• 17 april 2019

    JOSSE DE HAAN -     foar fr.s.   de arsjitektuer fan tsjerken wynt my op noch ôf katedralen dêrtsjinoer jouwe skientme en geniet:   sammelplakken fan iuwenâlde wurden en stimmen mitselwurkers dy’t stien nei stien opsteapelen finsters fol glês-yn-lead mei de kleuren fan de iris in sinne transformearre ta skilder fan ljocht en wille   do, Déesse, waardst myn paadwizer en frouwe fan Parys [...]

  • 27 maart 2019

    JETSKE BILKER -  ‘De meest begeerde uitnodiging van het land’ neffens de NRC foel by my op de matte. Yn in moai doaske mei twa dobbelstiennen. Ferline jier wienen se my by it CPNB fergetten, oars hie dit myn twadde kear west. Wa’t it nasjonale boekewikegeskink oerset mei nei it boekebal.   Myn buorfrou seit: ‘Dit hoort erbij. Dit doen ze elk jaar.’ Foar har [...]

  • 11 maart 2019

    PIER BOORSMA -  As ik oer de relaasje tusken literatuer en Beweging skriuwe wol, moat ik mij earst klearrichheid ferskaffe oer de posysje fan de skriuwer-yntellektueel yn ‘e maatskippij. Sa waard bijgelyks oan ‘e ein fan de 19e iuw de Frânske legerkapitein Alfred Dreyfus sûnder grûn beskuldige fan spionaazje foar Dutslân. De Frânske skriuwer Emile Zola naam it foar him op en beskuldige de Frânske generale stêf [...]

  • Tekening Johannes de Vries

    20 februari 2019

    JOSSE DE HAAN - ‘wurden dy’t ik klean jaan wol’ ‘yn elkoars earmen lizze te droegjen’   Doe’t ik ferline jier maart/april yn Fryslân wie, stoar Joop Boomsma. Syn soan skille my yn Lippenhuzen dêr’t ik in moanne yn in fakânsjewente siet. Hy frege my wat te sizzen op ’e kremaasje yn Goutum. Dat haw ik dien, sa’t ik oer oaren skreaun haw doe’t se weirekken [...]

  • 15 februari 2019

    ELSKE SCHOTANUS -  It programma foar in politike jûn mei fiif listlûkers foar de provinsjale ferkiezingen , ûnder de kop ‘Polityk moetet Literatuer’ en organisearre troch it Skriuwersboun, like oe sa oantreklik. It waard, neigeraden de jûn ferstriek, aardich waarm yn de seal, mar net om’t de diskusje sa spannend wie. It Boun wist – en dat is knap – har eigen nijsgjirrich opsette programma [...]

  • 13 februari 2019

    ELSKE SCHOTANUS -  As net-lid bin ik ferbjustere as ik in mail fan It Skriuwersboun krij. It blykt in útnûging foar in jûn dêr’t fiif listlûkers foar útnûge binne om har ‘de skientme fan ’e literatuer mei te jaan en harren te fergjen om dat mei te nimmen yn harren beliedsplannen.’ Hm, nijsgjirrich programma en ik nim my dan ek daliks foar om derhinne. Soe [...]

  • 11 februari 2019

    MALTSJE DE RIDDER-JANSMA -  It smûke kafee Marktzicht, stamkafee fan de populêre deade Fryske skriuwer Rink van der Velde,  foarme freed 8 febrewaris it dekôr fan de Grutte Gedichtejûn, organisearre troch it blêd Ensafh. Tige tapaslike lokaasje, kwa skiednis en sfear, mar wol wat de lytse kant neist. Soene we der wol allegear ynpasse? Ommers, de opset fan de gedichtejûn is om safolle mooglik dichters [...]

  • 8 februari 2019

    GOOITZEN MONSMA -  'Jo moatte mar net te ticht by de trompetten sitte, dy hawwe altiten in leven as in oardiel, kom hjir mar wat,' seit in frou fan sa'n santich jier en se wiist nei de stoel njonken har. Efkes letter skoot ek oan myn oare side in frou oan. De orkestleden begjinne yn te spyljen dat it is in kakofony fan lûden. Ek [...]

  • 5 februari 2019

    ARJAN HUT -  De Vitustsjerke yn Wyns rûn snein 3 febrewaris hielendal fol foar de besite fan wurdkeunster Ivo de Wijs, dy't in ynlieding hâlde oer poëzee, mar foaral fertelde oer syn âlde freon Drs. P. (1919-2015). Mear as in fearnsiuw lyn hie De Wijs mei de as Heinz Polzer yn Switserlân berne sjonger en willedichtkomponist mei west nei Wyns. De Drs. song doe by [...]