• 9 oktober 2021

    Wolst yn ’e kunde komme mei dyn eigen skriuwstyl, leare om te eksperimentearjen, om te doaren, om it Frysk as skriuwtaal te brûken? Kom dan nei de Skriuwersfakskoalle, opsetten troch Schrijversvakschool Groningen, Tresoar en Ljouwert UNESCO City of Literature. Op tiisdei 12 oktober is der in ekstra yntroduksjeles. Op tiisdei 12 oktober fan 19:00 oant 22:00 oere is der, nei in eardere yntroduksjeles yn septimber, in ekstra yntroduksjeles by [...]

  • Dolf Verroen

    1 oktober 2021

    Dolf Verroen is 92 jier en noch altyd warber as skriuwer. Yn novimber komt syn útjouwer Leopold mei syn memoires mei de nijsgjirrich meitsjende titel: 'Feestelijk, maar vreselijk'. Bert de Jong spruts him foar 'de Moanne' ûnlangs oer syn lange libben en karriêre, Omrop Fryslân stjoert dit wykein de FryslânDOK 'Dolf Verroen - het kind, de schrijver’ út. BERT DE JONG - Schrijven vanuit gevoel voor [...]

  • 17 september 2021

    - ARJAN HUT Swaailjocht stroffelet tusken de beammen troch in ridel sirenes, auto achter auto achter auto oan, in parallelwei tusken nachtmerje en doarp, minske foar sirenes út, bocht de lannen yn, wyld  yn panyk en it gers is as in fûke, in achtbaan fan  slippe, keare en gjin kant mear út. Fûsten bonke op it stjoer, de motor blaft,  koplampe tsjin koplampe, in stampen [...]

  • 10 september 2021

    EVA APPEL - Ha ik no werklik ôfpraat mei Jazmina Barrera? In kuier nei de haven yn de Prinsetún en it is hyt genôch, sa let yn de simmer. Krekt of ha ik koarts, sa fiele myn bonken, miskien moat ik earst wat drinke - of oan de skaadkant fan de dyk rinne, bin der ommers hast. In dei fan fjoer yn septimber en waar [...]

  • 13 augustus 2021

    MARITA DE JONG - De skriuwer K. Schippers (1936 - 2021) is ferstoarn. Marita de Jong ynterviewde him yn 2020 foar De Moanne en spruts mei him oer syn boek 'Andermans wegen, oer syn freonskip mei Thom Mercuur, oer Fryske keunst en keunstners. De schrijver, dichter, essayist en kunstcriticus K. Schippers, pseudoniem van Gerard Stigter (Amsterdam 1936), heeft een band met Friesland. Zijn oma van [...]

  • Testamint fan de siel

    25 juli 2021

    SJOERD BOTTEMA - ‘Wa’t fertelt, kin de hurde wierheid in bytsje stilearje,’ skriuwt Hylke Speerstra oan it begjin fan syn roman. ‘Om de ramp draachliker te meitsjen.’ Dat stilearjen makket de ferhalen tagonklik, ‘dan kinne se – hoe tragysk oft se yn wêzen ek binne – treast bringe en kinne se noch hiel meitsje wat stikkengien is.’ De skriuwer wol tagonklik wêze, mar al serieus [...]

  • It griisstienen wurd

    24 juni 2021

    De coronakrisis hat minsken lang thúsholden. Elske Schotanus ek. Sy tekene, skreau en lies foar út har boek It griisstiennen wurd. De ferhalen spylje op en oer de grinzen fan de deistige werklikheid. De beskreaune wrâld liket gauris sa betroud en eigen, mar dan teart de werklikheid om yn it surrealistyske of hy glydt súntsjeswei fuort yn it mysterieuze. De persoanen bedarje yn in ûnbekend [...]

  • 28 mei 2021

    MARTSJE DE JONG - Jane Eyre, it wrâldferneamde ferhaal fan de jonge faam dy’t nei in ûngelokkige jeugd as gûvernante yn tsjinst komt by de eksintrike Edward Rochester op Thornfield Hall en dêr yn in dekôr fan dramatyske barrens folwoeksen wurdt en de leafde ûntdekt, is nei hast hûndertsantich jier einlik ek yn it Frysk te lêzen. De idealistyske Amerikaan Michael Everson, dy’t yn Skotlân [...]

  • 4 mei 2021

    BERT DE JONG - Grien is de kleur fan Fryslân, mar der binne in protte tinten grien, konkludearret skriuwer Flip van Doorn yn syn boek De Friezen. Al reizgjend hat er socht nei de essinsje fan syn Fryslân. Foar frjemdfolk is it boek om de Friezen te begripen, foar Friezen is it in spegel. Hy hat de wrâld oer reizge, krekt as safolle Friezen yn [...]