fotografy: Jantina Talsma

Skriuw dy yn foar de Skriuwersfakskoalle

Wolst yn ’e kunde komme mei dyn eigen skriuwstyl, leare om te eksperimentearjen, om te doaren, om it Frysk as skriuwtaal te brûken? Kom dan nei de Skriuwersfakskoalle, opsetten troch Schrijversvakschool Groningen, Tresoar en Ljouwert UNESCO City of Literature. Op tiisdei 12 oktober is der in ekstra yntroduksjeles.

Op tiisdei 12 oktober fan 19:00 oant 22:00 oere is der, nei in eardere yntroduksjeles yn septimber, in ekstra yntroduksjeles by Tresoar yn Ljouwert. Op woansdeitejûn 3 novimber sette dêr de lessen útein. It lesjild is gewoanwei € 480,- it blok fan tolve lessen, mar dit earste blok kin no mei tank oan in opstartbydrage fan Ljouwert City of Literature foar € 240,- folge wurde.

It earste lesblok fan de Skriuwersfakskoalle is Skriuwtechniken, jûn troch skriuwdosint Welmoed Wijma. De lessen binne op woansdeitejûn fan 19:00 oant 22:00 oere by Tresoar yn Ljouwert (ûnder foarbehâld fan feroarings): 3, 10 en 24 novimber; 1, 15 en 22 desimber 2021; 12 en 19 jannewaris; 2 en 16 febrewaris; 2 en 16 maart 2022.

Op de Skriuwersfakskoalle krigest les fan skriuwers en learst fan inoar. Praatst oer de taal, oer de tekst, learst inoar op goede wize kommentaar te jaan. Bist diel fan de kultuer fan de skoalle.

Opjaan foar de fergese yntroduksjeles op tiisdeitejûn 12 oktober fan 19:00 oant 22:00 oere by Tresoar kin troch in e-mail te stjoeren nei kantoar@skriuwersfakskoalle.frl.

Klik hjir foar mear ynfo oer de Skriuwersfakskoalle.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.