Fjoertoerberjochten

Publisearre op 10 september 2021

EVA APPEL – Ha ik no werklik ôfpraat mei Jazmina Barrera? In kuier nei de haven yn de Prinsetún en it is hyt genôch, sa let yn de simmer. Krekt of ha ik koarts, sa fiele myn bonken, miskien moat ik earst wat drinke – of oan de skaadkant fan de dyk rinne, bin der ommers hast. In dei fan fjoer yn septimber en waar om iis te heljen. Jazmina komt oer út Meksiko. Ha wol foto’s fan har sjoen, se is krekt oer de tritich, hat swart hier dat lang en rjocht oer har skouders falt, donkere eagen dy’t skerp ôfstekke by har ljochte hûd, fjoerreade lippen. Op de foto draacht se in romme, breidene trui. Skriuwers lykje net altyd op harren portretten, hooplik herken ik har.

Earder fan’t jier ferskynde har boek Cuaderno de Faros yn it Nederlânsk: Vuurtorenberichten. Op de foarside in foto fan in readwite toer op in rotseilantsje, ik tink foar de Skotske kust. Hege bergen yn de dize op de achtergrûn, in oerweldigjende see en it stiet op stoarmjen. Ik naam it mei fan de redaksje. Fjoertuorren sprekke my oan. It byld yn alle gefallen, want mei myn hichtefrees ha ik gjin ferlet om ien te beklimmen. In seeman bin ik ek net. Jazmina hat skreaun as in samler, fjoertuorren opsocht oer de hiele wrâld, beskriuwt har aventoeren yn koarte stikjes proaza, ôfwiksele mei essays en sitaten fan oare auteurs.

In útknipt hoekje Friesch Dagblad (Zuidertoren als cultureel centrum fan Schiermonnikoog) waard myn boekelizzer. Even tocht ik der oer om har it artikel te stjoeren, se skriuwt ommers dat dûbele fjoertuorren seldsum binne, mar tusken de sparsume foarbylden hat se it net oer dy twa fan Skiermuontseach. It komt der net fan, en ik lit it hiele plan ôfdriuwe, se skriuwt ek dat se al in bulte foto’s en artikels opstjoerd krige fan entûsjaste lêzers. In soad rigels ha ik ûnderstreke: wurden om op te sykjen (wat is siete potenciasoep?) of passaazjes dy’t ik moai fûn. “De Needless light in Engeland was overbodig voor de zeelieden omdat hij te ver weg stond van de gevaarlijke rotsen en omdat de nevel hem bijna altijd aan het oog onttrok.”

Wat tichter by de Prinsetún, wat mear ik twifelje. Ik wol har sjen litte wat yn it hiele boek nèt foarkomt: in krûme fjoertoer! Dy stie oan de histoaryske Middelsee. Mar dat is lang lyn, fyftjin jier (?) en dy toer wie mear in gimmick, in keunstprojekt as in werklik beaken foar seelju. Wat as Jazmina har fassinaasje al lang oer is? Wêr moatte we it dan oer ha? Ik moat even sitte, op it dak fan de supermerke by de parkeargaraazje en drink blauwe frisdrank út in plestik fleske.

Achter it gymnasium begjint de Prinsetún. By de yngong steane twa stêdswachten, dy wolle yn myn tas sjen oft der gjin drank yn sit. Dan mei ik trochrinne. Oars binne der altiten boatsjeminsken, binne dy der no ek?  It is wol drok. Oeral sitte groepkes jonge minsken yn it gers, op it terras en om de fiver. It wetter stiet heech. Sjoch wol tweintich, tritich froulju mei lang swart hier.

It dûzelet my. Ik sykhelje djip, in kear as tsien, stadich, fiel hoe’t de búk opset en ynsakket. Dan stap ik op ien fan harren ôf. Buenos días!

Vuurtorenberichten, Jazmina Barrera, Uitgeverij Karaat, paperback, 144 siden, isbn 9789079770496

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels