It iepenjen fan fjoer
– ARJAN HUT
Swaailjocht stroffelet tusken de beammen troch
in ridel sirenes, auto achter auto achter auto oan,
in parallelwei tusken nachtmerje en doarp,
minske foar sirenes út, bocht de lannen yn, wyld
yn panyk en it gers is as in fûke, in achtbaan fan
slippe, keare en gjin kant mear út.
Fûsten bonke op it stjoer, de motor blaft,
koplampe tsjin koplampe, in stampen op it gas,
foar de lêste úthaal, in sprong it ûnbekende yn.
Needsaak. Klinkt yn it tsjuster as fjoerwurk, rûkt as
skroeide hûd. Skuor yn de moanne. Reek út de wûne.
Yn de kearn fan elke knal trillet in gewoane jonge,
de paden bjuster yn in gleone kop, of dreamt er yn it read
dat se him pakke sille? It iepenjen fan fjoer
galmet oer de leane nei it doarp, krûpt fan skrik
ûnder de bêden. Net te rêden, neat, te let. Dizze nacht
mei linten ôfset en ferburgen achter wite skermen.