Kapper
KAREN BIES – Alder wurde giet fansels, al hoecht it gelokkich net mear yn itselde tempo as de generaasje fan beppe. Mei op dyn fjirtichste in permanintsje, in keunstgebit, in húshâlding en in korset dat alles byinoar hâlde moat. Tiden binne feroare, en dus sit ik by de kapper anneks ‘schoonheidssalon’, om it húshâldjild ris […]
Famyljeberjochten
SJOERD BOTTEMA – Wa’t geregeld de famyljeberjochten yn de Ljouwerter Krante lêst, soe fan tinken wol ha kinne dat de Friezen dwaande binne rap út te stjerren. Alle dagen tilt it op fan de rouadvertinsjes, wylst fan berte-advertjinsjes elk spoar ûntbrekt, útsein in hantsjefol yn de sneonskrante. De tekst fan dy advertinsjes wykt komselden ôf […]
Fjoerproef
SJOERD BOTTEMA – Yn de midsieuwen lieten se fertochten fan in misdriuw oer in rige gloeiende ploechskjirren rinne. Se mochten de sokken derby oanhâlde, dat wol: de fertochte moast him melde ‘mit syne socken, ende da schere in da tzierka to gane.’ Yn ’e tsjerke, want it giet hjir om in Godsoardiel. In inkeling hold […]
Leuke activiteiten om samen te doen
KAREN BIES – ‘Rekôrtal dielnimmers oer de finish’, stiet op de foarside fan de krante. Oft se rûn, fytst, stept, achterút yn in Daf, of mei griene ferve yn it hier de einstreek helle ha, docht der no even net ta. It wie in moai evenemint en der wie wer in rekôr. En dan wolle […]
Keukenprins
KAREN BIES – Om M. hoecht it net. Hy is de keukenprins, makket alle dagen it iten klear en seit dat it yn in nije keuken écht net lekkerder wurdt. Mar ik ha myn nocht fan it âlde lytse oanrjochtje fol smoarge boarden. Wy binne de lêste minsken yn Nederlân dy’t noch mei de hân […]
Oerrock
KAREN BIES – Oerrock is al in pear dagen lyn, mar ik moat der sels dus ek eem fan bekomme. Alwér mear minsken op it festival, 16 tûzen. In grut sukses dus, mar der binne noch wol wat ferbetterpunten, seit de organisaasje. Se bedoele tink ik foaral de lange rigen foar de taappunten en ferfolgens […]
Wen-gen
KAREN BIES – Lange tiid wenne ik der mar sa’n bytsje op los. Ik hie niks yn de gaten, ik díe mar wat. Myn hûs wie in plak ûnder dak dat net lekt en net siicht. Genôch romte om de rommel des libbens op te slaan. Wat hat in minske mear nedich? Mar no’t ik […]