Jelle Kaspersma (1948-2019)

Publisearre op 20 februari 2019

JOSSE DE HAAN –

‘wurden dy’t ik klean jaan wol’
‘yn elkoars earmen lizze te droegjen’

 

Doe’t ik ferline jier maart/april yn Fryslân wie, stoar Joop Boomsma. Syn soan skille my yn Lippenhuzen dêr’t ik in moanne yn in fakânsjewente siet. Hy frege my wat te sizzen op ’e kremaasje yn Goutum. Dat haw ik dien, sa’t ik oer oaren skreaun haw doe’t se weirekken (Harmen Wind, Marten Brouwer, Trinus Riemersma). Sûnt koartlyn binne ek Piter Yedema en Steven de Jong net mear ûnder de libbenen. Dy’t ik hjir neam, wiene mear as sljochtweihinne kollega’s of skriuwfreonen. Yn de rin fan de jierren ûntstiene djippe freonskippen.

Jelle Kaspersma, dy’t in pear dagen lyn ferstoar, hearde by dat ploechje freonen. It hie te krijen mei wat er op papier sette en publisearre (meast by de Koperative Utjouwerij) en mei wa’t er wie en hoe’t er yn it libben stie. Syn fersen fassinearren my, meidat se sa folslein autentyk binne. Mar ek syn ferhalen oer de Yndianen yn proaza en poëzy seine wat oer de persoan Jelle Kaspersma. Hy wie belutsen by de wrâld, by minsken. Lykas syn poëzy wie ek hy foar my autentyk.

 

Engazjearre
Jelle Kaspersma hat in lytse 500 gedichten skreaun dy’t ferskynd binne yn in tolftal bondels. Op de webside fan Operaesje Fers steane in 49 fersen dy’t noch te beharkjen binne – hy lêst op in Kasperiaanske wize syn gedichten, dy’t poer geskikt wiene foar it medium, omdat se direkt oansprekke.

By it 25-jierrich jubileum fan de Koperative Utjouwerij (1995) waard der elke ljochtmoanne in boekje presintearre yn it berteplak fan de skriuwer. Ljochtmoanneboekje nûmer 8 is skreaun troch Yellah Qaspersmah (Jelle Kaspersma) en hyt Joe Es Ee Rideljee. It binne ferhalen oer reizen nei de USA, dy’t benammen oer de Yndianen geane dy’t Kaspersma besites brocht. Op 10-8-’95 waard it boekje doopt yn Starum. Kaspersma woe earst in Amerikaanske flagge ferbaarne, mar dat gong net troch, omdat it KU-lid Steven de Jong dan syn lidmaatskip opsizze soe. No waard in Levyjeans mei hinnestront ferbaarnd – symboal foar it Amerika (Joe Es Ee) dat de Yndianen ferballe hie.

 

Yndiaanske literatuer
Yn 1989 hat Utjouwerij Ankh-Hermes fan Deventer Walam Olum publisearre, it hillige boek fan de Delaware Yndianen, oersetten yn it Nederlânsk en taljochte troch Kaspersma (186 siden). De opdracht yn it boek foar my wie: ‘de wyn núndert itselde liet op deselde golflingte oeral op de wrâld’ (Koperen Tún Ljouwert, aug. ’94).

Yn 1990 ferskynde der by In de Knipscheer in blomlêzing fan 27 Yndiaanske dichters yn it Nederlânsk, gearstalling en oersettings troch Kaspersma – De aarde is ons vlees (192 siden). Yn 1995 ferskynt Clans of many nations, selected poems 1969-1994, troch Peter Blue Cloud by White Pine Press, NY. Kaspersma sette heel wat fersen yn dat boek oer yn it Frysk (op de achterkant fan it Amerikaanske boek stiet: ‘Peter leads us back to where we poets belong, between Creation and the crashing wheel of modern society.’ – Jelle Kaspersma).

