Mei de eide oer de kluten, resinsje Testamint dan de siel 

Publisearre op 25 juli 2021

SJOERD BOTTEMA –

‘Wa’t fertelt, kin de hurde wierheid in bytsje stilearje,’ skriuwt Hylke Speerstra oan it begjin fan syn roman. ‘Om de ramp draachliker te meitsjen.’ Dat stilearjen makket de ferhalen tagonklik, ‘dan kinne se – hoe tragysk oft se yn wêzen ek binne – treast bringe en kinne se noch hiel meitsje wat stikkengien is.’ De skriuwer wol tagonklik wêze, mar al serieus nommen wurde, hy fertelt net samar wat; de lêzer dy’t dat net troch hie, wurdt healwei it boek even teplak set: ‘Heldere skriuwers lykje net sa djip te dollen, troebele skriuwers lykje dat wol te dwaan, mar wa’t net helder skriuwt, tinkt meastal ek net helder.’

En wat hâldt dat stilearjen yn? Oan ‘e ein fan it boek komt de skriuwer dêr nochris op werom. Hy hat it dan oer it fertellen fan ferhalen ‘om de grouwélige werklikheid wat moaier, alteast in bytsje draachliker en befetliker te meitsjen.’ Is dat de reden wêrom’t hast alle froulju yn it boek allerferskuorrendste kreas binne en ek noch bûtengewoan aardich? Ids Faber en syn frou meitsje in soad lijen en ellinde mei, mar ek al soe de ierde fergean, harren leafde bliuwt altyd bestean, sokssawat. Hear ris wat Tsjaltsje seit as se lekker smûk by Ids yn it blommegers leit: ‘Sjoch ris hoe’t it bûtergieltsje iepengiet en net wer ticht wol.’ Jaja, wat bisto leaflik, riizjende simmermoan. Dat kin better. Lykas yn it folgjende sitaat: ‘… wy lieten ús yn slow foxtrot nei alle hoeken fan de grutte seal widzje.’

Thomas Akkerman wit al dy swietrook ien kear te relativearjen. Hy hat it dan oer de moaie eagen fan syn frou. Earst is er, lykas wenst, hielendal út ‘e skroeven: ‘Har eagen. Sa moai blau, dat blau út de Noarske flagge, dat wer it blau is fan in peilleas djippe en troch maitiidssinneljocht oergetten Noarske fjord.’ Om dêr dan fuort oerhinne te sizzen: ‘Dat my dat opfoel hat neibesjoen ûnbegryplik west, want ik hie noch noait in mei maitiidssinneljocht oergetten Noarske fjord noch flagge fan dat lân sjoen.’

Tagonklik: de kaprioalen dy’t Thomas úthelje moat om by syn leafste te kommen ha wol wat fan in spannend jongesboek en dat jildt ek foar guon stikken dy’t de ûnderdûkerstiid fan Ids Faber beskriuwe. De happy end fan it boek hat nei alle gedachten ek te krijen mei it stribjen om de hurde werklikheid moaier en draachliker te meitsjen.

‘En sa toffelje wy – bytiden hast stroffeljend – fierder nei de ein fan de eker,’ skriuwt Thomas Akkerman oan syn freon Ids Faber. ‘Do hast der in moai wurd foar: oereidzje.’ De tijd heelt alle wonden, mar hoefolle moaier en krekter wit Thomas Akkerman dat te sizzen: ‘As de eide oer de grouwe kluten fan fertriet en pine hinne lutsen wurdt, ferkrommelje de kluten. Op in pear spikerhurde nei, dy’t sa hurd as granyt binne.’

Dy hurde kluten lizze yn de iiskâlde en ûnherberchsume Kanadeeske provinsje Saskatchewan, dêr’t Thomas as pjut telâne komt mei syn âlders, yn it selskip fan in ploechje útrûpele Oekraïners, en opgroeit ûnder barre omstannichheden. Hertferskuorrend is it wat Thomas dêr meimakket: it ferstjerren fan syn skoalkammeraat, de selsmoard fan syn mem. Syn heit is meastal úthuzich, op syk nei wurk, syn mem rekket slim siik en rint úteinlik oer de iisskotsen fan de North Saskatchewan River it djippe swarte wetter yn. Yndrukwekkend sa’t dat beskreaun is.

Yndrukwekkend is ek it ôfskie fan heit en soan Faber op it stasjon fan Akkrum.

‘Hjir spriek in folwoeksen man, dy’t tusken dream en died wetten noch praktyske beswieren seach,’ seit Ids Faber oer syn heit Jan Faber. It is min ofte mear in sitaat út it gedicht Het huwelijk fan Willem Elsschot, oer in man dy’t syn dreamen net doart te folgjen. Jan Faber doart dat wol en set ôf nei East-Europa om dêr mei te helpen oan de opbou fan it Tredde Ryk.

‘Fertrouwen’ fynt Thomas in hiel moai wurd, mar it is dochs mear Ids dy’t dat fertrouwen útstrielet: ‘… it is it fertrouwen dat der in nij begjin wêze sil; dat ik opheind wurd. Mar somtiden is der by my fertwiveling, dan is it mear hope as fertrouwen.’ Neffens Thomas is ús bestean net mear as in ljochtflits yn in ivige tsjusternis. Al soe er stikem dochs wol wolle dat der mear is: ‘God, wêr binne jo no! Wêrom meitsje Jo net wat mear reklame foar Josels en foar it leauwen yn Jo! Wurdt it net tiid om in better pr-buro yn te skeakeljen?’

Twa Friezen op jierren, de iene 83, de oare 84, moetsje elkoar yn it stadion fan Calgary. Beide binne sûnt koart widner, beide ha in drege jeugd hân. Dat liket allegear wol hiel tafallich, mar hoe’t dat krekt sit, komt men pas achter oan ‘e ein fan it boek. En dat is net it iennichste, der is ek noch in twadde ûntknoping. Wurdt it tafal dêrmei útskeakele of noch grutter as it al wie? Hoe dan ek, Testamint fan de siel is in spannende aventoereroman mei de alluere fan in epos, bytiden oangripend en ymponearjend.

Hylke Speerstra         

Testamint dan de siel                      

útjouwerij Bornmeer 2021

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels