• 13 november 2019

    RYNK BOSMA -  ‘De mins is net oars as de plant, hy of sy hat in soad wetter en ljocht nedich mar boppe al in protte leafde’. Sa seit Jan Eekma as doarpsdokter Goedhart yn 'De Bûsedokter', de nije foarstelling fan Teatergroep Sult yn de kas FleurigBuiten yn Koudum. Dokter Goedhart is yn de hjerst fan syn libben en siteart syn ferstoarne frou Janke, ‘Ik [...]

  • 14 oktober 2019

    RYNK BOSMA -  By tafal seach de Nederlânske skriuwer Arthur Japin yn de jierren njoggentich in deasike frou yn in praatprogramma op televyzje. De frou hie net lang mear te gean yn dit libben en socht in geskikte opfolger foar harsels sadat har man net allinne bliuwe soe. Dat tema brûkte Japin foar de roman De man van je leven dat ferline jier as toanielstik [...]

  • 7 oktober 2019

    ELSKE SCHOTANUS -  Al wurdt in toanielfoarstelling skreaun en regissearre – is tekst it fûnemint – al spylje foarmjouwing, ljocht, muzyk en technyk in wichtige rol by de yndruk dy’t in stik op it publyk makket, it binne de spilers dy’t it bouwurk oplûke. Yn de Tryaterfoarstelling Raze om protters, skreaun en regisearre troch Eelco Venema, binne dat Raymond Muller as de autistyske Doede, Aly [...]

  • 16 september 2019

    ELSKE SCHOTANUS -  Nei it súksesfolle ‘De Suvering’, twa jier ferlyn mei de fertutearze wettersuvering fan de eardere suvelfabryk as dekôr, bringt de Stifting Iepenloftspul Wergea dit jier op ’e nij lokaasjeteater. Diskear giet it om in harkspul. Mei de koptelefoan op fart it publyk yn trije preammen troch de Ringfeart om de ynpoldere Greate Mar. De ferteller fertelt it ferhaal ‘It lûd fan de [...]

  • 2 september 2019

    ELSKE SCHOTANUS -  Stjer yn it tsjuster is de perfekte foarstelling foar Jorwert, it doarp dat mei syn jierlikse iepenloftspul alle jierren wer in enoarme cast oan spilers, musisy en dûnsers op ’e planken yn de notaristún wit te krijen. It stik is basearre op Lars von Trier syn film Dancer in the Dark, mei de Yslânske sjongeres Björk yn ’e haadrol. Al is it de [...]

  • 1 juli 2019

    ELSKE SCHOTANUS -  ‘It Oera Linda-boek,’ sei professor Goffe Jensma ris, ‘is de grutste literêre fyt oait.’ Toanielselskip Kom mar op! Suwâld bringt it ferhaal as in iepenloftspul, regissearre troch Grytha Visser. Binne de kaarten foar iepenloftfoarstellingen hast altyd yn it foar al útferkocht, by de premjêre fan de foarstelling Oera Linda, tongersdei 27 juny, wie de tribune heel leech. Of heal fol. Spitich, want [...]

  • 24 april 2019

    ELSKE SCHOTANUS -  Op de website van Het Posthuis staan, bij de aankondiging van de voorstelling Paradijsvogels van poppenspeler Fred Delfgaauw, op 18 april in Heerenveen, enkele citaten uit recensies en ook hoeveel sterren er werden gegeven. NRC drie, Trouw drie en de Theaterkrant drie. Drie sterren? Drie sterren betekent: matig. Al kun je twijfelen aan het nut van sterren als beoordeling, als het dan toch [...]

  • 22 februari 2019

    ELSKE SCHOTANUS -  Woest (4+) € 9,-, Rupsje Nooitgenoeg (4+) € 15,-, Hamlet as famyljefoarstelling € 25,50, Assepoester (6+) € 22). Samar in gryp út it teäteroanbod en wa’t no en dan mei bern in foarstelling sjocht, krijt sûnder mis de fraach: ‘Wannear gean wy wer nei it teäter?’ Wat is it dan moai as ék bern, dy’t net yn de gelegenheid binne om nei [...]

  • 4 februari 2019

    ELSKE SCHOTANUS -  De teaterfoarstelling Rishi, fan de Firma Mes, is basearre op in wier bard foarfallen: novimber 2012 skeat in plysjeman de santjinjierrige Surinaamsk-Hindoestaanske Rishi Chandrikasing dea op perron fjouwer fan stasjon Den Haag Hollands Spoor. It stik is in rekonstruksje fan dat barren en it earste datst dy, as publyk, yn it foar dan ek ôffregest: gie it om in hanneling út rasistyske [...]