Hoge Noorden / Jacob Van Essen, op de voorgrond Raei (12) Fredic (10) en Yunxi (13)
fotografy: Hoge Noorden / Jacob Van Essen, op de voorgrond Raei (12) Fredic (10) en Yunxi (13)

Presintaasje ‘de nije Moanne’ op de Toverbal

Hjoed binne de eksimplaren fan ‘de Nije Moanne’ oerlange oan de bern op skoalle De Toverbal yn Sint Anne, in skoalle foar NT2-ûnderwiis. In logyske kar, want Martsje de Jong ynterviewde fjouwer bern fan dizze skoalle oer it ûnderwerp ’thús’, Jabob van Essen makke de byhearrende foto’s foar ‘de nije Moanne’. De ‘nije Moanne’ is in idee fan Anne Graswinckel. Sy ûntwikkelde dêrneist in byhearrend ‘onderzoeksboek’.

Berne-edysje

Foar it earst yn de skiednis fan tydskrift de Moanne, is der yn gearwurking mei Keunstwurk en Taalplan Frysk in berne-edysje ferskynt. Dizze nije Moanne is in prikeljend tydskrift foar bern fan 8 oant 108 oer keunst en kultuer en taal yn Fryslân.

De nije Moanne kin mei de byhearrende lesbrief ek brûkt wurde as lesmateriaal yn de groepen 6 oant en mei 8 fan de basisskoalle en klas 1 fan it fuortset ûnderwiis, by de fakken Frysk, Nederlânsk, keunstfakken en wrâldoriintaasje. Skoallen kinne de nije Moanne fergees oanfreegje op kekcultuureducatie.nl/nijemoanne.

Ferkenner

It is in tydskrift wurden dat op it mêd fan ynhâld, foarmjouwing en ferdjipping fergelykber is mei de reguliere Moanne. De nije Moanne wol bern bewust serieus nimme as lêzer en as ferkenner fan syn of har omjouwing. We wolle tegearre mei de bern de wrâld fan keunst en kultuer ûnbefongen temjitte trêde. Wat sjogge sy? Wat sjogge wy?

Ynhâld

De moanne yn alle talen fan basisskoalle de Toverbal

De moanne yn alle talen fan basisskoalle de Toverbal

Yn de earste edysje is neist petearen mei de bern út Sint Anne, ek omtinken oan Dolf Verroen, Yke Reeder en Lida Dijkstra, en in hiel soad oar talint út Fryslân. It idee foar in de Moanne foar bern komt fan Anne Graswinckel, projektlieder ynnovaasje by

Keunstwurk, en is mei iepen earms ûntfongen troch de redaksje fan de Moanne. Mei in spesjaal foar de gelegenheid gearstalde redaksje, besteande út Inge Hekman (Fries Museum), Kate Schlingemann (dichter en yllustrator), Amarins Geveke en Tialda Hoogeveen (einredakteur de Moanne) en Anne Graswinckel, is mei in soad enerzjy en kreativiteit de nije Moanne makke.

 

Stipe

De nije Moanne wurdt mei mooglik makke troch de Stichting Juckema-Siderius Fûns en de Stichting Old Burger Weeshuis. De nije Moanne ferskynt ien kear yn it jier.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.