Oersetten is in behâld foar minderheidstalen

Publisearre op 28 mei 2021

MARTSJE DE JONG –

Jane Eyre, it wrâldferneamde ferhaal fan de jonge faam dy’t nei in ûngelokkige jeugd as gûvernante yn tsjinst komt by de eksintrike Edward Rochester op Thornfield Hall en dêr yn in dekôr fan dramatyske barrens folwoeksen wurdt en de leafde ûntdekt, is nei hast hûndertsantich jier einlik ek yn it Frysk te lêzen. De idealistyske Amerikaan Michael Everson, dy’t yn Skotlân de útjouwerij Evertype runt, die wat Fryske útjouwers net doarsten: hy joech de klassiker út yn ús minderheidstaal, ek al sil er dêr gjin sint oan fertsjinje.

Jant van der Weg-Laverman fersoarge oersetting, redaksje en korreksje sels. Fergees, want budzjet wie der fansels net, mar dreaun troch itselde idealisme dat ek Everson yn him hat: de winsk om klassikers út de literatuer beskikber te meitsjen yn minderheidstalen.

‘Ja, dat ik it fergees die wie fansels al wat dûbeld, want ik fyn dat oersetters goed betelle wurde moatte foar harren wurk. Dêr wurdt al te faak op beknibbele. Mar ik ken Everson fan de tiid dat wy mei-inoar gearwurken oan in grut projekt oer alle oersettingen fan Alice in Wonderland wrâldwiid mei as resultaat trije dikke bondels, en ik wit dat hy en ik itselde ideaal diele. De útjefte fan klassikers yn minderheidstalen smyt neat, of teminsten net folle, op en foar Jane Eyre yn it Frysk wie dan ek gjin budzjet. Dêrom ha ik drekt sein dat ik der net in oersetter foar freegje soe, mar it sels wol dwaan woe. Ik hoech der net fan te libjen.’ 

Berneboeken

Van der Weg begûn mei oersetten doe’t ein jierren santich útjouwerij Beintema oanjoech dat der hast gjin Frysktalich materiaal foarhannen wie foar toaniel. Har earste stik wie ‘Roudouns’, fan de Ingelsman David Compton. ‘Dat wie it begjin,’ seit se no, ‘mar ik bin dêr net yn fierder gien. Ik rjochte my al gau op berneboeken en kombinearre dat mei myn stúdzje Fryske Taal en Letteren. Doe’t by de oprjochtingsgearkomste fan it Landelijk Platform Kinder- en Jeugdliteratuur hielendal neat sein waard oer it Frysk, bin ik oereingien en ha frege wat se fan doel wiene te dwaan mei Fryske berneboeken. Dêr hiene se net iens oan tocht, it wie echt in eyeopener foar harren. En se ha dat goedmakke troch hieltyd ek wer in plakje yn te romjen foar dy Fryske berneliteratuer.’

Dat markearre it begjin fan in lange, aktive karriêre foar Jant van der Weg as promotor fan jeugdliteratuer yn binnen- en bûtenlân. As bestjoerslid fan IBBY-Nederlân en letter ek IBBY-wrâldwiid (IBBY stiet foar International Board on Books for Young people) reizge se de hiele wrâld oer om de bêste berneboeken yn alle talen in poadium te jaan. Oarspronklik wurk likegoed as oersettingen.

Yn 1980 sette Jant van der Weg foar it earst in berneboek oer. Dat wie it printeboek Emyl de dogeniet, fan Astrid Lindgren. Yn 1987 folge fan deselde skriuwster Ronja de Rôversdochter. ‘In prachtich boek, dat eins wer opnij útjûn wurde moat’, fynt se sels. Ek it ferneamde De Tsien fan Martens Afke, dat oarspronklik yn it Nederlânsk ferskynde, sette se oer nei it Frysk. Se sette ek berneboeken oer út it Dútsk wei, in foarbyld dêrfan is de histoaryske jeugdroman Tot de 13e maan fan Arnulf Zitelmann, dat spilet yn de lêste iistiid.

