Notre-Dame de Paris

JOSSE DE HAAN –

 

 

foar fr.s.

 

de arsjitektuer fan tsjerken wynt my op noch ôf

katedralen dêrtsjinoer jouwe skientme en geniet:

 

sammelplakken fan iuwenâlde wurden en stimmen

mitselwurkers dy’t stien nei stien opsteapelen

finsters fol glês-yn-lead mei de kleuren fan de iris

in sinne transformearre ta skilder fan ljocht en wille

 

do, Déesse, waardst myn paadwizer en frouwe fan Parys

dy kearen dat ik dêre boeken sneupte, rûn, iet en sliepte

 

as ik dy seach koe ik ferdwale noch mysels ferlieze

wiest it begjin- en einpunt fan it Parizysk labyrint

it middelpunt fan de mânske leafdesboarterstún

de skaden fan dyn twiljocht makken ús anonym en frij

 

skyline en ikoan boppe cul de sacs en gloppen lâns de Seine

gare du nord, austerlitz en foaral it stasjon fan montparnasse

 

fan noard nei east, fan west nei súd en folle fierder

ivich stiest as de nulle fan ’t kompas yn ’t sintrum

wiisdest ús de rûte nei ‘t hotel antwerpen of amsterdam

ik kuiere yn rûnten om dy hinne en koe op ’t lêst de stêd en dy

 

de rendez-vouzen foar dyn eagen sitte baarnd yn myn ûnthâld

 

 

 

 

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.