Literatuer en Beweging

Publisearre op 11 maart 2019

PIER BOORSMA – 

As ik oer de relaasje tusken literatuer en Beweging skriuwe wol, moat ik mij earst klearrichheid ferskaffe oer de posysje fan de skriuwer-yntellektueel yn ‘e maatskippij. Sa waard bijgelyks oan ‘e ein fan de 19e iuw de Frânske legerkapitein Alfred Dreyfus sûnder grûn beskuldige fan spionaazje foar Dutslân. De Frânske skriuwer Emile Zola naam it foar him op en beskuldige de Frânske generale stêf fan it produsearjen fan falske dokuminten. Zola spruts út namme fan ‘e minskheid en berôp him op de Rede en universele wearden as Rjochtfeardichheit en Solidariteit. Hij stie as skriuwer fier boppe de boagerij. It soe net yn him opkomme om krekt as Gerard Reve te ferkundigjen, dat hij in winkel hie en dat der ferkocht wurde moast. Sa ‘n benypte beskriuwing fan it eigenbelang fan de skriuwer paste alhiel net yn it byld, dat hja fan in skriuwer hiene.

 

Om op it Frysk werom te kommen, yn sa ‘n krisissituaasje kinne ek skriuwers frege wurde om har skriuwen (even) efter har te litten en mei te dwaan oan de rêdingsoperaasje. Sitte wij yn sa ‘n krisisituaasje? Oan de statistiken te sjen, binne wij der net fier ôf.

 

Der wie in twadieling yn ‘e maatskippij. Oan de iene kant stie de boarger, dy ‘t op ‘e merk foar syn oerlibjen koarte-termyn doelen neistribbe. Oan ‘e oare kant  stie de yntellektueel, dy ‘t de lange-termyn doelen fan de minskheid yn it each hold en út gie fan geastlike wearden. De boarger hie belangen, de yntellektueel as persoan wie belangeleas hij tsjinne inkeld it belang fan de minskheit.

Yn ‘e twadde helte fan de 20e iuw waard de twadieling geast fersus merk en macht trochbrutsen. Salang ‘t de twadieling bestie, koene yntellektuelen gjin boargers wêze.Bij neiere analyze die bliken, dat de boarger net allinne út eigenbelang hannelet mar út in miks fan eigen en algemien belang. Dat lêste soe bij in twadieling net mooglik wêze. Of je hannelje út eigenbelang of je tsjinje it algemien belang. De yntellektueel komt net belangeleas op foar it algemien belang. Hij stribbet krekt as elkenien nei maatskiplik oansjen. Yn in demokrasy binne yntellektuelen gewoan boargers. Har aktiviteiten wurde likegoed as dy fan oaren beoardiele nei demokratyske noarmen. Mei dy konklúzje wol ik neier yngean op de spesifyk Fryske situaasje.

Yn ‘t earste nûmer fan it Frysk literêre tydskrift De Tsjerne ut 1946 ferklearre de Fryske dichter Fedde Schurer, dat de bining tusken literatuer en Beweging ferbrutsen wie. De wurdearring fan it literêre wurk hinget net mear ôf fan it feit oft de literatuer beantwurdet oan de doelstellingen fan de Beweging. Sawol de Beweging as de literatuer moatte eigen wegen gean. Schurer skriuwt“De skriuwer hat syn tsjinst as wêzentlike biwegingsfactor dien; de biweging moat hjar losmeitsje fen har erflik litteraire bining en eigen brede wegen gean.”

En fierderop“(- ) det it de Fryske litteraire kinst ûnweardich is as evacue hjir en dêr to heukerjen ; det hja in eigen hûs hawwe scil.”

Nei de sechtiger jierren wolle de (jonge) skriuwers neat mear mei de Beweging te krijen hawwe Ommers it fanselssprekkend en natuerlik brûken fan it frysk yn ‘e literêre wrâld is krekt wat de Beweging neistribbet foar de hiele Fryske maatskippij. Sa ‘n maatskippij hat net mear in Beweging nedich. Logysk dat skriuwers it belang fan de Beweging foar har segmint fan de Fryske maatskippij net sjogge. It iennige momint, dat der fan ien of oare betrutsenheit op de Fryske taal sprake is, is it momint fan de kar fan dy taal foar eigen literêr gebrûk.

