In ‘Happy Valentine’ foar de Fryske literatuer?!

ELSKE SCHOTANUS – 

As net-lid bin ik ferbjustere as ik in mail fan It Skriuwersboun krij. It blykt in útnûging foar in jûn dêr’t fiif listlûkers foar útnûge binne om har ‘de skientme fan ’e literatuer mei te jaan en harren te fergjen om dat mei te nimmen yn harren beliedsplannen.’ Hm, nijsgjirrich programma en ik nim my dan ek daliks foar om derhinne.

Soe it boun – of bûn – ea earder op dizze wize mei politisy yn petear west ha. Ik fier inkelde stekwurden yn op ‘de krant van toen’ en it earste en iennige dat ik tsjinkom is in kollum fan Asing Walthaus út 2013 nei oanlieding fan in jûn oer de staveringskwestje. De ‘Friese tijger’ yn de kop fan it artikel is, sa konkludearret de columnist, in ‘tandeloze tijger’.

 

‘It Boun lit har smoel sjen. Sûnder skerpe tosken, mar mei in grutte glim op it gesicht.’

 

It slagge net om yn de media, en dan benammen Omrop Fryslân, mear en better omtinken te krijen foar de Fryske literatuer, de sutelaksje ferdwûn, de boekejûnen stelle net folle mear foar en inkelde jierren wiene de kadoboeken oersettingen. Tal fan inisjativen fan it boun sels ferdwûnen en de gearkomsten lûke mar in hantsjefol skriuwers. Tal fan skriuwers binne trouwens gjin lid…

It bestjoer soe ris by de skriuwers fernimme moatte wat sy fine dat de taken fan it boun binne, hie ik op de lêste gearkomste dy’t ik bywenne nei foaren brocht. Ien fan de oanwêzigen heakke dêr op yn en begûn oer de tariven dy’t tydskriften betelje. It bestjoer soe in enkête útsette. Doe’t it der net fan kaam en it jild oan boerekoal bestege waard, sei ik – earder bestjoerslid, webmaster en koördinator foar it projekt Skriuw – ein 2016 myn lidmaatskip op mei de wurden:

‘Al hat it foar my altiten in prinsipekwestje om lid fan it boun te wêzen, nei myn idee is der, mei it ferdwinen fan it literêr sirkwy, berneboekepraat, de oesdrip, skriuw, de wykeinen en benammen de belangebehertiging yn de rjochting fan provinsje, útjouwers en ynstituten gjin reden mear oer om noch langer lid te bliuwen. Miskien komt it yn de takomst wol wer oars, mar foar no jildt: It boun is my tefolle in trochjoulûk foar aktiviteiten en nijtsjes fan oare partijen yn it fjild wurden.’

Toch is it sa dat it in prinsipekwestje is om, as Fryske skriuwer, lid fan it Boun te wêzen. Fansels kin men lid wurde fan de VVL, de Vereniging Voor Letterkundigen, mar Fryske skriuwers sitte (ek) yn in Frysk literêr systeem: mei provinsjale subsydzjes, in Frysk prizestelsel, Fryske tydskriften, Fryske resinsinten en kommisjeleden by it Letterenfonds, Fryske útjouwers, in Fryske Omrop, Boeken fan Fryslân, FLMD en Tresoar en nei ferwachting by Treoar aanst ek wer in ‘adviseur Fryske literatuer’.

‘Wat soe it boun wêze moatte?’, frege immen my koartby. ‘In belangebehertigings- of in lobbyklup?’ De funksje fan it boun is net, as by in ûndernimmingsried, basearre op wetjouwing en gearwurkingsoerienkomsten mei oerlispartijen. Dus in lobbyklup fansels, mar dêrby soe it wol gean moatte om wat skriuwers as har belangen sjogge. Dat dy belangen foar dichters oars lizze as foar proaza- en berneboekeskriuwers of oersetters, dat minsken dy’t yn tydskriften publisearje der oars nei sjogge as skriuwers dy’t har útjeften sels betelje, dat makket net út. Elk bestjoer leit syn eigen aksinten, hat, ôfhinklik fan wa’t deryn sit syn eigen prioriteiten. Wêr’t it om giet is dit: as der mar aksinten en prioriteiten binne. As it boun him mar sjen en hearre lit. It tiger dy’t, by need, skerpe tosken sjen lit.

‘Skriuwers moatte skriuwe en net tefolle tiid yn in bestjoer stekke,’ sei dyselde ‘immen’ ek noch, reden dat ponghâlders, notulisten en webmasters bygelyks net perfoarst ek noch mei in roman of fersebondel hoege te kommen. Wier, mar wat as (om diskear mar ien kritykpunt op it literêre systeem te neamen) de boeken net ferkocht wurde? Dat merke toch echt allinne de skriuwers… Foar it bestjoer soe it dan ek folle minder om, mei in sit yn it EBLT, it Europeesk Buro foar Lytse Talen, de taal gean moatte as om it skriuwen, ûnder goede foarwearden, om it berikken fan it publyk wurde en dat alles yn in iepen en earlik systeem.

By bestjoerswikselingen binne der wer nije ynsichten, kânsen en mooglikheden. Se sitte der noch net sa lang yn, dizze trije: André Looijenga bringt ûnderfining yn as redakteur fan it literêre tydskrift Ensafh. Geart Tigchelaar hat in pear boeken publisearre en makket diel út fan de dichtersgroep Rixt. Paul van Dijk is berneboekeskriuwer en joech in poëzijbondel út. Skriuwe moatte sy, mar dat der yn it bestjoer minsken sitte dy’t witte (kinne) dat ‘skriuwe’ méár betsjut as dat allinne, is in pree as it giet om ‘lobbywurk’.

Sa krûpt it bestjoer stadich wer achter de kûlizen wei. Op de sosjale media. Mei, yn desimber, in ‘Te Gast’ yn de Ljouwerter fan foarsitter Tryntsje van der Veer en André Looijenga oer it plak fan de literatuer yn de provinsjale beliedsnotysje ‘Kultuer oan ’e Kime’, nammentlik: gjin. En tongersdei 14 febrewaris, op Falentynsdei, troch in diskusje op priemmen te setten mei de listlûkers Klaas Kielstra (VVD), Johannes Kramer (FNP), Marijke Roskam (PvdA), Michiel Schrier (SP) en Matthijs Sikkes-van den Berg (GrienLinks) (mei, om’t CDA-listlûker Sander de Rouwe net kin, deputearre Sietske Poepjes yn de seal) en dêr in oantreklik programma mei foardrachten, muzyk en sels sop en broadsjes by oan te bieden. Hehe, it boun lit har smoel sjen. Sûnder skerpe tosken, mar mei in grutte glim op it gesicht. Dêrom: Happy Valentine!

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.