Gabrielle en Arjan Bedoele it net Ferkeard

Gabrielle Terpstra (dichter by Pauper Poëzie) en Arjan Hut (Wâlddichter) binne beide frijwilliger by Slieker Film yn Ljouwert. Yn harren podcast ha se it oer boeken, muzyk en films. Harkje hjir de ôflevering fan 28 juny, mei ûnder oaren gedichten fan Preston Losack & Peter Popma, in oerflakte-analyse fan de opkomst fan it soasjalisme yn Fryslân, Elvis, in ‘nare’ film yn Pathé en de Steampunk-show fan Annemarie Lindeboom en Ickypack.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.