In nuete jûn by ’t Boun

Publisearre op 15 februari 2019

ELSKE SCHOTANUS – 

It programma foar in politike jûn mei fiif listlûkers foar de provinsjale ferkiezingen , ûnder de kop ‘Polityk moetet Literatuer’ en organisearre troch it Skriuwersboun, like oe sa oantreklik. It waard, neigeraden de jûn ferstriek, aardich waarm yn de seal, mar net om’t de diskusje sa spannend wie. It Boun wist – en dat is knap – har eigen nijsgjirrich opsette programma geweldich te ferpesten.

Der kamen tsjin de sechstich man op de útnûging ôf, bekende en (my) ûnbekende gesichten. Foar in gearkomste fan it Skriuwersboun is dat in soad. Dat soe net it gefal west ha as der gjin sop en broadsjes fóár en in hapke en in drankje néí it ‘offisjele’ programma west hiene. Dat soe ek net it gefal west ha as in politike diskusje net ‘opleuke’ wurde soe mei in lekker stikje muzyk en poëzyfoardrachten dy’t de politisy de ‘skjintme fan de Fryske literatuer’ meijaan moasten.

 

De ferrassing fan de jûn stie net op de útnûging: in kwis mei tsien wier of net-wierfragen oan de fiif listlûkers, fragen oer midsiuwske teksten, oer Redbad, oer Troelstra …

 

Hie de organisaasje him mar oan it programma holden sa’t dat yn de útnûging stie:

  • Listlûkers Klaas Kielstra (VVD), Johannes Kramer (FNP), Marijke Roskam (PvdA), Michiel Schrier (SP) en Matthijs Sikkes-van den Berg (GrienLinks)
  • Fragen en diskusje mei it publyk (petearlieder Willem Verf)
  • Foardrachten fan Elske Kampen en Lida Dykstra
  • Kollum fan Douwe Kootstra
  • Muzyk fan Rob Faltin en Truus de Vries

It begûn mei in ferhaal fan de foarsitter, dy’t bewearde dat der sûnder literatuer gjin Fries mear wêze soe. Net bêst, tocht ik, mar ik sei neat want ik siet, op fersyk fan de organisaasje, oan de parsetafel dy’t yndruk meitsje moatte soe op de hearen politisy. Hearen, want PvdA-listlûker Marijke Roskam – de ‘nijeling’ nei waans fyzje ik benijd wie – moast ferstek gean litte. Falt in frou út, dan stiet der altyd wol in man foar har klear, dat de nûmer fjouwer op de list, Douwe Hoogland, ferfong har.

It Boun frege twa froulike dichters poëzy foar te dragen. Dat it twa froulju wiene pleitet foar de organisaasje. Dat, as it om ‘de skjintme fan de Fryske literatuer’ giet, it alwer allinne mar de poëzy wie dy’t op sa’n jûn omtinken krijt is tagelyk in grutte misser. Mei banners en stiennen, teksten yn it lânskip en poëzyrûtes, mei in Dichter fan Fryslân, in tal gemeentedichters en de dichters fan Rixt, mei dichters by de optredens it ôfrûne jier yn MeM, mei, yn fergeliking ta proaza- en berneboekeskriuwers, fette wurkbeurzen foar dichters, komt de poëzy yn Fryslân perfoarst net oan de krapperein. Mar, al hat it Boun in tinktank foar it proaza, gjin kop dy’t sei: litte wy, kopstikken fan it Boun, as toanbyld fan de ‘skjintme fan de Fryske literatuer’ ris in fragmint út in roman of in berneboek hearre litte. Gjin tinken oan en sa fart it Boun kreas yn it sok fan de ynstituten.

De ‘skjintme fan de Fryske literatuer’ is foar it Boun dus neat mear as dy fan de poëzy. Sawol Lida Dykstra as Syds Wiersma, dy’t fiif fersen fan Elske Kampen – útnûge, mar siik – foarlies, ha in prima foarlêslûd, moai wurk ek, mar (om my) hiene de foardrachten ta twa fersen elk beheind wurde kind. It harkjen nei in fers hat tiid noadich, tiid om de rigels yn dy omgean te litten. Mar, hop, dêr wie it folgjende gedicht al. En gong it der dizze jûn net ek foaral om politisy te fergjen op har fyzje op de Fryske literatuer?

