fotografy: SC Heerenveen

Meneer De Haan

KAREN BIES – 

Foppe is werom by it earste alvetal fan Hearrenfean en dat is hartstikkene goed. Al koene de measte spilers syn pakesizzers wêze, ik soe it moaier fine as se ‘meneer De Haan’ tsjin him sizze. Of ‘meester Foppe’.

Foppe kin goed mei de jeugd. As gimmestyklearaar soarge hy derfoar datst net út de ringen foelst by it fûgelnestje. Of klom hy yn it wandrek achter dy oan, ast boppe-yn sietst en net mear nei ûnderen doardest. Foppe fynt dat alle bern sporte moatte. Foar de wille fansels, en omdat se dêr leare har oan spulregels te hâlden en dus net sa gau rotsoai traapje. Mei it Foppe-fûns wurde handikapte bern holpen mei sport, sadat se grinzen ferlizze en mear eigen mooglikheden ûntdekke.

 

In man dy’t al de status hat fan in ikoan, moat útsjen dat er net ék noch Us Ferlosser wurdt.

 

As trainer waard hy mei Jong Oranje twa kear Europeesk kampioen. By SC Hearrenfean wie Foppe de langstsittende trainer yn it betelle fuotbal. Nei mear as fiifhûndert wedstriden naam er yn 2004 ôfskie mei de triennen yn de eagen.

No is Foppe gau oandien, mar it risseltaat fan dit seizoen oant no ta is écht om te gûlen: sân punten út njoggen wedstriden. Trainer Dwight Lodeweges is opstapt. Doe ha se Foppe frege om it fuotbal fan Hearrenfean wer oan de praat te krijen. Foar de kommende fjouwer wedstriden hat er tasein.

Dêrby sit ek de derby tsjin Cambuur, nije wike. Ik tink dat Henk de Jong en Foppe de Haan beide it Frysk folksliet mei fjoer meisjonge sille, dan elts apart foar de winst geane, mar dat se it nei de wedstryd tegearre wer hiel gesellich hawwe. Fanatyk, mar fatsoenlik. Oer Dwight seit Foppe: ‘Dwight is in hartstikkene prima man.’ Oer Hearrenfean: ‘Hearrenfean is myn klup, se sitte dik yn de shit en dan bin ik solidêr.’ Dat is Foppe. Hy wurdt frege, fynt fuotbaljen leuk, praat in jûn mei syn frou en docht it.

Kinst dy fansels wol ôffreegje oft dit no in goed idee is fan SC Hearrenfean. Sa komme se ommers noait fan de erfenis fan it duo Riemer & Foppe ôf. Alle kameralinzen en supporterseagen binne rjochte op Foppe. In man dy’t al de status hat fan in ikoan, moat útsjen dat er net ék noch Us Ferlosser wurdt.

Fannemoarn op de earste training frege Foppe de spilers wêrom’t se froeger altyd sa graach fuotbalje woene. Omdat se fuotbaljen leuk fûnen, dochs? Lit mar sjen dan! hie Foppe sein. Miskien is it yndied sa simpel.

Yn in filmke oer it Foppe-fûns sjoch ik Willem van Hanegem dy’t fan ûntroering net mear út syn wurden komme kin, en Foppe dy’t it ek alwer net droech hâldt. Sentimintele âlde mannen. Mar wat jout dat? Foppe de Haan is 72 jier en de Hearrenfeanspilers mochten wólle dat se syn pakesizzers wiene. Lústerje nei master, en no fuotbalje, blinder.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.