Gastfrij

Publisearre op 20 september 2015

Achte boargemasters,

De sinne stekt dizze dagen de evener wer oer en lit ús berêstend achter. It applaus foar it lêste iepenloftspul hat klonken, de polzen lizze al yn de skuorre, de keatslinen bongelje wer yn boskjes oan de muorre, de skûtsjes lizze oan de ketting yn it boathûs. De doar fan Iepenloftmuseum Fryslân kin wer foar in healjier op slot. Tiid om it echte libben wer op te pakken.

In soad tiid krije jim dêr net foar. Jim moatte as de soademiter plak sykje foar de ynfluks fan flechtlingen. Bylden fan earme stumperts op strân en strjitte slagge ús om de earen en drukke ús op it moed. De politike en publisitêre druk om romhertich te wêzen wurdt mei de dei grutter.

 

Ik bin allinnich bang dat we ien ding oer de holle sjogge: dit is gjin tydlik probleem.

 

Grappich om te sjen hoe’t fan’t maitiid noch in heale provinsje yn ûnstjoer wie oer de komst fan ien nij AZC yn Gasterlân, en dat we noch foar de hjerst woltemoed prate oer withoefolle sintra dy’t aansen as poddestuollen út de grûn sjitte sille. Je hawwe diskusjes en je hawwe de realiteit.

Sa kreëart eltse nije werklikheid syn eigen nije moraal. De moraal fan dizze wiken liket te wêzen dat we gastfrij wêze wolle, dat we mei syn allen bêst eefkes ynskikke kinne om in plakje frij te meitsjen foar dizze nomaden. Dat ús besteande krampachtige asylpolityk einliks ûntmaskere is as in bespotlik wanskepsel en ús no domwei neat oars te dwaan stiet as dizze sielen in alderfreonlikst bêd en brochje oan te bieden. Wa’t it dêr net mei iens is, sette we as in stout jonkje yn de hoeke mei in grutte sticker op ‘e rêch: PVV. Der stean wol in pear fan datsoart jonkjes oan de sydkant, mar fierwei it grutste part fan de klas sit mei niget yn de skoalbanken alle synonimen fan it wurd ‘barmhertich’ op te skriuwen. Wa’t dat it bêste docht, mei him de Samaritaan fan it jier neame. Dat fielt goed, no.

Nee, no net synysk wurde. It is prachtich dat we yn in myld klimaat libje, dêr’t romte is foar minsken dy’t it swier ha om út te hymjen. En elkenien sjocht dat dizze need sa heech is dat it ûnbesteanber wêze soe dat jim gjín grûn en gebouwen beskikber stelle soenen. Dus trochpakke, blinder. Sykje in moai plakje yn jim gemeente, lis eefkes út dat dat de bêste lokaasje is en it gros fan de minsken sil der samar mei ynstimme. Dat hat wolris oars wêst, dus count your blessings.

Ik bin allinnich bang dat we ien ding oer de holle sjogge: dit is gjin tydlik probleem. De kloften dy’t no binnenkomme slute we yn ús hert en siel omwille fan de sjoernaalbylden en krantefoto’s. Mar as de ferslachjouwers aansen wurch binne fan de oarloch yn Syrië, en wy murw binne fan de reportaazjes oer drinkelingen, dan kin de opiny wolris likehurd omslaan as de gammele boatsjes op see. En as nei moannen fan opfang de ferfeling en it gedonder taslagge by it oerskot oan fitale manlju yn de sintra, of slimmer noch: as bliken docht dat der mear as ien tusken sit dy’t kontakten hat mei dy engerds mei swarte flaggen? Dan sil it begrutsjen fluch plak meitsje foar lilkens.

Dus meitsje as de werljocht in plan. Net allinnich om se op te fangen, mar om se sa gau mooglik in plak te jaan yn ús maatskippij. In echt plak, dat der ta docht. Dêr’t har bestean fan wearde fan wurdt. Foar harsels, mar ek foar ús. Lit se opliedings folgje, help se oan wurk en huzen. Lit se har hjir ûntbolsterje, jou se de kâns om sjen te litten wat se kinne en bydrage kinne oan ús maatskippij. Dan bringe se nije aktiviteit, generearje har eigen dynamyk en omset. Da’s goed tsjin de krimp, goed foar de ûntwikkeling fan ús regio. Dan bringe se gjin problemen, mar progressy.

Want se farre fan’t winter echt net mei dyselde boatsjes werom nei Syrië. Se bliuwe. Krekt as iepenloftspullen, fierljeppen, keatsen, skûtsjes. En dy ha we ek yn ús hert sletten. Foar altyd.

 

Bart Kingma

 

De kollum fan Bart Kingma is ek werom te lústerjen fia de webside fan Buro de Vries op OmropFryslan.nl.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]