes. Want dêr binne se yn opgroeid. Ik fyn it ferrukkelik dat sa’n bestjoersgearkomste dan seit: Dit is allegear prachtich, mar wer giet it no eins om? Dat is it ferskil tusken de generaasjes fan de jierren sechstich en de jierren tachtich.’

Ik (52) bring Westerhof yn ’t sin, dat dizze ferjonging ek wolris kontraproduktyf wêze kin. Doe’t ik yn it bestjoer fan it Frysk Festival 2000 siet, haw ik meimakke dat we troch ‘de fiksaasje op leeftiid’ in wurdearre bestjoerslid kwyt rekke binne. Westerhof fynt it net ‘etysk’ dat ik dêr oer begjin. As sjoernalist soe ik net oer dy ynformaasje beskikke kinne, want it is doetiids net nei bûten brocht. En ik moat goed begripe dat it net om ien persoan giet, mar om it totale lykwicht yn in bestjoer.

‘Alderen sitte oan de top. Dat jildt foar de folle breedte. Sjoch no ris nei de beslútfoarming oer de Popakademy dy’t yn Ljouwert komme moat. De minsken dy’t dêr oer gean binne Maarten Requin, Hanzehogeschool Grins, Hans Mensink, NHL Ljouwert, wethâlder Gerrit Krol fan Ljouwert en de deputearren Bertus Mulder en Jan Ploeg. Allegear frijwol itselde profyl, tusken de fyftich en de sechstich. Wêrom it konsept ûntwikkelje litte troch dy bestjoerders? Se moatte der oare minsken ferantwurdlik foar meitsje. Bygelyks sa’n Jan Pier Brands, de foarsitter fan Friesland Pop, in jonge fan begjin tritich. Dy soe absolút it fermogen hawwe om dat te lûken.’

De fyftich-plus goarre manifestearret him ek bot yn de polityk. De babyboomers meitsje ek dêr de tsjinst út. Wolle jongeren dan wol yn de polityk?

‘De âlderen slute it sels ôf en dan krije je dy reaksje. Der wurde faak besluten naam dy’t ta doel hawwe it besteande te beskermjen ynstee fan foar it nije te kiezen. Ek by myn eigen partij, de Partij van de Arbeid. Minsken kinne har no oanmelde as kandidaat-Steatelid, mar dêrnei wurdt it wer yn achterkeammerkes besletten troch babyboomers. Sjochsto it gebeuren dat in party in ridlik goed funksjonearjende deputearre, of teminsten ien dy’t yn fjouwer jier gjin ‘brokken’ makke hat, dat se dy ferfange troch in oaren?’

Hawwe we it no oer Bertus Mulder?

‘Nee, ik net, do wolst it hieltyd oer minsken hawwe.’

Ik tocht dat it dêr op sloech. Mar wat is dyn krityk?’

‘Se binne der yn fjouwer jier net yn slagge om in nota wolwêzen ferskine te litten. Dat fyn ik echt heel min.’

Wat hie dêr yn stean moatten?

‘Se hienen yngien moatten op trije kearnpunten fan belied: de grutte ûnfrede yn dizze maatskippij, dy’t nei myn idee komt troch in gebrek oan bining, it sykjen fan minsken nei in mienskiplike identiteit en de problemen yn it Fryske ûnderwiis. It mei dochs net foarkomme dat Fryske bern it yn it ûnderwiis minder dogge as bern yn de rest fan ús lân. En wat my ek steurt is dat der net mear oan goed ûnderwiis yn de Fryske taal dien wurdt.’

Fynst it Frysk belangryk?

‘Ja, it is in stevich ûnderdiel fan ús kultuer. It hat in sizzenskrêft. It is belangryk allinnich al omdat de minsken hjir dy taal prate.’

Ek mei de komst fan de LPF sil der gjin inkelde politike fernijing komme. Want it binne hieltyd wer de babyboomers dy’t nei foaren komme.

Westerhof: ‘Sjoch nei Pim Fortuyn. Dat wie in typyske eksponint fan dy generaasje. Sy sieten sterk yn in opgeande tiid, hienen massale wurkgelegenheid, se bespilen de sosjale ynstituten, de fakbûnen, de oerheidsynstellings. It is harren slagge om mienskiplik de achterdoar goed ticht te mitseljen. Doe’t der yn de jierren tachtich besunigings wienen, moasten de lettere generaasjes dêr foar opdraaie. Babyboomers kamen iendiminsjonaal foar har eigen belangen op. Allinnich foar harsels. Se behearskje it maatskiplik bestel, oeral sitte se, yn alle subsidiearre organisaasjes. Je sjogge dan ek net foar neat dat oare generaasjes der foar kieze om dêr net yn te partisipearjen, omdat se witte dat der in plafon is. De rekken foar dy sitewaasje krije we no presintearre: te min dosinten, te min toskedokters, te min ferplegers, te min dokters, te min wittenskippers en aanst in oerskot oan IT-ers, akkountants en bedriuwsadviseurs. Want dy sektoaren stiene wol iepen foar nije minsken.’

‘Ik fyn it heel noflik om âlder te wurden. Ik ha it gefoel dat je der wizer fan wurde. Je kinne better kieze.’

Wizer wurde

Silst sels feroarje ast fyftich bist?

‘Wizer, hoopje ik.’

By hokkjer groep silst hearre? De groep, ‘dy’t it wit’?

‘Ja.’

Dus dan bist âld.

‘Ik fyn it heel noflik om âlder te wurden. Ik ha it gefoel dat je der wizer fan wurde. Je kinne better kieze. It is riper. Ien fan de punten dêr’t de babyboom-generaasje fiersten te let – en foar in part noch net iens – mei begûn is, is wat Marcel van Dam sei: ‘As jim ús fan de troan hawwe wolle, stiet ús der dan fan ôf’. En dat is no krekt net de attitude fan ien dy’t wizer wurden is.’

Dy stelt syn stoel beskikber?

‘Ja…, ja. En stiet dan ek ta dat dejinge dy’t op dy stoel sitten giet, alle fouten en brokken makket dy’t er sels ek makke hat. Jesels iepen stelle en iepen bliuwe, dat is it punt.’

No future

In dei letter tref ik Oeds Westerhof noch in kear. Ik sis dat it my fernuvere hat, dat by it petear oer de kultuer yn Fryslân it aspekt fan de leeftiid hieltyd foarop stie. Dêr blykt in ferklearring foar te wêzen. Westerhof hearde by de ‘no future-generaasje’, de generaasje dy’t yn de jierren tachtich gjin kânsen hie. It makke net út wat je studearren, der wie dochs gjin wurk. Nei syn stúdzje Nederlânsk wie der gjin plak yn it ûnderwiis, ek yn de wittenskip wie gjin trochstreaming. It tilde dêr op fan de net-funksjonearjende babyboomers, dêr’t neat oan dien waard, seit er. Dy generaasje naam de beskikbere romte yn, at se har wurk no goed dienen of net.

Westerhof: ‘Ik hie binnen de fakgroep Nederlânsk meardere dosinten dy’t regelmjittich net les joegen om ’t se dronken wienen. Dêr waard neat oan dien. Tagelyk moasten assistinten yn oplieding foar de helte fan it jild op tydlike basis it wurk opheine. Hjoed de dei sitte dy selde dosinten der noch, of hja binne mei de vut.’

Westerhof hat dochs net te klaaien? Hy waard al op syn twa-en-tritichste direkteur fan Keunstwurk. En noch in gelok dat er gjin frou is! Dat moat er tajaan, mar it bliuwt net te fertarren dat de fyftigers en sechstigers ek no noch foar master opslagge.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 1 (2001) 2 (novimber) s. 13-16.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels