Lekker sliepe

Achte hear Boeloe,

Seagen jo froeger ek altyd nei Sesamstraat? Wy wol. It is ien fan myn alderearste jeugdherinnerings: der waard wat tekene en in tv-stim sei dat wy riede moasten wat it wurde soe. En ferdomd, op it stuit dat ik hiel hurd ‘auto’ troch de keamer balte, andere de stim: ‘Heel goed, het is een auto!’ Ik skrok my de molktoskjes út de mûle. Jierrenlang haw ik der dêrnei wis fan west dat telefyzje weromsjen koe.

Datsoarte herinnerings. Us bern ha se ek. Ut folle boarst songen se mei Ernie ‘Zoek de zeep’ mei, it alderleukste berneferske út de telefyzjeskiednis. Net dat ús bern wisten wat in stikje sjippe wie, want dy knypten allang mei fleur en faasje de iene nei de oare flacon ¼ hydraterende showergel leech yn de tobbe. Mar dat makke it feest net minder.

 

It binne de folwoeksenen dy’t no it hurdst raze oer it ferdwinen fan Sesamstraat fan NPO1. Bern haw ik der net oer heard.

 

No is dit stikje twa alinea’s âld en ik sjoch stean: ‘froeger’, ‘jeugdherinnerings’, ‘herinnerings’ en ’telefyzjeskiednis’. Need I say more?

It binne de folwoeksenen dy’t no it hurdst raze oer it ferdwinen fan Sesamstraat fan NPO1. Bern haw ik der net oer heard. Dy sitte mei de iPad yn de hân youtubefilmkes fan Enzo Knol te besjen, of de iene of oare kutcartoon dêr’t ik it bestean net iens fan witte wol. Dat dogge se omdat dat allegear mei fan heit en mem. Want mem moat noch nei de Jumbo om in prak iten te sjarterjen en heit sit gesellich mei de laptop op skurte op gaslicht.com út te finen wêr’t er noch twa tientsjes besparje kin. Dus lit dy bern mar eefkes gewurde.

Der sjogge alle dagen goed 100.000 minsken nei Sesamstraat. Dat is 0,6 persint fan alle Nederlanners. Huh watte? Ja echt; om presys te wêzen 0,588235 persint.

Leit dat oan Sesamstraat? Nee fansels, Sesamstraat is fantastysk. Learsum, lollich, soms wat stout, soms wat slûch. It libben fan in beuker yn in kertierke. Prachtich. Mar it lekker-mei-syn-allen-telefyzjesjen – dat wat de foarige generaasje trouwens in ôfgriis wie, want telefyzjesjen makke lui en dom – ha we linkendewei allang ynruile foar lekker-allegear-ús-eigen-dingen-sjen. Foar bern en jongeren gjin inkeld probleem, dy dogge neat oars as eigen lytse ôfsletten netwurkjes kreëarje mei whatsapp-groepen en snapchats dêr’t se harren bylden útwikselje. Sadree’t it iepenbier wurdt heakje se ôf. Jo tochten dat Facebook en Twitter moderne media wienen? Ferjit it mar, dêr sit gjin bern mear op. Te iepen. Jongeren binne leaver underground. Logysk.

It binne de folwoeksenen dêr’t it probleem leit. Sy hawwe it gewurde litten, dy oergong nei de nije media-tiid. Sûnder dat se yn de gaten hienen dat dat betsjutte dat sosjale struktueren dêrmei foar ivich feroarje. En dat se noait mear mei de bern gesellich op de bank sitte sille foar in mienskiplike jûntsje telefyzjesjen. It fette huilie huilie is dus neat oars as in utering fan spyt en machteleazens oer it ferdwinen fan in ritueel dat se sels by it jiskefet set ha.

Lokkich binne jo der noch, dêr op Skiermuontseach. As in ikoan, sa njonkelytsen miskien wol de lêste. Ienfâldiger en âldfrinziger as Bear Boeloe kin telefyzje hast net wêze: in ferhaaltsje en in pear tekeningen. Klearebare nostalgy.

As ik jo in tip jaan mei om jo bestean foar desennia te garandearjen: meitsje in switch nei folwoeksenen. De licht-filosofyske en esotearyske ynstek fan jo ferhaaltsjes lient him der goed foar. En bring it dan al-lin-nich op telefyzje, net fia weromsjoch-sites of apps of witikfollewat. Sadat se allegear tagelyk en mei-inoar foar de buis sitte moatte. Alle dagen, jûns foar it sliepen gean, sa om tolve oere hinne. Da’s heilsum en terapeutysk foar al dy tritigers, fjirtigers en fyftigers. In beaken fan rêst en besinning yn harren drokke libben. Se sitte derom te springen.

Lekker Sliepe.

 

 

Bart Kingma

Comments
Ien reaksje oan “Lekker sliepe”
  1. Bear Boeloe schreef:

    Beste Bart, tige tank foar dyn brief.. ik ha der net folle fan snapt want ik wie even mei Sipke de dunen yn..wij wiene drok mei strân jutten , no mei de hurde wyn, kinst fanalles fyne no!
    Wat Jo hjir allegear kwyt wolle wit ik net, mar wy sjogge graach nei Sesamstrjitte hear! en dan sitte wy mei us allen foar de tillefysje, sjoch..Janny, Sipke Huningsnutsje en ik…dat is hiel gesellich..al eamelt Janny der wol hieltiten trochinne omt se it neat fynt wat se sjocht….
    Fijn dat Jo noch hiettiten nei uze aventoeren sjogge..alle folwoeksenen binne ommers eins noch bern.. en wy? wy binne somstiden hiel folwoeksen…
    Goejûn!
    Bear Boeloe en de oaren

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.