Wat Tryater Jong skoalbern bringe kin

Publisearre op 22 februari 2019

ELSKE SCHOTANUS – 

Woest (4+) € 9,-, Rupsje Nooitgenoeg (4+) € 15,-, Hamlet as famyljefoarstelling € 25,50, Assepoester (6+) € 22). Samar in gryp út it teäteroanbod en wa’t no en dan mei bern in foarstelling sjocht, krijt sûnder mis de fraach: ‘Wannear gean wy wer nei it teäter?’ Wat is it dan moai as ék bern, dy’t net yn de gelegenheid binne om nei ien fan de teaters, fia skoalle foarstellingen sjen kinne. Tongersdeitemiddei, yn it Tryatergebou yn Ljouwert, gong Rûntsje Hûntsje (4+) yn premjêre en jûns wie dêr de reprise-premjêre fan Karawana.

 

Der sit safolle yn dizze absurde, hilaryske foarstelling datst mar jaloersk wêze kinst ast gjin groep 7 of 8-learling bist fan ien fan de 45 scholen yn de provinsje dy’t Karawane de kommende tiid sjen sille.

 

Rûntsje Hûntsje
Berneteater: it is de spanning dy’t bern fiele foardat it stik begjint, it is de ferwûndering dy’t him uteret as hjir en dêr in mûle iepen sakket, it is útdage wurde om mei de karakters mei te libjen, it prikelet de fantasij en nûget ta neitinken en petear.

‘Mjitte is witte en witte is mjitte’, sa nûget ûndersyktster Hilde (Eline de Vries) it publyk mei de seal yn. Sy ûndersiket gatten, fjoergatten en wettergatten bygelyks en dy binne rûn en dy binne djip en dy binne hyt of dy binne kâld. Dat docht se tegearre mei Mûs (in pop), har assistint. Mar sels in djip gat yn gean? Gjin sprake fan. Want mjitte is witte en sûnder mjitten witst net watst dêr tsjinkomst. Oant op in stuit Ayo (Sjoerd Blom) mei syn hûntsje (ek in pop) foarby komt en it hûntsje, nijsgjirrich brutaal as hûntsjes binne, yn it gat ferdwynt. Ayo is der kapot fan en sa komt it dat mûs Hilde oerhellet om mei it gat yn. Hieltyd djipper it gat yn en wat komst dan, yn de ferskillende boaiemlagen tsjin?

It is swingend, der is rym en ek oars wurdt der boarte mei taal: Got it? En bliuw mei dyn gat op de bank sitten. It is edukatyf, want wat is der allegear wol net rûn? En der wurdt prachtich boarte mei lûden en muzyk, bygelyks as Hilda de buiskes mei meunsters út de ûndersochte gatten iepen docht. De beukers grave manmachtich, as wiene sy hûntsjes, mei om hieltyd djipper yn it gat te ferdwinen. De eangst om it tsjuster fan it gat yn wurdt oerwûn en hoe djipper ast op aventoer giest, hoe mear ast ûntdekst.

As ‘grut minsk’ moatst miskien hielendal gjin oardiel ha oer in foarstelling foar bern en allinne sjen nei de reaksjes fan de beukers om dy hinne. Boeit it hár net, dan prate se dertroch hinne, boeit it ál dan dogge se mei: rûntsjes oanwize, mei de hannen grave, mei suggestjes komme as der in bonke fûn wurdt oer wat dermei barre moat. Rûntsje Hûntsje is in libbene Frysktalige foarstelling ûnder regy fan Tatiana Pratley mei foar de basiskoallen in lespakket dat ûnder mear oantrúnt ta filosofearje oer freonskip.

 

Karawana
July 2018 seach ik de Tryater Jongfoarstelling Karawana (konsept en regy Tamara Schoppert) yn de ‘sneak preview’ en no, foar de twadde kear it stik, eins bedoeld foar skoalbern út de groepen 7 en 8, nochrisom. Soe men my freegje om jûn daliks wer, dan sei ik gjin nee. Want it geniet fan taal en klanken – dat is wêr’t it oer giet.

‘Karawane, karawane, niet te snappen, niet te vatten, niet te behappen, zie wel, mag wel, mag best, poerbêst!’ Babel – in ferwizing nei de spraakbetizing – stiet op de bar fan de foyer dêr’t yn in rappe monolooch it taalspul al begjint, noch foardat hy, algeduerigen pratende, it publyk troch de gong de seal yn lokket. De earste wurden fertokje, tagelyk fetsje se de foarstelling gear: Karawane is in assosjatyf spul fan talen, klanken en lûden, fan rym en ûnrym, fan it ferskowen fan betsjuttingen, binnen  en tusken talen. ‘Niet te snappen.’ En wol dat ek net. ‘Jolifanto bambla ô falli bambla. Grossiga m’pfa habla horem’, de earste rigels fan it klankgedicht ‘Karawane’ van  Dadaïst Hugo Ball litte dy oars nei de dingen sjen en dat jildt ek foar it stik.

Der is Russysk. Docht it derta dat nimmen it ferstiet? Mill skriuwt brieven, mar oan wa, dat wit gjinien oant, sawat oan de ein, de fraach stelt wurdt: ‘Ben je gelukkiger naarmate je langer wordt?’ In nuvere fraach. Even tinkst dat it giet oer it opgroeien. Oant… bliken docht dat Mill har brieven skriuwt oan it papier wêrop’t sy dy skriuwt: ‘Lieve brief’. Der is it oan elkoar knopen fan talen. Schiff wurdt scheef yn it Nederlânsk, oerset as bryk. En hoe sprekst ‘jas’ út? Projektearre op it dekôr, dat út wite flier- en wandtegels bestiet, ferskine de wurden: ‘Dit is het einde’. As Babel dêr op yngiet, komt it op it systeem fan ôfspraken om betsjuttingen hinne. Oeffelt sjongt rigels as: ‘scholver, aal niet hier’. Babel hat it oer de rol fan syn mûle. Want praat hy tefolle? En gean de wurden fia de kop nei de mûle of is it krekt oarsom, giet dy mûle syn eigen gong?

Der is folle mear te genietsjen as taal allinne: de muzyk fan de alsidige muzikant en spiler Peter Sijbenga, moderne dûns fan Sonia Zwolska en Tatiana Matveeva, it krêftige spyljen fan Karel Hermans. En de kostúms, benammen dy fan de dûnsers, binne yn ien wurd geweldich. In wide broek mei kleurige streken, blok- en nullehakken, de jurk fan de ‘dame sûnder holle’, de lange wiidútrinnende reade mantel dy’t fan de iene spiler nei de oare oergiet en sa, as taal, telkens oars oerkomt. Oars sein: der sit safolle yn dizze absurde, hilaryske foarstelling datst mar jaloersk wêze kinst ast gjin groep 7 of 8-learling bist fan ien fan de 45 scholen yn de provinsje dy’t Karawane de kommende tiid sjen sille.

 

Mear ynformaasje, ek oer de lespakketten op tryater.nl

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]