Funda

Publisearre op 28 december 2015

KAREN BIES – 

Ik klik op de foto’s fan it ferboude pleatske. De keamer hat in balkeplafond en brede finsterbanken. Yn ‘e wenkeuken skynt it sinneljocht op tafel. In studearkeamer mei iepenslaande doarren nei in tún, in tún … Slingerjende klinkerpaadsjes tusken de blommen troch, nei in terras en in sitkûle oan it wetter. In grut hiem rûnom mei fruitbeamkes, en fanút it prieel sicht op de ûndergeande sinne.

Ik dream fan koerende dowen en sweltsjes dy’t ûnder de daksgoate wei stowe, en sjoch mysels yn myn eigen studearkeamer sitten, wylts ik oan myn earste roman wurkje. Of myn twadde. Maitiids sil ik de blommen siedzje, hjerstmis de parren priuwe, jûns in Sancerre drinke op it terras.

 

De iene kear wol ik nei de stêd ferhûzje en alle jûnen op stap. De oare kear wol ik fier bûtenút wenje, myn wask ophingje tusken twa linepeallen yn de bleek, en mei gjin mins wat te krijen hawwe.

 

Ik rop M. en toan him it paradyske op myn laptop. Hy sjocht nei de foto’s fan dy weelderige tún en seit mar twa wurden: ‘Pens werk.’ Mar ik dream fierder achter Funda.

Seach ik mar nei huzen fan in miljoen, sadat it in hearlike dream bliuwt en ik jûns let de laptop tichtklap mei in resolút: ‘Sa. En no earst de lotterij winne.’ Om dêrnei gewoan op bêd te gean en yn in dreamleaze sliep te fallen. Mar nee, ik sjoch nei huzen dy’t krekt bûten myn berik binne.

Ferhûzje sit der foarearst dus net yn. Dus fersleep ik de bank en fervje ik in muorre en is it wol wer efkes goed. Mar de ûnrêst bliuwt, it gefoel dat der wat feroarje moat. De iene kear wol ik nei de stêd ferhûzje en alle jûnen op stap. De oare kear wol ik fier bûtenút wenje, myn wask ophingje tusken twa linepeallen yn de bleek, en mei gjin mins wat te krijen hawwe.

Miskien omdat myn stjerrebyld Twilling is. In Twilling wol fan alles, en alles tagelyk. M. fynt horoskopen flauwekul, dat komt, hy is in Faam fan stjerrebyld. Hy hoecht gjin sitkûle en hy is gewoan tefreden mei wat er hat.

Ach ja. Ik wit it ek wol. Foardat wy sa’n hûs betelje kinne, moatte wy beide fulltime wurkje en jûns noch bysnabbelje. Wannear soene wy dan bûtenom skilderje moatte en it gers meane en it fruit plukke? En dat boek skriuwe?

Ik sjoch mysels al sitten op dat terras. Mei myn hypoteek. En yn myn wynglês gjin Sancerre, mar in Moselblümchen.

 

Earder ferskynd yn de Moanne, 14 (2015), 5 (septimber), s. pag. 4

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]