De mem nei it boekebal

Publisearre op 27 maart 2019

JETSKE BILKER – 

‘De meest begeerde uitnodiging van het land’ neffens de NRC foel by my op de matte. Yn in moai doaske mei twa dobbelstiennen. Ferline jier wienen se my by it CPNB fergetten, oars hie dit myn twadde kear west. Wa’t it nasjonale boekewikegeskink oerset mei nei it boekebal.

 

Myn buorfrou seit: ‘Dit hoort erbij. Dit doen ze elk jaar.’ Foar har ek de earste kear dus, sa’n boekebal…

 

Omdat it tema De moeder de vrouw wie, nim ik in passend attribút mei: myn soan fan njoggentjin as yntrodusee. Hy woe syn favorite Nederlânse skriuwers wolris fan tichtby besjen. Boppedat hie ik sa in treflike sjofeur by my dy’t syn hân der net foar omdraait om troch hertsje Amsterdam te riden en te kearen as de plysje in drugsdealer ûnder skot hâldt.

By de yngong fan de Stadsschouwburg spilet in bandsje en stiet in rige. Der binne krekt gjin kamera’s op dat stuit, dus we steane net op ien fan de sân filmkes op youtube.nl mei wachtsjende gasten. As we deryn binne en de parse achter in lint wei foto’s makket en fragen ropt nei de gasten, draaft soan út selsbehâld alfêst trije meter foar my út, soe ik it al yn ’e plasse krije in fraach te beantwurdzjen en of model stean te gean.

We sitte achteroan op it heechste balkon, dus we hawwe it útsjoch op it publyk en op it poadium. As Eveline Aendekerk yn in felrôse broekpak har wolkomstspeech begjint mei it feit dat op itselde momint de stille tocht yn Utert fan start giet, ropt der ien troch har hinne. No witte we dat it Freek de Jonge wie, mar dan is der betizing. Myn buorfrou seit: ‘Dit hoort erbij. Dit doen ze elk jaar.’ Foar har ek de earste kear dus, sa’n boekebal…

As it bal begjint wol ik earst wer nei de garderoabe om myn jaske kwyt te reitsjen. In ferstannige set, sa sjogge we in soad lju. We streame yn in lange rige by Jan Siebelink lâns. Hy ropt samar nei my: ‘Wie ben jij ook alweer?’ Ik stap út de rige. ‘Ik ben de Friese vertaalster.’ ‘Oja,’ knikt er en ik kin wer werom yn de rige.

Even letter steane we te dûnsjen yn de buert fan café Deelders dêr’t allinne mar sterke drank te krijen is en dêr’t Jules Deelder noait fier by wei is. It grutte tal BN-ers docht ús fersteld stean. Ha dy allegear in boek skreaun? Om minsken te sjen moatte je sa no en dan even nei de wc en in rûntsje meitsje. Dat leveret soan konfrontaasjes op mei Georgina Verbaan (sykjend nei de dameswc en Carly Weis dy’t tsjin him oanbotst en sorry seit. (“Tamar,” tsjut er; we ha tegearre alle ôfleverings fan Divorced sjoen.) Soan werkent Ronald Giphart, in favoryt. Ik sjoch gjinien. Ik ken gjin mins. Yn de rige foar de wc’s ropt de frou foar my nei de frou achter my: ‘Hee Stine!’ ik draai my om. Ferrek. Stine Jensen. Stine freget de frou foar my oft se al dûnse hat. ‘Nee,’ seit dy, ‘ik ben hier met mijn acteurs. Die moet ik bezig houden. Die mogen zich niet vervelen.’

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels