fotografy: Linus Harms

Acht Fryske skriuwers winne Rely ’22

Fjouwer ferhalen en fjouwer gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘De Dûns’ fan Wilco Berga (Harns), ‘De sjongende ridder’ fan Sjoerd Bottema (Weidum), ‘Skaakles’ fan Sipke de Schiffart (Ljouwert) en ‘Scapa Flow’ fan Geert Nauta (Wergea). De winnende gedichten binne ‘Wy bin’ klaai’ fan Edwin de Groot (Aldehaske), ‘Vox Celeste’ fan Fedde Dijkstra (Ljouwert), ‘Biografy’ fan Elmar Kuiper (foto, Jorwert) en ‘In Winter’ fan Minne Velstra (Ljouwert).

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dy’t dit jier foar de 65ste kear útskreaun waard, wiene 74 ynstjoeringen ynkommen, te witten 42 gedichten en 32 ferhalen. De sjuery bestie diskear út Rianne Blokzijl, Beart Oosterhaven en Oene Spoelstra. De prizen fan € 1.000 elk wurde op sneon 1 oktober útrikt yn it stedhûs fan Ljouwert.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.