Masters fan it Proazagedicht treffe mekoar yn Ljouwert
ARJAN HUT – “Ik skriuw noait gedichten dy’t oer dingen geane,” seit de Deen Carsten René Nielsen (1966) yn De Basuin op in flinke stienwurp fan it stasjon yn Ljouwert. It petear giet oer dichters yn tsjinst, Nielsen fynt it in bysûnder fenomeen dat der yn Nederlân stedsdichters binne en in Dichter des Vaderlands. Hy […]
De Gysbert 2019
Aggie van der Meer is de winner fan de Gysbert Japicxpriis 2019. Se ûntfangt de priis foar har hiele oeuvre. De belangrykste literêre ûnderskieding fan Fryslân wurdt sneon 16 novimber útrikt yn Boalsert. Yn it dossier ‘De Gysbert 2019’ alle bydragen dy’t earder oer de skriuwster en har wurk yn ‘de Moanne’ ferskynden.
Ernst Bruinsma yn Op en út
Understeande boeken bespruts Ernst Bruinsma op 31 augustus yn Op en út, it kultuerprogramma fan Omrop Fryslân: Hilda Talsma – De Onnie’s en it hynstebal, Uitgeverij Elikser, €19,50 Ian McEwan – Machines zoals ik, oersetting Rien Verhoef, Uitgeverij de Harmonie, €24,90
Ernst Bruinsma yn Op en út
Understeande boeken bespruts Ernst Bruinsma op 10 augustus yn Op en út, it kultuerprogramma fan Omrop Fryslân: Saskia de Coster – Nachtouders, Uitgeverij Das Mag, €24,95 Elisabeth Day – Het Feest, Oersetting Eefje Bosch, Uitgeverij Ambo / Anthos, €22,99
In eigen plak op ’e wrâld
BAUKJE ZIJLSTRA – Wylst se yn har foarige proazawurk, de ferhalebondel In Jikse-libben, noch frij ticht by de werklikheid bleau, yn wurden besocht te fangen hoe’t dy werklikheid en de persoanen dêryn west hiene en wat der bard wie, stiet De parallaks in stik fierder fan de skriuwster sels ôf. Yn dy sin is De parallaks mear […]
Fuort mei it hokjetinken
BAUKJE ZIJLSTRA – Takom jier (2019) is it 25 jier ferlyn dat Lida Dykstra har debút, Sjoerd Stiensma syn reis troch de tiid, útkaam. Underwilens binne meardere planken yn har boekekast fold mei eigen titels, mar wa’t har oan ’e hân fan dy titels yn it hokje ‘berneboekeskriuwer’ stopje wol, is by har oan it […]
It rif
AGGIE VAN DER MEER – Hy hie de laptop iepenklapt. Hy wist dat se har no twong om har nergens mei te bemuoien. Doe’t er in kertier letter allinnich noch mar omrûn hie, weage se it derop om him foar te stellen om foar de kofje in moai ein te rinnen. Goed, hie er sein. […]
Fryske bondels oanbean yn de Hollannerwyk
MALTSJE DE RIDDER – JANSMA – Kafee ‘De Basuin’ makke earder fan’t jier syn entree yn de Fryske literêre wrâld doe’t dêr de nijjiersboarrel fan it Skriuwersboun wie. Snein trokken de leafhawwers fan poëzij nei it kafee op de krusing fan de Nije Hollannerdyk en de Ljouwerterstrjitte foar de presintaasje fan de nije bondels fan […]
As de sinne lang om let ferdwynt achter de Tjaardaflats
MALTSJE DE RIDDER-JANSMA – Op de langste dei wurdt yn kafee Marktzicht yn Drachten nota bene it koarte ferhaal yn it sintsje setten. In inisjatyf fan oersetster Martsje de Jong en skriuwster Hilda Talsma, ek om it gat dat yn de jierlikse Fryske boekemerke fallen is op in oare manier op te foljen. Fiif renommearre […]