Dat, skriuwers, belanghawwenden út it fjild en oare belangstellenden fernamen, mei tank oan diskusjelieder Willem Verf, hoe âld de listlûkers binne. As Klaas Kielstra, foar de VVD, seit dat hy benammen mei de Romtlike Oardering dwaande is, lit Verf witte dat de befolking dêr ‘pine fan hat’. By FNP-er Jehannes Kramer fernimt er nei syn bekearing ta it bio-buorkjen. PvdA-er Hoogland, earder biologysk boer, krijt de fraach oft in boer net earder foar it CDA yn it spier moatte soe. Michiel Schrier wurdt frege nei, as SP-er, bestjoerlike ferantwurdlikens nimme en, sa seint Verf syn partijgenoat Matthijs Sikkes-van den Berg yn, it Grien Linkse partijprogramma is op de partijsite net te finen. Allinne dy lêste lêst, as jonge heit, wolris in Frysktalich boek (foar): Pykje fjouwer fan Lida Dykstra bygelyks. Wat dit alles derta docht, as it om polityk en literatuer giet?

En dan de kwis. De kwis dy’t de listlûkers befreget nei har kennis fan de Fryske literatuer. De ferrassing fan de jûn stie net op de útnûging: in kwis mei tsien wier of net-wierfragen oan de fiif listlûkers, fragen oer midsiuwske teksten, oer Redbad, oer Troelstra… Algau stean de literêre teannen my krom yn de skuon. Wat hat dit spultsje te krijen mei de Fryske-literêre sitewaasje anno 2019? Mei de politike programma’s fan de fiif partijen? Mei de skriuwers yn de seal? Wat is har ynbring, har rol? Yn sliep falle by fierstentefolle kwisfragen? Fragen dy’t alhiel net ta de saak dogge? Wa betinkt soks? Trouwens: de winner wie in politikus dy’t noch noait, noait ek mar ien kear, in Frysktalich boek lies … Wier of net wier?

Gelokkich is der de kollum fan Douwe Kootstra. Dêryn seit er twa dingen. As earste: syn wurk waard net lêzen, dat hy is opholden mei it skriuwen fan boeken. En, twad: it honorarium dat tydskriften biede, stiet yn gjin ferhâlding ta de tiid oan in artikel bestege. Dêr hold Kootstra dus ek mei op.

Foar Verf hie dizze kollum in moaie oantrún wêze kind om de seal ta diskusje te niteljen. Skriuwers, binne jim tefreden mei de tariven of is Kootstra de iennige dy’t dêr problemen mei hat? Frou Van der Veer, ha jo, as foarsitter fan it Boun, lobbyd foar honoraria nei ynset, oeren, saakkundigens? Hear Looper, binne jo net in bestjoerder fan de stichting de Moanne? Hoe stean jo hjir eins yn? Politisy: in pear tientsjes foar, op syn minst, in dei wurk, is dat net in skandaal? Pleitsje jo, as de ferkiezings foar jo partij goed útfalle, foar mear jild foar de tydskriften? Earmerke jild foar dejingen dy’t dêr tiidrôvjende bydragen oan leverje?

Spitich, mar Verf nitele net, prikele net en miskien – of wierskynlik – net, om’t hy mei tefolle fuotten yn ien hoas sit: dizze jûn diskusjelieder foar it Boun, mar ek foarsitter fan it bestjoer fan it FLMD, bestjoerslid fan Tresoar en as skriuwer hat er te krijen mei de Afûk-utjouwer dy’t ek de haadredakteur fan sa’n tydskrift is.

Boeken wolle lêzen wurde, mar it iennige dat by de polityk te heljen is, is jild en jild, dêr giet benammen it provinsjaal bestjoer oer. Op in skerm ferskine de bedragen dy’t de provinsje spandearret oan de literatuer, alles opteld by elkoar sa’n sân ton. Gjin inkelde kanttekening dat it jild benammen foar de ‘leanlistfriezen’ fan Tresoar en Boeken fan Fryslân is. Gjin inkelde fraach oer it effekt fan de subsydzjes. Twa minsken nei de Frankfurter Buchmesse, kostet dat 20.000 euro? En wat hat it opsmiten? Tûzenen euro’s foar in oersetting, mar wa hat oait fan de oersette boeken heard? Fan Kathy Reichs yn it Frysk bygelyks?

Wol wurdt it totaal, 700.000 euro it jier foar de literatuer, foar, ûnder mear, de fiif miljoen foar it nije Cambuur-stadion oerset. Mar, hoe wichtich de Fryske literatuer ek is en hoe geweldich it ek wêze soe as Kootstra syn boeken lêze wurde soenen en hy, tsjin in earlik honorarium, wer foar de tydskriften skriuwe soe, de fergeliking tusken de provinsjale bydragen foar de literatuer en dy foar, ûnder mear, Cambuur, dêr’t Verf/it Boun mei komme, slacht werklik nergens op. Budzjetten it jier kinne net fergelike wurde mei ienmalige bydragen.

Dat, de konklúzje seit: politisy, asjebleaft, lit de skjintme fan de Fryske literatuer net oer oan hampelmannen.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels