Rishi komt jin ticht op ’e hûd

ELSKE SCHOTANUS – 

De teaterfoarstelling Rishi, fan de Firma Mes, is basearre op in wier bard foarfallen: novimber 2012 skeat in plysjeman de santjinjierrige Surinaamsk-Hindoestaanske Rishi Chandrikasing dea op perron fjouwer fan stasjon Den Haag Hollands Spoor. It stik is in rekonstruksje fan dat barren en it earste datst dy, as publyk, yn it foar dan ek ôffregest: gie it om in hanneling út rasistyske motiven wei?

 

Foaral it tema en it foartreffelike spul makket dat ek Rishi it publyk ticht op ’e hûd komt. Bisto – bin ik – frij fan etnysk profilearjen? Diskriminaasje? Rasisme?

 

De trije akteurs, Daan van Dijsseldonk, Lot van Lunteren en Lindertje Mans bringe sa’n fiifentweintich perspektiven op it barren fan likefolle belutsenen. Dat rint fan it justisjeel apparaat dat de plysjeman frijspruts fan deaslach oant en mei de mem dy’t har soan, ‘zo’n lieve jongen’, foargoed kwyt is. Der binne de tsjûgen op it perron, de kollega’s fan de plysjeman, freonen en famyljeleden. De toan is saaklik as it om de rjochtsaak giet en ek bygelyks as, neidat it slachtoffer yn it sikehûs bloed ôfnaam is, it toksikologysk rapport trochnaam wurdt. Stoer is Lot van Lunteren as sjitynstuktuer dy’t útleit en foardocht wannear en hoe op de skonken te rjochtsjen (oanhâldingsfjoer) en wannear en hoe op it boarst (needwar), mar ek kritysk: want is it tal oeren dat oan de trainingen bestege wurdt net te koart? Yn har rol fan sjoernalist seit sy net rassistysk te wêzen – sa begjint selsferdigening gauris yn dit stik fan saken – mar leit se ál de klam op de kriminaliteit ûnder minsken fan bûtenlânsk komôf. Mei de dieder meilibjend is Daan van Dijsseldonk as kollega fan de sjittende plysjeman en emosjoneel as neef fan Rishi, like emosjoneel as Lindertje Mans as tsjûge en letter as in freondinne fan it slachtoffer. Sa glide de trije spilers naadleas fan de iene rol yn de oare.

Spile rasisme in rol by de dieder? Ut de rekonstruksje sa’t dy op it toaniel brocht wurdt, docht bliken fan net. De plysjeman hie fia de meldkeamer te hearren krigen dat Rishi in pistoal by him hie. Hy fleach, mei twa kollega’s de trep nei it perron op, ynterpretearre in hânbeweging as: hy is bewapene, no is it hy of ik. En rekket him yn de nekke, in deadlik skot.

Dat hy derfan út gong dat Rishi bewapene wie, sit benammen yn it trajekt dêrfoar: in reizger docht melding by personiel: der stiet in man op it perron, ien mei in kleurke, yn in wite jas en hy is fjoerwapengefaarlik. It is dy melding dy’t oer ferskillende skiven giet en dy’t troch elk foar wier oannaam wurdt. En, al is Rishi gjin hillige – hy is earder oppakt, yn syn bloed wurde ghb en alkohol fûn – de jonge, dêr op dat perron is nét bewapene…

Fan de skriuwer, Kees Roorda, waard yn 2016troch Tryater De Wierheid fan Wylgeragea op de planken brocht. Spitich is it dat in troch in Nederlânsk selskip brochte foarstelling yn de provinsje lang safolle omtinken net krijt as in Tryaterstik, net as it giet om resinsjes en likemin as it giet om it tal kearen dat in stik troch Fryske teaters oankocht wurdt. Spitich, want de tematyk fan beide stikken rekket elkoar.

Hoe sjocht de mienskip, dy fan in doarp, oan tsjin de bûtensteander as der ynbrutsen wurdt, dêr gie De Wierheid fan Wylgeragea oer. Yn dat stik is it in jonge Poal dy’t slachtoffere wurdt wyls in doarpsbewenner de dieder is. It binne de meganismen dy’t ek optreden yn de saak Marianne Vaatstra dêr’t, ûnterjochte, asylsikers fan betichte waarden. Yn beide stikken spilet etnysk profilearje as ûnderlizzend meganisme in rol, mar oars as yn it Tryaterstik sit Rishi, dêr’t de skriuwer plysjerapporten foar brûkte en tal fan petearen foar die, hiel ticht op de feiten. Lykas by De Wierheid fan Wylgeragea nimme de akteurs ferkillende rollen op har en sit it publyk om har hinne. Dat, mar foaral it tema en it foartreffelike spul makket dat ek Rishi it publyk ticht op ’e hûd komt. Bisto – bin ik – frij fan etnysk profilearjen? Diskriminaasje? Rasisme?

 

Beide toanielteksten binne publisearre yn it boek ‘Eclips en andere teksten’.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.