Opwurdearring fan it Frysk

En no, hiel wat oersettingen en eigen publikaasjes fierder, leit der dan dy grutte klassiker: Jane Eyre. In put dy’t op har paad kaam om’t de útjouwer har koe as kenner fan de Fryske literatuer, en dy’t se mei beide hannen oannaam. ‘Klassikers hearre der yn je eigen taal te wêzen. By gruttere talen is dat ek gjin inkeld probleem, dan wurdt in goed boek al gau nei it earste ferskinen oerset. Mar yn in minderheidstaal is dat net sa fanselssprekkend. Der gean jierren, desennia oerhinne ear’t in útjouwer it oandoart om sa’n boek út te jaan en dan noch wurdt earst och sa sjoen oft der wol winst te meitsjen is.’ Ut kommersjeel eachpunt is soks fansels te begripen, dat wit Van der Weg as gjin oar. Dochs, seit se mei klam, is it de muoite wurdich om just dy typyske klassikers wól yn in minderheidstaal lykas it Frysk oer te setten. ‘In oersetting bringt de wrâld tichtby, it makket nijsgjirrich. In hiel bekend boek kin minsken dy’t oars gjin Frysk lêze oer de drompel lûke om dat no wol te dwaan’, seit se. ‘Dêrby: faak ha se it boek al lêzen yn it Nederlânsk en miskien sels de film sjoen. Dan sjogge se yn it Frysk ynienen wat der mei har eigen taal mooglik is. Dan ûntdekke se al dy prachtige bylden dy’t se al koene ynienen yn it Frysk. Soks jout in opwurdearring fan it gefoel foar je eigen taal.’

Op de achtergrûn

Foar minderheidstalen is oersetten in behâld, fynt Van der Weg. Der wurdt yn ferhâlding foar bern net hiel folle orizjineel wurk yn it Frysk skreaun. ‘Printeboeken, dy wurde maklik oerset en útjûn, dêr wurdt oan fertsjinne’, seit se. ‘Pjutten en beukers krije sa har gerak wol, mar foar âldere bern leit de saak hiel oars. De eigen taal rekket op ’e achtergrûn om’t it op skoalle ek net bot oan bod komt en lêzen is sowieso al net hiel populêr by de jeugd. Krekt dêrom is it sa wichtich dat dy grutte titels wol oerset wurde, om út foar te lêzen en om sels út te lêzen.’

De keunst fan it oersetten wurdt ûnderskat, ek troch útjouwers, is har ûnderfining. Te faak wurdt miend dat oersetten in spultsje is fan Google Translate en in wurdboek. In skoftlang hat it moade west om in boek tagelyk yn meardere talen út te jaan, om sa de kosten te drukken. Dan wie it mear ‘fertalen’ as ‘oersetten’, en krige de ynhâld mei alle goeie bedoelingen noch wolris in knoei, leit Van der Weg út. ‘In oersetting is goed slagge as de lêzer it gefoel hat it oarspronklike wurk te lêzen. It moat hiel natuerlik fiele. In goeie oersetter is ûnsichtber. Dy ûnsichtberens, dy tsjinstberens, is dreger as datst tinkst. Moatst yn de hûd fan de skriuwer krûpe, moatst oanfiele wat hy of sy útdrukke wol, mar it moat ek passe by de lêzer. It boek moat ta syn rjocht komme, de oersetter sels yn dy sin net. By Jane Eyre bygelyks moast ik derom tinke dat it boek, ek al is it hast hûndertsantich jier âld, net âldfrinzich Frysk waard. Se ride mei hynder en wein, de froulju binne yn jurken, de mannen yn ’t pak, de ferhâldingen ûnderling wiene oars, al dat âlde moat syn gerak ha yn it Frysk fan no.’

Van der Weg hie gjin sensitivity reader op de achtergrûn, dy’t meilêze kin om te sjen oft der gjin gefoelichheden ynslûpe dy’t der ek wol út kinne. ‘Dat is op ’t heden al wakker yn it nijs, ik ha dy diskusje fansels ek meikrigen’, seit se, doelend op it feit dat Marieke Lucas Rijneveld har opdracht om it ynauguraasjegedicht The hill we climb fan de Amerikaanske Amanda Gorman oer te setten weromjoech oan de útjouwer nei’t dêr grutte opskuor oer ûntstie. ‘Der is my út ’e gek wol frege oft ik no as âlde frou wol in boek oer sa’n jong famke oersette koe,’ gnysket se, ‘mar ik tink dat je as oersetter fan âlder materiaal dêr ek gâns minder mei te krijen hawwe. It soe net bêst wêze as ik yn Jane Eyre bygelyks de omgong fan minsken mei-inoar feroare hie, de wurden en de dramatyske situaasjes hielendal oanpast hie, om’t se miskien wol gefoelich lizze kinne. Dan giest op de stoel fan de auteur sitten, dat mei noait barre.’

Stimulearring is nedich

As in nij ferskynd boek besprutsen wurdt, en it is in oersetting, dan wurdt de oersetter eins noait neamd. Meastentiids stiet de namme allinnich yn lytse letters yn it kolofon. Dat is it lot fan in oersetter, wit Jant van der Weg, mar it stekt wolris. De oersetter is ommers hiel bepalend foar it sukses fan in boek yn in oare taal. Yn Fryslân is der foar oersetters wol de Obe Postmapriis, dy’t ien kear yn de fjouwer jier útrikt wurdt, mar dy is allinnich foar literatuer foar folwoeksenen. ‘Gelokkich tinkt de Provinsje no nei oer in Obe foar jeugdliteratuer, dat is in treflike saak. In priis is in stik wurdearring, ek foar de útjouwers, mar it stimulearret ek enoarm. Ast as oersetter witst datst in moaie priis winne kinst, dan dochst noch hurder dyn bêst. It komt dus de kwaliteit fan de oersettingen te’n goede. Dêr komt by: in boek dat in priis wûn hat, stiet yn de belangstelling. Allinnich al sa’n stikkerke op it omkaft wurket yn de boekwinkel en de biblioteek as in magneet. It mes snijt dêrom oan twa kanten.’

Jant van der Weg slút net út dat se opnij in grut projekt oanpakt. Michael Everson soe eins Alice in Wonderland noch wolris opnij yn it Frysk útbringe wolle. Dy klassiker fan Lewis Carroll waard yn 1964 troch Tiny Mulder foar it earst yn it Frysk oerset en tritich jier letter nochris troch har revisearre. Yn 2013 kaam der ek in harkboek fan. It boek is allinnich noch antikwarysk te krijen. ‘Ik sjoch wol wat der op myn paad komt, mar in revisearre werútjefte fan Tiny Mulder har Alice yn Wûnderlân soe de muoite wol wurdich wêze. Ik ha noch wol sin oan in putsje.’

Martsje de Jong is oersetter, redakteur en skriuwer

 

 

 

Jant van der Weg

Jant van der Weg-Laverman (1939) promovearre yn 2000 op de Fryske bernepoëzij yn de tweintichste iuw. Se wie mei-oprjochter en foarsitter fan Stichting It Fryske Berneboek en bestjoerslid en foarsitter fan IBBY-Nederlân (International Board on Books for Young people) en siet fjouwer jier yn it ynternasjonale bestjoer fan dy organisaasje, dêr’t se sels earelid fan waard. Ek wie se njoggen jier lang lid en foarsitter fan de Stichting Geschiedenis Kinder- en Jeugdliteratuur.

Jant van der Weg-Laverman hie yn it Friesch Dagblad sa’n tweintich jier in berneboekerubryk en publisearre yn ferskate literêre tydskriften. Fan har hân ferskynden in stikmannich neislachwurken oer jeugdliteratuer. Dêrneist sette se tal fan berneboeken oer nei it Frysk en it Nederlânsk, bygelyks Ronja de Rôversdochter en Emyl de dogeniet fan Astrid Lindgren, De Tsien fan Martens Afkefan Nienke van Hichtum en Zwart op Wit fan Akky van der Veer. Foar har ynset foar de promoasje fan berneliteratuer krige se yn 2007 de Hieronymus van Alphen Prijs en waard har yn 2019 de Friese Anjer fan it Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân takend.

<<einde kader>>

 

Jane Eyre

De klassike coming of age-roman Jane Eyre fan Charlotte Brontë ferskynde foar it earst yn 1847. It is it ferhaal fan de jonge faam dy’t nei in ûngelokkige jeugd as gûvernante yn tsjinst komt by de eksintrike Edward Rochester op Thornfield Hall. Harren leafde dy’t opbloeit en ferwylget, de dramatyske barrens yn it libben fan Jane op wei nei folwoeksenens en har reaksjes en emoasjes binne universeel en aktueel. Jane Eyre wie net in frou dy’t berêstend oanseach wat der barde, mar foar harsels op doarst te kommen. In progressyf ferhaal, ferteld yn de ik-foarm, foar dy tiid tige ûngebrûklik. Jane Eyre wie fuort in grut sukses en is no achttjin kear ferfilme en oerset yn 57 talen. De Fryske edysje ferskynde yn febrewaris 2021 by útjouwerij Evertype yn Skotlân en is te keap by ûnder mear de Afûk.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels