Bollejeien

Achte Hearrenfean-supporters,

Op in pearhûndert meter fan jim stadion stiet ‘Museum Heerenveen’, by guon miskien better bekend ûnder de âlde namme ‘Willem van Haren’. In aardich museum is it, mei as hichtepunt de folsleine seal dy’t oan it libben en wurk fan ‘Us Ferlosser’ wijd is – Domela Nieuwenhuis, de man dy’t foaropgie yn de arbeidersstriid.

Om It Hearrenfean hinne kinst in kilometerslange sirkel lûke. Oeral dêrbinnen hawwe feanarbeiders wrotten, de bealch stikken wurke foar in hongerleantsje. En wienen se slaaf fan hearen en bazen dy’t safolle oanbod fan arbeiders hienen dat se har net al te bot hoegden te bekroadzjen om de strieminne omstannichheden fan it folk.

 

Lit dy fuotballers mar foar folslein lege tribunes spylje, lit dy bestjoerders har sigaren mar smoke mei útsjoch op niks. Dan binne it yn ien klap bespotlike baaskes, ûnnoazeler as in karikatuer.

 

Mar sûnder folk is in baas gjin baas mear, in hear gjin hear. En dus hienen de arbeiders mar ien wapen yn hannen: eefkes gjin arbeider wêze. Stake dus. Mei in staking setten se it gesach yn it himd, want nearne falt mear gesach oer te fieren. En sa waarden, ûnder oanfiering fan Domela Nieuwenhuis, de stakings it kearpunt yn de sosjale skiednis, it begjin fan de ferbettering foar de arbeiders. Yn it fean betochten se sels in prachtige namme foar it wurd ‘stake’, en noch altyd prate guon âlde sosjalisten mei weemoed oer it heroyske ‘bollejeien’.

Jim wenje foar in grut part binnen dizze sirkel, dus jim moatte it witte. Stake wurket. Stakings ha komplete rezjimes omsmiten. Freegje mar oan Mahatma Gandhi, oan Lech Walesa, of oan Domela. De bêste revolúsjes komme fan ûnderop, fan it folk. Revolúsjes fan boppe binne wanskepsels, dat wurdt noait wat. Freegje dat mar oan Lenin, oan Morsi. Of oan Ajacieden.

It moat dus fan jim komme. Jim moatte it dwaan. Massaal, fan ûnderop. Net troch ien lousy spandoek op te hingjen, net troch mei in pear man foar it hûs fan de foarsitter gekke bekken te lûken, net troch in ludike aksje. Nee, troch te staken! Gewoan thúsbliuwe. Jim hawwe allegear seizoenskaarten, dus dy binne toch al betelle; en jim sjogge safolle wedstriden, in pear minder wurdt jim libben echt net minder fan.

Lit dy fuotballers mar foar folslein lege tribunes spylje, lit dy bestjoerders har sigaren mar smoke mei útsjoch op niks. Dan binne it yn ien klap bespotlike baaskes, ûnnoazeler as in karikatuer. It sil in prachtige slapstick wêze: de ferbjustere gesichten en de eangst yn de holle eagen fan in folslein One Tier Board en stichtingsbestjoer. De foto’s yn kranten en bylden yn Studio Sport sille de wrâld oer gean. Keningen sûnder keninkryk, se binne begrutliker as arbeiders sûnder arbeid.

Snein fuotballen jim tsjin dy arbeidersklup út de Rotterdamske haven. Dy begripe soks, en hienen it spultsje graach meispylje wollen. Lekker kameraadskiplik hân yn hân de kroech yn, en it stadion it stadion litte. Smoute ferhalen fertelle oer hoe’t dat froeger gie, mei de stikwurkers yn de seehaven, mei de turfstekkers yn it fean. En oan de ein fan de dei dy Rotterdammers mei dûbele tonge ‘Geen woorden maar bollejeien’ raze litte oer it Gemeenteplein. Dat hie moai west.

Is dat net in idee foar de kommende wedstryd? Strike, Streik, Strajk! ‘Als uw machtige arm het wil, staat gans het raderwerk stil!’ It is jim klup, en it wolwêzen dêrfan leit yn jim hannen, net yn dy fan in pear selsbeneamde feanbazen. Dus it is ek jim ferantwurdlikheid. Nim dy. Dan fertsjinje jim aansen in eigen haadstik yn de klupskiednis, ûn der de namme ‘Us Ferlossers’.

 

Bart Kingma

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.