Tûmba or not Tûmba

Achte frou Ottjes,

Wylst de studio fan Omrop Fryslân stadichoan it oansjoch krijt fan in distribúsjesintrum yn oarlochstiid, sjoch ik oeral om my hinne – it is allegear prachtich te folgjen op radio en televyzje – bliere gesichten. Grutske presintatoaren, opteine frijwilligers en stoere besoargers. Allegear fiele se har goed by de nommele bydrage dy’t se leverje oan it wolwêzen fan de minsken dy’t it minder hawwe.

Soms moat ik eefkes yn gefjocht mei myn eigen synisme. Is it net wat maklik, om sa flak foar de fette krystdagen noch hurd eefkes ús gewisse op te fluffen mei in ekstra pot blikbeantsjes en in pak droege rys? Is it net wat goedkeap, om as omrop de minsken oan jo te binen oer de holle fan earmelju? Is it net wat egoïstysk om de help te beheinen ta it behoeftige folk út eigen regio?

 

Net oardiele, mar nijsgjirrich wêze nei it frjemde. Net ôfslute, mar iepenstelle. Net nei it gefaar fan oaren sjen, mar nei de bydrage dy’tst sels leverje kinst. Dat moat.

 

Mar nee, synisme sil it net winne fan my. It is prachtich dat der sa manmachtich fuortjûn en ynsammele wurdt foar minsken dy’t it goed brûke kinne. Prima, moai, klear, punt. Bliid dat der safolle goeie minsken binne. Dat luchtet op, want dat gefoel wie’k wat kwytrekke, de ôfrûne dagen. Ik hearde de oanstjitlike útspraken fan FNP en Gemeentebelangen Achtkarspelen om ‘it folk earst rieplachtsje te wollen’ oer de komst fan in AZC yn dy gemeente. Dat betsjut: ‘We wolle dy bûtenlanners hjir net, mar wy litte it in oar lekker sizze’.

Op twitter die ik eefkes in hashtagje #rijksmuseum, nei it moedige beslút om it museum te suverjen fan stigmatisearjende wurden as ‘neger’ en ‘hottentot’. Binnen fiif minuten hie’k hûndert reaksjes garre dy’t der allegear op delkamen dat we tsjintwurdich ek neat mear sizze meie omdat dy bûtenlanners sokke lange teannen hawwe. En dat wie noch mar in pear dagen neidat Sylvana Simons op televyzje yn in glêsheldere en waarme rede útlei wêrom’t Swarte Piet wól kwetsend is foar in soad minsken – sy waard dêrnei op social media yn de meast rassistyske en seksistyske bewurdings ôfslachte. Gelokkich die eurocommissaris Frans Timmermans fannewike in prachtige oprop om ús iepen te stellen foar it frjemde, oft dat no keunstners of flechtlingen binne. It ûnbekende is de soerstof dêr’t ús flam op baarnt, sa fertelde Timmermans mei fjoer. Hún en spot wienen syn diel. En ik hong ferslein yn ‘e touwen.

As lêste rêdmiddel om wer op ‘e lapen te kommen strúnde ik eefkes oer de webside fan Tûmba. Der is yn elts gefal noch ien organisaasje dy’t him ynspanne wol foar ferdraachsumens, ferbining mei oare kultueren en in iepen blik op de wrâld. En hoe hurder koartsichtige riedsleden roppe dat jim subsydzje ynlutsen wurde moat omdat jim te min rekken hâlde mei de miening fan de mearderheid, hoe sterker jim besteansrjocht oantoand wurdt.

Mar, ‘Tûmba’… ik fyn it in namme fan niks. It skynt ien of oare Karibyske dûns te wêzen ofsa. Sil bêst, mar dat rykt my fierstentefolle nei Max Havelaarkofje en Wereldwinkelwaaiers. Linksgrifformearde hobby’s foar idealistyske babyboompensionado’s. In namme dy’t net rekket oan wat wy nedich ha yn dizze tiid, wêryn’t we it leafst in hikke om ús lân hinne sette, om ús tradysjes hinne, om ússels hinne. Want we binne bang wurden. Fannewike waard it ús wer ferteld troch it Centraal Planbureau: we binne gelokkich, mar hawwe eangst foar de takomst. Foar it ûnbekende.

We binne op ‘e doele as maatskippij. Neidat we al yn de foarige iuw de tsjerke ôfskreaun ha, sûnt Fortuyn de polityk fan aureool ûntdien ha, en dêrnei noch sjoernalisten, ûndernimmers, keunstners, rjochtspraak, bankiers en soarch- en alle oare soarten bestjoerders ôfservearre ha, ha we gjin paadwizers mear en doarmje we mei de eagen ticht troch in tsjustere nacht. Sa fielt it. En dat makket bang en ûnwis. En ûnwisse minsken slute har ôf foar it ûnbekende en klampe har krampeftich fêst oan besteande tradysjes en gebrûken. Wurde synysk.

En tsjin synisme bestiet mar ien medisyn: in iepen hâlding. Net oardiele, mar nijsgjirrich wêze nei it frjemde. Net ôfslute, mar iepenstelle. Net nei it gefaar fan oaren sjen, mar nei de bydrage dy’tst sels leverje kinst. Dat moat. Júst no, oars dûke we it swarte gat yn mei syn allen. Of sa’t Frans Timmermans seit: it is derop of derûnder foar de Europeeske kultuer.

Jim taak en belang is dus grutter as ea. Sûnder liedsmannen, religieus of profaan, binne jim de herdershûn dy’t de skiep yn de kuten byt as de kudde de ferkearde kant út rint. Mar dan moatte jim gau in oare namme ha. Net ien dy’t referearret oan in fiere wrâld en faach idealisme, mar ien dy’t ús hjir en no by de strôt krijt. Dy’t ús hjir en no oan it wurk set. Sadat we allegear yn de gaten krije dat it oan ússels is hoe’t wy de maatskippij hjir ynrjochtsje wolle.

Yntusken bouwe se by de Omrop steech fierder oan it kastiel fan doazen. It sil grif helpe. En salang’t jim dizze namme noch ha, kinne we ús allegear by it ynpakken fan de voedselpakketten de fraach stelle: Tûmba or not Tûmba. That’s the question.

 

Bart Kingma

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.