Flip van Doorn skriuwt portret fan de Friezen

Publisearre op 4 mei 2021

BERT DE JONG –

Grien is de kleur fan Fryslân, mar der binne in protte tinten grien, konkludearret skriuwer Flip van Doorn yn syn boek De Friezen. Al reizgjend hat er socht nei de essinsje fan syn Fryslân. Foar frjemdfolk is it boek om de Friezen te begripen, foar Friezen is it in spegel.

Hy hat de wrâld oer reizge, krekt as safolle Friezen yn it fiere ferline dien hawwe. Oeral hat er syn fuotstappen set en no is syn thús yn Fryslân. Hy fielt him ien mei de Friezen, mar dochs ek wer net yn alle gefallen. Yn âlve reizen giet Flip van Doorn eardere Friezen efternei, om de minsken fan no mei te nimmen yn de skiednis fan in folk dat altyd reizge, mar yn It Heitelân in beaken hat.

Twaeninheal jier lang duorre syn krewearjen foar it boek De Friezen. It wie foar him in útmakke saak dat it reizgjen dêryn in plak hawwe moast. Safolle boeken en ferhalen hat hy as reissjoernalist ommers al skreaun oer de meast gewoane en ûngewoane plakken oeral op ’e wrâld. Foar in boek oer it lân en de minsken ticht by hûs moast er reizgje om ferhalen in kontekst te jaan. ‘Je bent op je best als je reist, zei mijn uitgever. Zo is het een eerlijk en met respect geschreven portret van de Friezen geworden.’

De spoaren fan Friezen lizze rûnom op ’e wrâld. In tal hat Flip van Doorn socht. Tichtby yn bygelyks Marrum, om it fiere ferline fan de fan Fryske klaai bakte muorren fan de âlde Godehardustsjerke te lêzen en om it spoar te finen fan it Dokkumer Lokaaltsje, dêr’t syn pake oer bearde en song. Krekt op tiid foardat corona útbrekke soe, wie er yn Rome foar in besite oan de Friezentsjerke. ‘Het helpt om ernaartoe te gaan en te beleven. Zonder al die ervaringen had ik in dit boek niet zo de diepte in kunnen gaan.’

Terpen

De skriuwer hat mei eigen eagen sjoen hoe’t it Fryske folk iuwenlang wraksele hat mei it wenjen op en om terpen. Yn it Dútske Noard-Fryslân werkende hy de omstannichheden fan de Friezen fan eartiids. ‘Het was voor mij een heel leerzame reis. Ik heb op de Halligen de essentie van het leven op terpen ervaren en daarmee verbonden de onderwerping aan de complexiteit van de natuur. De bewoners kunnen hun gang gaan, eigen baas zijn, maar tegelijk voelen ze verbondenheid en weten ze dat ze het samen moeten rooien. En vooral het leven op een terp is een leven in balans met de natuur.’

De yngrepen mei oanlis fan hege seediken ha in folle gruttere betsjutting as op it earste each liket, is syn analyze. It libben op terpen en wierden is libjen mei de see. It lake him ta hoe’t de mear as fiif meter hege Halligen as diamanten yn it lânskip in feilich plak biede. Ferbjustere wie er dat de bewenners argumintearje dat se de see nedich ha, want troch it mei eb en floed oanfierde slyk komt der alle jierren in heale milimeter by. De Hallig groeit troch de natuer, dêr wêr’t minsken yn Fryslân de diken opheegje moatte. ‘Het is een les voor de toekomst, wij keren ons van de zee af en het land achter de dijken zakt steeds dieper weg. Je hebt juist complexiteit en diversiteit van landschap en natuur nodig om te kunnen overleven. Daarin zit de kracht.’

Fryslân is eins ien grutte terp, fynt Flip van Doorn. ‘Een eenheid. Maar elke component heeft een eigen karakter. Een dorp staat weer op een eigen terp met daarop een eigen kerk en in elk dorp spreken ze een eigen variant van een gemeenschappelijke taal, hebben ze eigen gebruiken en rituelen.’

Hegebeintum

©Foto: Hoge Noorden / Jacob van Essen

It Magna Frisia is in utopy út it ferline, út de tiid dat de sân Fryske Seelannen derta dienen. Geandewei ha de Friezen it oerjûn oan oaren en is it hjoeddeistige Fryslân harren terp wurden. De realiteit fan no is dat de Fryske taal, de Fryske kultuer en it Fryske lânskip te lijen hawwe. ‘Het roept de vraag op of de Friezen er baat bij hebben om zich terug te trekken op hun terp. Ze zouden hun taal en cultuur meer moeten uitdragen, om juist zo te overleven. Culturele Hoofdstad 2018 is een mooi voorbeeld van hoe het kan.’

Avant-garde

In pearel yn Fryslân is yn syn eagen de avant-garde fan De Stijl, dy’t werom te finen is yn Drachten. Doedestiids waard it antwurd fan Theo van Doesburg op ferfeelsumens en ientoanigens amper begrepen en dienen bewenners der alles oan om harren ‘Papagaaienbuurt’ nei normaal werom te bringen. ‘Het mooiste is om lange tijd alleen te zijn in de museumwoning van het Van Doesburg-Rinsemahuis en je onder te dompelen in de harmonie van het kleurenspel. Daar word ik heel erg blij van. De Stijl, Dada, door toedoen van de schoenmakers Evert en Thijs Rinsema te vinden in Drachten, of all places.’

Flip van Doorn is in leafhawwer fan dy keunststreaming. Yn syn hûs yn Drylts binne de kleurde flakferdielingen fan De Stijl werom te finen as in soarte fan earbetoan. Hy makket de fergeliking mei de hjoeddeistige ynrjochting fan ús lânskip. It liket oft de boeren te goed nei de abstraksjes fan De Stijl sjoen hawwe. ‘Strakke lijnen met grote stukken land en rechte sloten en kanalen.’

It Fryske plattelân is ek syn romte wurden. Opgroeid yn ’e Rânestêd en bereizge yn alle dielen fan ’e wrâld is it hjir as it wenjen yn in paradys. Dochs sjocht er hoe hurd de feroaringen geane. Grutte parten fan it plattelân binne ferwurden ta beamleaze en egale flakten fan grien gers. De bylden fan skilder Ids Wiersma mei moaie lânskippen en de rykdom fan fee en greiden binne dêryn ta syn spyt net werom te finen.

It is folle mear it Fryslân fan de Fryske ekspresjonistyske skilder Gerrit Benner, dy’t mei brede streken en mei weilitten fan details de Friezen in spegel foarholden hat en bygelyks Fryslân presintearre as in lân mei griene greiden, reade dakken en blauwe loften. ‘De kleuren en abstracties spreken me enorm aan. Benner weet in zijn werk de essentie zo goed te raken.’

Stroffeljend

Foar in sjoernalist en skriuwer dy’t boartet mei fiif talen, soe it Frysk gjin inkeld probleem wêze moatte. Dochs is dat sa. Jawis, in kursus fan de Afûk hat him weiwiis makke yn de begjinsels fan bûter, brea en griene tsiis en in grut tal staveringskwestjes. De Fryske taal is dreech om te learen, fynt de skriuwer. De twa- en trijelûden bygelyks, hy kin dêr net goed mei út ’e fuotten. Stroffeljend oer de wurden docht er syn bêst: ‘Ik kin it ferstean, mar net goed sprekke. Dat slagget my net.’

Doe’t er weet krige fan it bestean fan it wurd doerebout wie soks foar him in ynlieding dat er it mei it Frysk nea goed dwaan kin. Wat er ek skriuwt of seit, it Frysk is net syn memmetaal en der is altyd wol in skerpsliper dy’t je soks ynwriuwt. Belearjend is hy ferbettere, omdat it tuorrebout wêze moatte soe. It Frysk Wurdboek wie syn rêding: mear as tweintich alternativen hie er kieze kind, fan lampepûtser oant bollepyst, en dêrta heart ek doerebout.

De Fryske Frijheid manifestearret him yn de eigen taal, is de konklúzje fan Flip van Doorn. De meast deistige dingen kinne yn it Frysk in waaier oan bjusterbaarlik moaie wurden opleverje. Syn observaasjes binne skerp: elke regio, elke stêd en elk doarp hat eigen taalfarianten, elke Fries liket syn eigen Frysk te sprekken. It Frysk is yn syn optyk eins in sprektaal dy’t ûntstien is út de boaiem.

