Ljouwerter literêre bank ûntbleate

Publisearre op 1 juli 2022

Whoop … there it is. Fotografy: Natalia Balanina

Tongersdei 30 juny hat wethâlder Hein Kuiken mei it publyk de earste literêre bank fan Ljouwert ûntbleate by de Grutte of Jacobijnertsjerke. De literêre bank is in inisjatyf fan de gemeente Ljouwert. Dichter Sytse Jansma hat foar Ljouwert UNESCO City of Literature ynhâld jûn oan de earste literêre bank. Hy hat literatuurprojekt Sprekende stenen fan Over de drempel ferbûn oan de bank. It ûntwerp en de útfiering fan de bank en de ‘sprekkende’ gevelstiennen binne fan keunstner en meubelmakker Ineke van der Blom.

Sytse wurke gear mei fjouwer oare skriuwers: Gemale Bofunda, Remco Kuiper, Nicole van den Berg en Raymond Muller. Sy binne yn petear gien mei minsken dy’t te krijen (hân) hawwe mei iensumens. Ut dizze petearen binne de acht ferhalen makke. Sytse Jansma: “Literatuer kin iensumens sintúchlik meitsje en dus taastber. Mei dit projekt wol ik minsken bewust meitsje fan it tema en de drompel om der oer te praten leger meitsje. Elkenien belibbet op in stuit yn it libben iensumens, om’t iensumens diel útmakket fan de minske, it minske wêzen. Dêrom bin ik bliid dat de bank en de stiennen in plak yn it sintrum fan Ljouwert krigen hawwe, tusken alle minsken.”

De bank is op in online kaart op de webside fan Ljouwert City of Literature ferbûn mei acht gevelstiennen yn it sintrum fan Ljouwert. Dy hawwe de foarm fan in gesicht en binne ek makke troch Ineke van der Blom. Troch de QR-koade op sa’n sprekkende stien te scannen, is in ferhaal oer iensumens te hearen. Nei ôfrin fan de rûte wurdt de harker frege om nei de bank te gean en oare minsken te moetsjen.

Lês mear oer it projekt op de webside fan Ljouwert City of Literature.

Sprekkende stien by Van Der Velde Boeken. Fotografy: Natalia Balanina.

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Poëzij

    HANS PETER WESTIN -    I Zelfportret met kroonpen   Hij legt de taal op zijn palet en kneedt met staal de tussentint waarin zijn [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Proaza

    MINDERT WIJNSTRA -  In jonge snoek hie in boatsje fûn oan ’e kant fan ’e mar. In wrak. It lekte oan alle kanten, it roer [...]