Ek leafde is yn libben foaral leauwen

Publisearre op 14 oktober 2019

RYNK BOSMA – 

By tafal seach de Nederlânske skriuwer Arthur Japin yn de jierren njoggentich in deasike frou yn in praatprogramma op televyzje. De frou hie net lang mear te gean yn dit libben en socht in geskikte opfolger foar harsels sadat har man net allinne bliuwe soe. Dat tema brûkte Japin foar de roman De man van je leven dat ferline jier as toanielstik opfierd waard yn Amsterdam. Jan Arendz en Marijke Geertsma seagen it stik en wienen ‘út de skroeven’ sa’t Geertsma dat sei.

 

De krêft fan de foarstelling leit yn de formule dat it publyk op ‘e hichte is fan dy trijehoeksferhâlding en dat smyt in soad humor op yn opmerkingen mei in dûbele boaiem.

 

Geertsma sette it ferhaal oer yn it Frysk en dizze hjerst en winter spylje Arendz, Geertsma en gastspylster Anke Bijlsma de foarstelling De man fan dyn libben. Geertsma spilet de sike frou Tilly dy’t har man Marius (Jan Arendz) goed efterlitte wol en dus siket Tilly in nije frou foar him. Op de kontaktadvertinsje komt de kreaze Iris (Anke Bijlsma) ôf en dan docht bliken dat Marius en Iris elkoar al kenne op in wize dy’t net bekind wêze soe by Tilly.

De krêft fan de foarstelling leit yn de formule dat it publyk op ‘e hichte is fan dy trijehoeksferhâlding en dat smyt in soad humor op yn opmerkingen mei in dûbele boaiem. De stikeme ferhâlding is in heal jier lyn ta in ein kaam en it is sa’t Iris it seit: ‘De herinnering bliuwt hingjen, it oare komt wol wer oerein’. Wylst Marius tajout dat dizze konfrontaasje him in stik âlder makket, ‘Benammen de lêste tritich sekonden’.

It is de tsiende foarstelling fan regisseur Bruun Kuijt mei Arendz en Geertsma en ek yn dizze foarstelling leit de klam op it fertellen fan in ferhaal. Wat dat oanbelanget is it dus in klassike foarstelling dy’t de minsken in hiele jûn yn de besnijing hâldt. Om dy reden kin hjir ek neat sein wurde oer hoe’t it ferhaal ôfrint. It is just dy spanning fan hoe’t it ferhaal ôfrinne sil, dy’t it ta in moaie foarstelling makket.

De man Marius wurdt delsetten as in man dy’t it út de wei gean fan it meitsjen fan in keuze ta in foarm fan keunst makket. Trouwens lykas in soad mannen dy’t langere tiid elke wike de ferkearde doar binnenstappe. It is in foarstelling wêryn wurden in web weve fan hannelingen dy’t allegearre yn elkoar gripe. Mar gjinien wit wa’t no eins de spin yn dat web is. Dat makket de foarstelling mear spannend as tragys, mear grappich as somber, ek al komt it byld fan de dea dy’t tichterby komt nea fier fuort is.

De titel fan ‘de man fan dyn libben’ is eins in kwestje fan leauwen yn de leafde tusken twa minsken dy’t krekt like ivich duorret as de see rûnom it eilân wêr’t it ferhaal him ôfspilet. En dat leauwen wurdt fansels bepaald troch it byld dat de man fan de frou hat en dat kin ek omdraaid wurde. Yn dit gefal it byld dat Tilly fan har man hat as in man dy’t aansens ferdwale sil yn in libben sûnder har. Of dat byld kloppet wurdt stadichoan ûnderút helle want as je as man al in kear ferdwaald binne troch in ferkearde doar binnen te gean, dan kin dat letter krekt like goed wer barre.

Dat alles makket fan de foarstelling in hilarys en spannend gehiel mei in soad dûbele wierheden. Mei de spannende fraach wa fan de trije de measte takomst hat, de sike Tilly dy’t eins sûnder takomst is en no nei de wite skelpen op it strân sjocht. Dat yn de wittenskip dat de dei tichteby is dat sy dy skelpen nea wer sjen sil, wylst se der altiten al leinen. Of de twa oaren, Iris en Marius, dy’t in takomst ha mar net witte hoe’t dy der útsjocht. Wraak en wille mei de fêststelling dat ‘oergeunst de iennige sonde is sûnder wille’.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]