Dat past alhiel by Friezen, dy’t harren net twinge litte troch wetten en regels. De minsken hechtsje oan harren frijheden en de romte om op harren eigen wize te libjen. Syn boek hat as titel De Friezen meikrigen, mar de skriuwer konkludearret dat der hielendal net sprake is fan in homogene befolkingsgroep. ‘Zo wordt er wel naar de Friezen gekeken, het wordt soms zelfs opgeblazen of uitvergroot. En sommige Friezen koketteren juist met dat gegeven om er rechten of bepaalde vrijheden aan te ontlenen. Neem als voorbeeld de Blokkeerfriezen.’

Friezen meitsje harrensels somtiden grutter as dat se binne. Alde myten en sêgen helpe om de heroyk fan eartiids yn te kleurjen. De ferhearliking fan mannen lykas Kening Redbad is noch hieltyd geande, ek al is der de wittenskip dat it justjes oars lei. Dat hy it klearspile hawwe soe om fan keizer Karel de Grote Fryske Frijheid en wichtige rjochten te krijen, it mei hinnebruie. Redbad wie al ferstoarn doe’t Karel de Grote noch berne wurde moast.

Pake

Mear as alve jier ferlyn hat Flip van Doorn (berne yn Zeist yn 1967) him mei frou en bern nei wenjen setten yn Drylts. Praktyske oerwagings lizze dêroan te’n grûnslach. De wenningen binne hjir better te beteljen as ticht by de Rânestêd. En ticht by skoanlju yn Snits is wol sa noflik. Dochs is it mear as dat: ‘Myn pake wie in Fries.’ Dat gegeven is syn hâldfêst by syn krewearjen om de spoaren fan Friezen fêst te lizzen. Pake Roelof Rintjema hie it Fryslân dêr’t er grutsk op wie ferlitten foar in oare úthoeke fan it lân. De Dokkumer jongfeint keas yn 1930 foar Heerlen om as ûnderwizer oan ’e slach te kinnen. Foar him krektlyk praktyske saken dy’t it kompas binne foar jins libbenspaad.

It Paspoart fan Fryslân, dat er as grutsk jonkje fan tolve fan pake krigen hie, kaam fan pas by it finen fan de essinsje: yn alle frijheid kin er him no Fries fiele. En dochs hat er ek de romte om yn Fryslân de posysje fan in skôger oan te nimmen. Hy sjocht yn syn boek De Friezen meastentiids mei in soarte fan oprjochte bewûndering, mar somtiden ek mei grutte fernuvering nei it hâlden en dragen fan de Friezen.

De earebetinking fan de Slach by Warns dêr’t er bywêzich wie, it wie him wêzensfrjemd. ‘Het was een mooie heldere dag, vanaf het klif kon je Enkhuizen bijna grijpen. Ik wilde het denken van de Hollanders van toen leren begrijpen. Het thema was mienskip, maar ik zag een kring van ruggen. Als was het een religieuze dienst met allerlei rituelen. De mensen waren naar binnen gekeerd, er was geen ruimte voor invloeden van buitenaf, de pleidooien gingen over behoud. Ik heb in al die jaren zelden een moment gehad dat ik me zo niet-Fries voelde.’

Yn nasjonalisme skûlet it gefaar. Sa as mei de ferneamde taalstrider Douwe Kalma moat it neffens Flip van Doorn net. Dy hat in protte út ’e wei set foar de Fryske taal en kultuer, mar hy kaam mei syn tinken oer it nasjonale gefoel en eigen Fryske identiteit koart foar de oarloch ticht by de fassistyske Fryske Folkspartij. Better is neffens him hoe’t de bruorren Joast en Eeltsje Halbertsma de belangstelling foar de Fryske taal, literatuer en kultuer oanfitere hawwe en hoe’t it ek in ynstitút lykas Tresoar slagget om foar de minsken de finsters te iepenjen. ‘Het helpt niet om uit behoudzucht je achter de dijken te verschansen. Friezen doen er goed aan zich aan de wereld te laten zien. Door Friezen besef en bewustzijn bij te brengen, maak je als vanzelf stappen voor het behoud van de Friese taal en cultuur.’

 

Bert de Jong is sjoernalist

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels