Publisearre op maandag, 28 december 2015
KAREN BIES – Ik klik op de foto’s fan it ferboude pleatske. De keamer hat in balkeplafond en brede finsterbanken. Yn ‘e wenkeuken skynt it sinneljocht op tafel. In studearkeamer mei iepenslaande doarren nei in tún, in tún … Slingerjende klinkerpaadsjes tusken de blommen troch, nei in terras en in sitkûle oan it wetter. In […]
Publisearre op woensdag, 23 december 2015
KARIN SITALSING – Myn útstelde jeugd leit yn ‘e strjitten fan Ljouwert. Ljouwert, dêr’t ik wenne, wurke, libbe. Oantinkens kleve oan ‘e stiennen, hâlde har sliepend, oant ik der wer ris omrin. Dan litte se har sjen, har fiele en rûke. De Stroohoed giet ticht, sei in freondin lêsten. Och, de Stroohoed. Hoefolle jûnen hie […]
Publisearre op maandag, 14 december 2015
Achte frou Ottjes, Wylst de studio fan Omrop Fryslân stadichoan it oansjoch krijt fan in distribúsjesintrum yn oarlochstiid, sjoch ik oeral om my hinne – it is allegear prachtich te folgjen op radio en televyzje – bliere gesichten. Grutske presintatoaren, opteine frijwilligers en stoere besoargers. Allegear fiele se har goed by de nommele bydrage dy’t […]
Publisearre op donderdag, 3 december 2015
KAREN BIES – Oait wie it myn dream Peter d’Hamecourt op te folgjen, NOS-korrespondint yn Ruslân. De Kâlde Oarloch wie al wat lij wurden, Gorbatsjov hie it oer glasnost en perestrojka en ik studearre Russysk. De kearen dat ik Moskou besocht, wie der in coup-poging, belâne ik yn demonstraasjes en seach ik lege sokkels fan […]
Publisearre op maandag, 9 november 2015
Achte hear Boeloe, Seagen jo froeger ek altyd nei Sesamstraat? Wy wol. It is ien fan myn alderearste jeugdherinnerings: der waard wat tekene en in tv-stim sei dat wy riede moasten wat it wurde soe. En ferdomd, op it stuit dat ik hiel hurd ‘auto’ troch de keamer balte, andere de stim: ‘Heel goed, het […]
Publisearre op woensdag, 21 oktober 2015
KAREN BIES – Foppe is werom by it earste alvetal fan Hearrenfean en dat is hartstikkene goed. Al koene de measte spilers syn pakesizzers wêze, ik soe it moaier fine as se ‘meneer De Haan’ tsjin him sizze. Of ‘meester Foppe’. Foppe kin goed mei de jeugd. As gimmestyklearaar soarge hy derfoar datst net út de […]
Publisearre op maandag, 19 oktober 2015
Achte Hearrenfean-supporters, Op in pearhûndert meter fan jim stadion stiet ‘Museum Heerenveen’, by guon miskien better bekend ûnder de âlde namme ‘Willem van Haren’. In aardich museum is it, mei as hichtepunt de folsleine seal dy’t oan it libben en wurk fan ‘Us Ferlosser’ wijd is – Domela Nieuwenhuis, de man dy’t foaropgie yn de […]
Publisearre op maandag, 5 oktober 2015
Achte hear Collier, Gatferdamme, wat baalde ik fan myn eigen ergernis, doe’t ik de bylden seach fan jo keunstprojekt ‘Koeien in de wei’. Dêr wie ‘k dochs echt eefkes benaud dat ik stikem preutser bin as tocht. Of dat ik sa pornofisearre bin dat ik by in bleatprojekt allinnich noch mar ferliedlik longerjende froulju sjen wol. […]
Publisearre op zondag, 20 september 2015
Achte boargemasters, De sinne stekt dizze dagen de evener wer oer en lit ús berêstend achter. It applaus foar it lêste iepenloftspul hat klonken, de polzen lizze al yn de skuorre, de keatslinen bongelje wer yn boskjes oan de muorre, de skûtsjes lizze oan de ketting yn it boathûs. De doar fan Iepenloftmuseum Fryslân kin […]
Publisearre op donderdag, 10 september 2015
ATE GRYPSTRA – Noch net sa lang lyn fertelde in man my dat hy in kollega hie dy’t tweintich (20!) talen behearske, wêrûnder floeiend Russysk en Bulgaarsk. Potdoarje, tocht ik, dêr kin Ivo Niehe noch in puntsje oan sûgje. Sels kom ik net folle fierder as in taaltsje as seis en de behearskingnivo’s binne nochal […]