Ivo de Wijs oer Drs. P. en poëzee yn Wyns

Publisearre op 5 februari 2019

ARJAN HUT – 

De Vitustsjerke yn Wyns rûn snein 3 febrewaris hielendal fol foar de besite fan wurdkeunster Ivo de Wijs, dy’t in ynlieding hâlde oer poëzee, mar foaral fertelde oer syn âlde freon Drs. P. (1919-2015). Mear as in fearnsiuw lyn hie De Wijs mei de as Heinz Polzer yn Switserlân berne sjonger en willedichtkomponist mei west nei Wyns. De Drs. song doe by wize fan iepening fan Keunstprojekt Wyns op it fear oer de Dockumer Ie syn ferneamde liet Veerpont. ‘Fol’ is miskien in understatement. Der moasten stuollen bysetten wurde yn it gongpaad en de organisaasje hâlde, mei de teller yn de hân, yn de gaten oft men net oer de maksimaal tastiene besetting fan hûndert minsken hinne kaam.

 

Der kaam in fraach út it publyk; wie it werklik wie dat P. pas op syn tredde begûn te praten? ‘Dat kan best kloppen,’ tocht De Wijs. ‘Waarschijnlijk heeft hij gewacht tot hij perfect kon spreken. Perfectie was voor hem erg belangrijk.’

 

De grap dat der mear gedichten skreaun wurde as lêzen, kaam dan ek net hielendal oer, want wat der ek groei-, krimp-, of skrikkelrymjend oer De Wijs syn lippen kaam, it fleach der yn as koeke. It wiene dan meast ek gjin al te swiersettige poëzee, mar ‘light verse’ of ‘fersifikaasje’ yn de sfear fan Polzer syn populêre wurk. Dy hie mar in hekel oan it serieuze dichtsjen fan Achterberg of Gorter, fertelde De Wijs, dy’t dêr wol oan tafoege dat Piet Paaltjens àl tige yn de smaak foel.

Goed oardel oere wie de sprekker oan it foarmfêste rymwurd en it ferfeelde net in tel. Gauris hie it hûndertkoppich publyk stekken yn de side fan it laitsjen. Ek by de dia-foarstelling mei opfallende rou-advertinsjes út Ivo de Wijs syn samling kranteknipsels. Tafallich wie de sprekker mei syn 73 jier no like âld as P. wie by harren besyk oan Wyns yn ’92. Hy droech gedichten foar lykas ‘Ballade van de oude man’ (as foarbyld fan in Frânske ballade), koart wurk as ‘Spam’ (soms wol flau, mar it rym makket it grappich) en nei it skoft in lang fers fan himsels dat er skreaun hie foar by in skoallereüny fan syn HBS, ‘De mooiste tijd’.

Fan Drs. P. fertelde er dat dy yn syn lêste jierren ‘verdwaalde in het verzorgingshuis waar hij zat. Maar hij kende al zijn liedjes nog.’ Beide manlju wiene spitsen, al feroare dat yn de jierren nei de besite oan Wyns. Sjoernalist en skriuwer Sietse de Vries wist dat Polzer yn ’92 beleanne waard mei in pûde dúmkes, mar èk mei in rûnlieding oer De Weaze yn Ljouwert. Hy frege De Wijs yn it skoft oft de Drs., dy’t gjin geheim makke fan syn huorrerinderij, dêr op De Weaze ek noch aktyf west hie. Mar nee. Neidat Polzer op syn 45e troude, hat er net wer nei de huorren west.

De frou fan Drs. P. moat likegoed in haaibaai west ha, sa die bliken tsjin de ein fan De Wijs syn optreden. Sy makke mei alle freonen fan de kettingsmokende Drs. rúzje en ek De Wijs wie by einsluten net langer wolkom. Pas doe’t de beide echtgenoaten nei in fersoargingshûs giene, elk nei in oare lokaasje, koene der wer ris wat âlde freonen delkomme, om herinnerings op te heljen, gedichten op te sizzen en ferskes te sjongen. Der kaam in fraach út it publyk; wie it werklik wie dat P. pas op syn tredde begûn te praten? ‘Dat kan best kloppen,’ tocht De Wijs. ‘Waarschijnlijk heeft hij gewacht tot hij perfect kon spreken. Perfectie was voor hem erg belangrijk.’ Ek dêr moast it publyk bot om laitsje.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels