Muzyk en mins dûnsje tango fan fertriet

RYNK BOSMA –  Fjouwer mannen yn wite pakken hoedzje mei harren muzyk oer it fertriet fan it libbensferhaal fan Elise. Net as ‘ivoren wachters’ mei út stien byldhoude gesichten dy’t harren rideltsje spylje. Nee, it ferhaal fan Elise is fan de gesichten fan Gurbe Douwstra syn muzikale kar Jan de Vries, Wander van Duin en […]

Tusken wite sjarretels en in swarte wale leit de alsidigens fan Tet Rozendal

ELSKE SCHOTANUS –  Yn de grutte seal fan Hotel Oostergo yn Grou sille sûnder mis tal fan trouresepsjes holden wêze. It is dêrmei in tapaslike lokaasje foar Tet Rozendal har foarstelling Nachtvlinder dêr’t de leafde sintraal yn stiet. ‘I need love’, sjongt sy by it opkommen, ûnder de muzikale begelieding fan Eric de Reus, dûnsjend […]

Mata Hari is hot

ARJAN HUT –  Dan hinget it blykber yn de loft en binne ferskate minsken, sûnder dat se dat fan inoar witte, mei Mata Hari dwaande. Angela Wind, Pr-meiwurker by de Arbeiderspers, is ferheard. “Afgelopen dinsdag verscheen het nieuwe boek, ‘De Spion’, van Paulo Coelho in het Nederlands!” De Spion is basearre op it libben fan […]

Yn ’e dize fan tiid slacht in bern op ’e trom

JOB DEGENAAR – Wilco Berga is vooral schrijver en beeldend kunstenaar. Hij is de maker van een indrukwekkend aantal boeken. Zijn jongste publicatie, de verhalenbundel ‘Dat it streamt‘, dateert van 2011. Naast verhalen schreef hij vooral romans, poëzie en toneel. Als beeldend kunstenaar maakte hij schilderijen, pastels, lino’s en diverse objecten. Op het gebied van […]

Wilco Berga bringt cd út

TSJOMME DIJKSTRA –  De Harnzer dichter, skriuwer en keunstner Wilco Berga bringt yn de simmer in cd út mei eigen lieten. Berga hat it grutste part fan de lieten (tekst en muzyk) sels skreaun. Twa lieten binne oersettings fan Jacques Brel en der is ek in cover fan Bob Dylan by, mei in eigen tekst. […]

Iepenloftteater Hebeca

Op slippers kuiert er foarsichtich lâns brânnettels, toarnen en stikels. Regisseur Dirk Bruinsma (1985) fûn hjir tusken de reidplûmen fan de Broeksterpolder by Jistrum syn dreamlokaasje foar it iepenloftteaterstik Hebeca. Oan ’e iene kant de wyldernis en widens fan de Burgumer Mar, oan de oare kant de strakke kontoeren fan de elektrisiteitssintrale fan Electrabel. It […]

It wûnder út ‘e Wâlden

MARIEKE VINCKERS –  It is fansels de fraach oft we it hjir hawwe oer it wûnder dat Tet Rozendal hjit, of oer it teaterstik dat Tet skreaun hat. It Wûnder út ’e Wâlden giet oer dokters út in fier ferline, dy’t der krekt wat oare genêswizen op nei holden. Duvelbanners, wûnderdokters, piskikers, Tet kin der […]

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.