Gefaar

KAREN BIES –

Oait wie it myn dream Peter d’Hamecourt op te folgjen, NOS-korrespondint yn Ruslân. De Kâlde Oarloch wie al wat lij wurden, Gorbatsjov hie it oer glasnost en perestrojka en ik studearre Russysk. De kearen dat ik Moskou besocht, wie der in coup-poging, belâne ik yn demonstraasjes en seach ik lege sokkels fan âlde Sovjethelden. Spanning en gefaar, wat wol in sjoernalist noch mear.

Troch omstannichheden, dy’t ik allegear net neame sil, is it net Ruslân wurden mar Fryslân. Mei itselde tal ynwenners as in beskieden bûtenwyk fan Moskou. Spanning en gefaar is hjir meastal fier te sykjen. It slimste dat dy gebeure kin, is datst troch it iis sakkest. Mar sels dát risiko ha iismasters, rayonhaden en Piet Paulusma al ta in minumum beheind. Kinst dy eins nergens in bult oan falle. Moatst allinnich in bytsje hoeden mei dyn wurden omgean, omdat elkenien yn Fryslân famylje fan elkoar is.

In coup hoege wy hjir net te ferwachtsjen. De lêste oprop ta revolúsje is hast hûndert jier lyn en blykte ‘it fersin fan Troelstra’. Oarloch is fier fuort. En ás dy ris wat tichterby komt, omdat wy oarlochsflechtlingen opheine moatte, prate wy it leafst oer ús eigen feilichheid en wat in asylsikersintrum betsjut foar de wearde fan ús hûs. Rykdom sprekt fansels. Wy lûke de gerdinen ticht, stekke in kearske oan en driuwe fierder yn ús fet.

Ik tocht dêroan doe’t ik lekkens stie te striken. Yn de sporthal fan ús doarp soene 150 flechtlingen opfongen wurde en se hiene skjin bêdeguod nedich. Ik stryk hast noait en seker gjin hoeslekkens. M. wie dan ek stomferbaasd doe’t er my stean seach achter de strykplanke. ‘Moatst earst hielendal út Syrië komme, om hjir in kear ûnder in strutsen dekbêd te lizzen?’ Mar ik hie it sjoernaal oanstean en tocht oan dy ellindige lange reis fan dy minsken om hjir te kommen en wat se allegear meimakke hawwe yn Aleppo of wit-ik-wêr. Dyn lêste sinten útjaan oan in seereis yn in wiffe rubberboat. Dagenlang rinne troch de East-Europeeske drek, mei dyn bern op ‘e earm. It soe harren miskien niks útmeitsje, mar it wie krekt of holp it mysels wól wat, as ik it gleonhjitte strykizer oer de knûkels helle.

Ik wie de iennichste net. It doarp brocht steapels lekkens, tekkens, klean en boartersguod, der kaam gjin ein oan. Safolle frijwilligers hiene oanbean om te helpen yn de sporthal, de flechtlingen koene hast ien-op-ien begelieding krije. Fiif dagen krisisopfang waard úteinlik in wike, om it organisearre aktiviteiteprogramma mei spultsjes, dûns en muzyk ôfwurkje te kinnen. Nee hear, dat is flau. It is moai dat it hjir yn Oerterp sa oars gie as yn bygelyks Steenbergen of Woerden. Ik bin suver grutsk op myn doarp.

Doe’t de flechtlingen wer fuort moasten, waard der gûld by it ôfskie. De bus gong nei Hulst yn Seelân. In heale dei riden. Underweis nei de safolste Nederlânske sporthal, dêr’t se de kommende dagen wer bivakkearje sille op in fjildbedsje fan it Reade Krús. Sûnder gefaar, dat wol. Hopelik ûnder friswosken, glêde, sêfte lekkens.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.