Prachtige Bûsedokter is in ‘hekeldicht’ fan no

Publisearre op 13 november 2019

RYNK BOSMA – 

‘De mins is net oars as de plant, hy of sy hat in soad wetter en ljocht nedich mar boppe al in protte leafde’. Sa seit Jan Eekma as doarpsdokter Goedhart yn ‘De Bûsedokter’, de nije foarstelling fan Teatergroep Sult yn de kas FleurigBuiten yn Koudum. Dokter Goedhart is yn de hjerst fan syn libben en siteart syn ferstoarne frou Janke, ‘Ik kin allinne mar janke om Janke’, sa sucht de man dy’t betiden te faak sykje moat om nammen want syn ûnthâld is net mear wat it wie.

 

It fertelde ferhaal sels is as de fallende hjerstblêden dy’t fan boppe deldwarrelje, in sûnenssoarch fan no mei de kleuren fan de hjerst.

 

Mar de namme Sacco Sorgdrager rekket hy mar net kwyt wylst hy de geraniums yn de kwekerij wetter jout. In fersliten dokterstas yn ‘e hân as in stikje ark dat hy net rjocht mear thús bringe kin. Gelokkich binne dêr de trije ‘Earrebarrebekkens’ dy’t him mei ynformaasje wat op de hichte hâlde. Moaie rollen fan Ytsje Hettinga, Feikje Kramer en Feikje Hovenga. In toanielkonstruksje sa’t dat ek yn Macbeth fan William Shakespeare tapast waard. In namme mei in knypeach nei alles wat mei it krijen fan in lytse pop te meitsjen hat. Ea in hiel wichtich ûnderdiel fan wat in dokter op in doarp te dwaan stie.

De trije froulju mei in boeket blommen op de holle dy’t noch witte hoe’t dokter Goedhart op in swarte fyts troch it doarp fytste. In klassike dokter dy’t de minsken fan it doarp koe, tiid naam foar de pasjint en ek frege hoe’t it mei de bern wie. Foar it publyk in hiel wjerkenber byld, sa die bliken út de ferskillende ynstimmende reaksjes. Mar dan komt kweker Sacco Sorgdrager op it paad fan de dokter, in moaie rol fan Jehannes Arendz.

As Sorgdrager fyftich jier wurdt dan krijt hy fan syn frou in ‘gezondheidsapp’ kado. En dy ‘bûsedokter’ set it libben fan Sorgdrager op syn kop. Hy fielt him sûn mar dat is net mear wichtich op it momint dat de bûsedokter yn de kleuren grien en read útmakket hoe’t Sacco him fielt. De gjalp fan Goedhart dat ‘Not the app but the apple keeps the docter away’ wurdt net heard en Sacco komt terjochte yn de wrâld fan de ‘protocollen’ dy’t heechút tsien minuten duorje meie.

De tragyk fan dizze satire is dat it de minsken net it gefoel jout dat it allegearre wat oerdreaun wurdt. It is oh sa wjerkenber sadat je mear sitte te sjen nei in spegel fan maatskippij sa’t dy yn de rin fan de jierren wurden is. Mei as hichtepunt de karnavaleske ferbylding fan de minsken dy’t de wrâld en de macht fan de ‘pharmaceutische industrie’ en de ‘zorgverzekeraars’ fertsjintwurdigje. As in klown of kanavalprins gnize om de noeden fan de pasjinten mei it glimke fan dit rekket my net en jim as pasjinten kinne my net reitsje want myn macht is te grut foar jim.

Foar de útbylding wurdt in rjochtbank ynrjochte en it Húsartsekoar sjongt har lieten as in groep minsken dy’t aansens útstjerre sil. It sikehûs wurdt foar Sacco yn trije moanne tiid it ‘voorportaal van de hel’ wêr’t hy tritich kear komt en mei in kroade fol medisinen ta de doar útgiet sûnder dat de dokters witte wat him mankeart. ‘Soarch fan tichteby is net mear fan dizze tiid, en dizze tiid is net mear fan my’, want ‘It systeem hat ús yn ‘e macht’ sa fiert Goedhart syn gefjocht oan de sydline.

En sa wurdt de foarstelling mear in ‘hekeldicht’ wêr’t Joost van den Vondel him net foar skamje soe. De tragyk leit him yn it fertellen fan in ferhaal dat tichter by de wurklikheid leit dan as men winskje soe. Dy tragyk hat in wat al te swier oansetten begraffenis net nedich. It fertelde ferhaal sels is as de fallende hjerstblêden dy’t fan boppe deldwarrelje, in sûnenssoarch fan no mei de kleuren fan de hjerst. Mei in prachige foarstelling. ‘De Bûsedokter’ om ús der foar te warskôgjen dat it op maatskiplik en minsklik mêd echt hjerst wurdt.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]