fotografy: Bas de Brouwer

‘Raze om protters’: skreau om oandacht

ELSKE SCHOTANUS – 

Al wurdt in toanielfoarstelling skreaun en regissearre – is tekst it fûnemint – al spylje foarmjouwing, ljocht, muzyk en technyk in wichtige rol by de yndruk dy’t in stik op it publyk makket, it binne de spilers dy’t it bouwurk oplûke. Yn de Tryaterfoarstelling Raze om protters, skreaun en regisearre troch Eelco Venema, binne dat Raymond Muller as de autistyske Doede, Aly Bruinsma as syn mem, Mads Wittermans as Rikkert, syn begelieder en Olympia Kotopoulos as Zoë, de thúshelp.

 

Sûnder dat it boadskip der boppe-op leit, set de foarstelling mei humoristyske, betiden hilaryske, mar ek mei oandwaanlike en, mei tank oan Olympia Kotopoulos betsjoenende sênes, it publyk ta tinken: lit minsken mei in flekje net raze om échte oandacht.

 

Doede komt op en út syn monolooch, rjochte op ’e minsken yn ’e seal, blykt daliks al ien fan de skaaimerken fan in man mei, sa’t men it neamt, in ‘stoarnis yn it autistyske spektrum’: hy wol alles yn ’e hân hâlde. Dat der harke wurdt, dat de telefoans útgean, minsken der net troch hinne prate… Hy bliuwt stykjen, syn eagen sjitte nerveus hinne-en-wer, hy ferstrûpt deryn, begjint op e nij. Dêrby giet it der net om – al wurdt oannimlik makke dat it hjir om in autistyske man giet – in typke del te setten, de foarstelling draait wat oars: hoe giet de maatskippij om mei minsken mei in ‘flekje’.

Sa krijt Doede, neidat hy syn wurkplak by de sosjale wurkfoarsjenning kwytrekke is, in fragelist foarlein op grûn wêrfan in banenafspraak makke wurde sil. Mooglik dat sa’n fragelist foar profesjonels yn ’e helpferliening te begripen is, mar net foar Doede, want hat er no in sykte of in hendikep? En beschut werk? As autist nimt er it begryp letterlik. De tekst fan de fragelist is oer de speakers te hearren en humoristysk is it neamen fan alderhande ôfkoartingen fan útkearingen.

Doede syn mem hat artritis, mei oarsaak derfan dat sy knap krimmenearderich is. Dizze mem en dizze soan meitsje dat de twa foar de helpferliening in ‘kasus’ binne. Begelieder Rikkert kin it moai útlizze: de help dy’t de twa nedich ha, it netwurk, it partisipearjen yn de maatskippij: ‘Ik geloof in een samenleving waarin iedereen meedoet.’ As Doede lykwols werklik kontakt mei syn helpferliener siket –tegearre in pilske drinke – hâldt Rikkert de boat ôf: ‘Doede, wy ha in saaklike relaasje…’ Dat feroaret net earder as wannear’t Rikkert sels flipt.

Beskriuwst de foarstelling sa, dan klinkt it as in ‘dreech’ en ‘swier’ ferhaal en foaral ek belearend. En ja, der is in boadskip, tagelyk wurdt it ferhaal sa lichtfuottich brocht, datst geregeld it laitsjen net ynhâlde kinst. Fertelt Doede oer Rikkert, dan tilt er him, as gie it om in etalaazjepop, it toaniel op.

As in wiere autist hat er inkelde fassinaasjes: dowen, lantearnepeallen en… Elske de Wall, de sjongeres fan it ferske ‘Raze om protters’ dat Doede sa oansprekt. Prachtich dien is hoe’t de dowen, as sieten se yn hokjes, op skerms ferskine. Humoristysk is hoe’t hy fertelt oer de pappegaai, dy’t er earder hie en dy’t ‘Bliksem Pibe’ sizze koe. Mar it aldermoaist binne de sênes mei Zoë, de Ingelsk pratende thúshelp, brocht troch de prachtige balletdûnseres Olympia Kotopoulos. Sy wint de mem, dy’t earst behoarlik ôfhâldend op sa’n bûtenlânske thúshelp reagearret, foar har. Doede rekket, neidat er earder Elske de Wall stalke hat, fereale op har. Dat giet mis, want hy seit wat er bedoelt, mar sizze wat je bedoele – ik wol dy neaken sjen – is net handich.

Dat is de ynhâldlike kant, mar hoe moai is Zoë as sy dûnset, solo, tegearre mei Doede en benammen as sy, yn de stjersêne fan de mem, as in wie sy in ingel, de mem har gedachten en emoasjes ferbyldet yn dûnsbewegingen, har fêsthâldt en fuortfiert.

As autist kin Doede no en dan opspatte, krijt er geregeld de koartsluting yn ’e kop. Dêrby moast ik tinke oan It bjusterbaarlike foarfal fan de hûn yn de nacht, de foarstelling yn Jorwert, yn 2017, oer de autistyske Kristian: ek yn dy foarstelling waarden prosessen yn ’e holle op skerms werjûn. Yn dy foarstelling gie it om symptomen, mar ek om de reaksjes fan en de ynfloed op de neiste omjouwing.

Itselde jildt foar Raze om protters, al leit dêr it aksint mear op maatskiplike fenomenen: helpferliening, útkearingen, wetjouwing, media. Sûnder dat it boadskip der boppe-op leit, set de foarstelling mei humoristyske, betiden hilaryske, mar ek mei oandwaanlike en, mei tank oan Olympia Kotopoulos betsjoenende sênes, it publyk ta tinken: lit minsken mei in flekje net raze om échte oandacht.

 

Under it kopke Tryater Rûnom is der in ferdjippingsprogramma mei aktiviteiten dy’t oanslute op it tema. Foar ynformaasje en spyllist, sjoch:  https://tryater.nl

Comments
Ien reaksje oan “‘Raze om protters’: skreau om oandacht”
  1. Lammie schreef:

    Gisteravond in Makkinga genoten van het geweldige acteerwerk en dans van de acteurs. Ik vond het Engels slecht verstaanbaar omdat er haastig gesproken werd. En Rikkert vond ik te langdradig toen hij te diep in het glaasje had gekeken. Maar waar het om gaat: de boodschap is overgekomen!

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.