Yn 1997 ferskynde wer by In de Knipscheer in blomlêzing út it wurk fan 16 Yndiaanske skriuwers – Hoe de verhalen in de wereld kwamen – oersetting yn it Nederlânsk en gearstalling Jelle Kaspersma (312 siden). Foar de Fryske en Nederlânske kulturen hat dit wichtich west. Kaspersma wie de iennige dy’t hjir niget oan hie, en as dichter de krekte persoan.

Yn de biografyske beskriuwing oer Kaspersma fan Fryske skriuwers op Tresoar wurdt hjiroer hast neat sein. Ek de fermelding dat Kaspersma de tekeningen makke by de bondel dy’t hy en Tsjêbbe Hettinga publisearren yn ’74 kloppet net – ek Kaspersma skreau fersen yn dit boekje (syn earste). Soks yrritearre him mateleas.


Magyske taal
Yn de sammelbondel De lije side fan ‘e tijd (Venus, 2004) haw ik in neiwurd skreaun dat yn it koart it belang oanjout fan de poëzy fan Jelle Kaspersma foar de Fryske Literatuer. De eigen toan, it autentike fan de metafoaren en foaral it sicht op de wrâld jouwe dizze poëzy wat aparts. Kaspersma is net ynwikselber, omdat er echt is en alle klisjees mijt.

Ik haw skreaun dat syn wurden – syn taal – in spesjale magy oproppe dy’t oanjout dat de dichter de taal fan it bern net fergetten hat. Syn magysk tinken bestiet noch, en dat wurdt brûkt yn syn poëzy. It sil ek de reden wêze dat Kaspersma ynteressearre wie yn de Yndiaanske kultueren, yn de literatuer fan dy minsken.

Kaspersma betsjoent yn syn fersen natoer en lânskip, meidat de dichter gebrûk makket fan de magy fan it wurdefjild. Ratio en gefoel wurde net skieden, sa’t ek bern har noch natuerlik hâlde en drage. Dat leveret hele moaie metafoaren en omskriuwingen op dy’t op himsels al hast gedichten binne. Yn de bondel Fan ’e Beuch (fiskersfersen mei tekeningen fan Johannes de Vries) hat er sokke metafoaren yn Haikus dellein sa’t der yn it Frysk hast net skreaun binne.

 

Metafoaryske omskriuwings

 

de froast hat de kotters oan de wâl soldearre//

opfytse mei jinsels/nei neat//

de waarme earm/ dy’t de tiid op ús skouders lei//

ljocht hat grien meinommen//

tsjuster wachtet op waarmens//

de boat de sinne de man driuwe inoar temjitte//

it jonkje ik sutelt/ syn stientsjes/ it ferline yn//

om it hurde yn it sêfte stal te jaan//

seagen myn eagen/ har fan wûnen skeinde wente oan//

iis dat him fêstset op de flerken fan myn tinzen//

set de beuch oerboard foar stille poëzy//

yn inoars earmen lizze te droegjen//

útklaaid lizze no de skippen//

wurden dy’t ik klean jaan wol//

 

 

‘Noch kin ik de tiid in hânbreed foar bliuwe’ skriuwt de dichter earne yn in fers. Ja doe noch wol en tanksij de gedichten, mar ienris sil de tiid oerwinne, en lykas de leafste troch de tiid ynhelle is, sil ek de dichter de slach ferlieze. Op de lije side wurde gedichten tastien, op de wrede side hat de mins neat mear yn te bringen. Dêr is de ein, de dea. Fryslân hat mei Jelle Kaspersma in belangryk en autentyk dichter ferlern.

 

ps: ien kear hat Jelle my syn magy en magysk tinken sjen litten – twa tinne metalen wichelroeden strak yn beide hannen begûnen te bewegen ast heel sterk oan dyn leafste tochtst, of in oar wichtich persoan yn dyn libben. Dy twa metalen roeden lizze op de boeken fan Jelle yn myn boekekast. Yn de keamer hinget in ynkleure ets fan Jelle út 1973 – Finzen.

 

lofterhân ___________________________

 

rjochterhân

            _________________________

 

 

Josse de Haan, Hendaye – Nouvelle Aquitaine – France

                        Maijos Baita – 19/2/’19.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels