Diet Huberpriis foar Mirjam van Houten
De earste Diet Huberpriis, ornearre foar it moaist yllustrearre berne- of jongereinboek, giet nei By Beppe Utfanhûs, skreaun en yllustrearre troch Mirjam van Houten (Beetstersweach, 1977). De sjuery, dy’t bestiet út Susan van den Berg, Margaretha Cats en Dolf Verroen, krige tweintich boeken foarlein, dêr’t nei earste skifting fiif fan oerbleaune. Boeken mei in grut […]
Elske Schotanus: dingen ûntstean ûnder myn hannen
PAUL VAN DIJK – It is maitiid yn ’e tún fan Elske Schotanus (1957). We sprekke elkoar op in sinnige moandeitemoarn op It Hearrenfean oer har boek Kyra − In skiednis dy’t spilet yn it Jier fan de Rôt. De earste Fryske graphic novel, wêryn’t neat is wat it liket. De skriuwster, byldzjend keunstner en […]
By de 100ste bertedei fan Anne Wadman
PIETER DE GROOT – Alle lof foar soan Thys dat er op it idee kommen is fan dit skriuwersprinte- anneks tinkboek en foar de Afûk, dy’t fuort ree wie en jou it út, tsien jier neidat de Friese Pers Boekerij syn oarlochsomnibus útjûn hat, de werútjefte fan trije romans yn ien bân. In jier letter, […]
Under de Goetheturm
HEIN JAAP HILARIDES – Ik bin mei fotograaf Henk Bleeker ûnderweis nei de Frankfurter Buchmesse. It is striemin waar en it avesearret net bot, dat wy komme net fierder as Köln. By it Hauptbahnhof fine wy in parkearplak dêr’t Henk de bus kwyt kin. Wy ite yn in restaurantsje oan de Ryn en helje noch in pear bier yn Papa Joe’s Jazzbar. It New Orleans dixieland-bandsje yn de âldste […]
Prate yn de leechte fan in nije wrâld
ARJAN HUT – De bondel ‘Hingje net alle klean op deselde kapstôk’ ferskynt rûchwei in jier neidat Tsead Bruinja beneamd is ta Dongeradichter. Ien fan de gedichten, it lange ‘foarlopich lân’, wurdt in pear kear yn de wike fan it OBE-paviljoen ôf op de Aldehou projektearre. De twatalige útjefte (Fry/NL) is opmakke as in hantlieding, […]
Taal as ien grut feest
MARITA DE JONG – De taal fiere yn in eigen frijsteat, mei it Frysk yn ’e haadrol. Dat is it útgongspunt fan Lân fan Taal. Yn 2018 wurdt Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa. Dêr is Lân fan Taal in belangryk ûnderdiel fan. Konneksje meitsje mei elkoar, dat is ien fan de funksjes fan taal. Mar […]
Mata Hari is hot
ARJAN HUT – Dan hinget it blykber yn de loft en binne ferskate minsken, sûnder dat se dat fan inoar witte, mei Mata Hari dwaande. Angela Wind, Pr-meiwurker by de Arbeiderspers, is ferheard. “Afgelopen dinsdag verscheen het nieuwe boek, ‘De Spion’, van Paulo Coelho in het Nederlands!” De Spion is basearre op it libben fan […]
Ernst Bruinsma yn ‘Op en út’
Dizze boeken bespruts Ernst Bruinsma yn it programma ‘Op en út’ fan Douwe Heeringa, foar Omrop Fryslân: – Anne Frank, It Achterhûs. Deiboekbrieven 12 juny 1942 – 1 augustus 1944. Afûk, Ljouwert 2015. Oersetting: Jacobus Smink. www.afuk.nl – Willem Otterspeer, De zanger van de wrok. Willem Frederik Hermans. Biografie deel II (1953-1995). De Bezige Bij, Amsterdam […]
Fryslân en de wrâld 2.0
ARJAN HUT – In smûke sneontemiddei yn de Prinsetún, mar it waaide en reinde allegeduerigen. De polulieren en platanen hollebatsten hoeden op it grize ritme fan in foarjiersstoarm, de moaie wylgebeam by de fiver die lykwols net mei: hielendal koartfike. It paviljoen fan restaurant De Koperen Tuin siet goed fol mei besikers foar de 5e […]
Amarins Geveke fan de Folkshegeskoalle
FROUKJE SIJTSMA – In heal jier lyn is de Ljouwerter Amarins Geveke oansteld as nije direkteur fan de Folkshegeskoalle Schylgeralân op waadeilan Skylge. De ôfrûne moannen hat se benammen de fokus lein op it oanheljen fan Fryske kontakten en it mear bekendheid krijen fan de Folkshegeskoalle. Folkshegeskoalle Schylgeralân stiet midden yn de bosk fan Hoorn, […]