Uteinlik is it engaazjemint fan de skriuwer, dat hij sa goed mooglik skriuwt neffens eigen aard en talint.

Yn 1953 ûntstiet yn it literêre tydskrift De Tsjerne in diskusje oer de relaasje tusken literatuer en Beweging. Yn in essay “De Biweging en wy” skriuwt de no fergetten dichter Inne de Jong op side 119:“(-) hawwe wy troch tiid en omstannichheden gjin oare kar as mei alle fjochters foar Fryslân in solidaite striidmienskip te foarmjen”.

Anne Wadman reagearret hjirop yn it essay“Replyk foar yntern gebrûk4” en skriuwt op side 154: “Hwat Inne de Jomg as in gelok sjocht, dat de Fryske skriuwers meastepart ek striders binne, is by my in ûngemak.” Yn it kommintaar “Fuortset petear” komt Wadman op side 253 mei syn ferneamde útspraak5: “It giet by my net yn ‘t earste plak om de Fryske skriuwer, mar om de Fryske skriuwer. “De Fryske skriuwer fan Inne de Jong docht mei yn ‘e Fryske Beweging, de Fryske skriuwer fan Wadman hat mar ien opdracht: “(-) to skriuwen en to skriuwen neffens eigen oanliz en persoanlikheid.” (side 254).

Ik haw hjirfoar útienset, dat de skriuwer-yntellektueel net mear in útsûnderingsposysje yn ‘e maatskippij ynnimt. Hij is in gewoane boarger wurden mei alle demokratyske rjochten en plichten. As Wadman ornearret, dat de Fryske skriuwer benammen Frysk skriuwer wêze moat dan is it fansels wol sa, dat de boarger Wadman benammen in Fryske boarger is. De Fryske boarger, dy ‘t tagelyk skriuwer is , hat deselde affiniteit mei de taal as de skriuwer, dy ‘t hij ek is. It leit dan wol op ‘e wei fan dy boarger, as it Frysk yn ‘e knipe komt, dêrfoar op te kommen.

Hij of sij hoecht net meiien de dyk op mar de boarger-skriuwer soe syn masterskip oer de taal ynsette kinne om yn essay of opinystik syn stipe oan it fuortbestean fan de taal te jaan.

In oare situaasje ûntstiet as de taal yn in krisistastân komt. As it derop of derûnder is, kinne je sa ‘t de neioarlochske essayist en godtsjintpsycholooch Fokke Sierksma docht, de situaasje ferlykje mei de ûndergong fan de Titanic. Sierksma hold yn 1953 fjouwer lêzingen foar de Regionale Omroep  Noord (RON) yn it programma “Literair Kwartier” ûnder de titel “Kunstenaar en Beweging.” It hjirfolgjende sitaat is ut de lêste lêzing op 31 july 1953. Sierksma seit dêr: “Wie vaart op een schip, dat lekgestoten is, gaat niet pavoiseren maar pompen. En als de leden van het scheepsorkest daarbij een handje kunnen helpen, (-) dan moeten ze het beslist niet laten(-).”

Om op it Frysk werom te kommen, yn sa ‘n krisissituaasje kinne ek skriuwers frege wurde om har skriuwen (even) efter har te litten en mei te dwaan oan de rêdingsoperaasje. Sitte wij yn sa ‘n krisisituaasje? Oan de statistiken te sjen, binne wij der net fier ôf. As it sa fier is, witte de skriuwers wat har te dwaan stiet. Ik hoopje foar it Frysk en de Fryske skriuwerij, dat it sa fier net komt. Om even op de Titanic werom te kommen: As de skriuwers it oerlibje, is it inkeld in ynterrupsje yn har skriuwersbestean. As se fersûpe is dat de ein fan de skriuwerij yn it Frysk. De skriuwer kin kieze pompe of fersûpe.

 

 Noaten:

1De Tsjerne 1946, bls. 2
2De Tsjerne 1946, bls. 4
3De Tsjerne 1953, bls. 119-126
4De Tsjerne 1953, bls. 150-154
5De Tsjerne 1953, bls. 252-255

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels