De Grutte Gedichtejûn yn it Lytse Kafee mei de Bysûndere Histoarje

Publisearre op 11 februari 2019

MALTSJE DE RIDDER-JANSMA – 

It smûke kafee Marktzicht, stamkafee fan de populêre deade Fryske skriuwer Rink van der Velde,  foarme freed 8 febrewaris it dekôr fan de Grutte Gedichtejûn, organisearre troch it blêd Ensafh.

Tige tapaslike lokaasje, kwa skiednis en sfear, mar wol wat de lytse kant neist. Soene we der wol allegear ynpasse? Ommers, de opset fan de gedichtejûn is om safolle mooglik dichters ien gedicht foardrage te litten en der stiene by einsluten leafst 37 op it programma, neidat der in tal ôfsein hie. Neffens kroechbaas Ronald koene der maklik fytich minsken yn en boppe wie ek noch in ferdjipping. Yn it lytse gonkje nei de wc’s ta stie in libbensgrutte, kartonnen Emiel Roemer. In soad achteleaze besikers skrokken fan him. ‘Dan witst wol watfoar kafee as dit is’, sei de baas. Read as in kraal.

 

Joël Huitema hie in giele trui oan, mei in rôze stryk, oer in blau boesgroen. Dat hearde, sa sei er, by syn gedicht.

 

Organisator, Ensafh-redakteur èn presintator Geart Tigchelaar wie om sân oere hinne tegearre mei de muzikant fan de jûn, Bertus Hadders,  al oanwêzich om it lûd ôf te stellen. Dat wie lykwols yn in pear minuten beslikke. Tigchelaar fertelde dat de foarige lokaasje (in seal yn Neushoorn) krekt wat te rom wie, dêrfandinne de ‘skaalferlytsing’, ek om it wat geselliger te meitsjen. En gesellich, dat wie it daliks al, yn dizze âlderwetske tafearne, mei de muorren fol foto’s, buorden en allerhanne memorablia. Al draaide in petearke tusken stamgast Teun en in Britske gast út Manchester oan it begjin fan de jûn hast út op in Brexit-rel. De oarloch waard mei in pilske oer en wer gau delbêde.

De earste dichters dripten tsien minuten nei sânen it kafee yn. It wiene Job Degenaar, Dien L. de Boer en Kate Schlingeman, in bytsje ferwaaid en mei reade wangen. It storeinde bûten. Ek Ypie Haitsma-Bakker, Carla van der Zwaag en Anna Heegstra, âld-kursisten fan Abe de Vries, hearden by de betiidsten en koene moai in sitplakje fine deun by de mikrofoan. Joël Huitema (út Ljouwert no, mar oarspronklik út Sint-Nyk) hie in giele trui oan, mei in rôze stryk, oer in blau boesgroen. Dat hearde, sa sei er, by syn gedicht.

Ek Henk Veenstra wie moai op ‘e tiid. In goede freon fan de koartlyn ferstoarne taalmaster Klaas Bruinsma. Hy trof it dat er njonken ien fan de pear net-dichters yn it publyk siet en fertelde de frou planút dat er perfoarst net fan lange gedichten hold. Dêrnei gie it praat oer haikû, Japan en tsûnamys. Hoewol’t syn namme de hiele jûn ta myn fernuvering net neamd waard, hong de geast fan Klaas Bruinsma oer it barren hinne. Ik tocht werom oan eardere Fryske literêre eveneminten yn Drachten en hoe’t Klaas Bruinsma dan altyd paperassen mei syn geve oersettings fan wrâldliteratuer omparte. Dizze jûn droech ien fan de dielnimmers in Fryske oersetting (‘Ut de djipte wei’) fan de progressive Spanjaard Federico García Lorca foar. Ek Bruinsma hat wurk fan Lorca oerset, sjoch syn ûnderbeljochte ‘Blomlêzing út de Spaanske Poëzij’. (Elikser, 2014).

De mikrofoan stie yn in hoekje mei dêrachter in strjitnammeboerd Crematorium Laan op de muorre spikere. Bûten lôge wilens in flinke, Wâldfryske winterstoarm op. Om healwei achten moast de jûn – troch de organisaasje oant op de minút pland- begjinne. Dat kaam oars. Tigchelaar stiek in piip op en ferdútste, foardat er troch it koarte gonkje nei bûten stapte (want ek hjir mocht binnen net smookt wurde) dat guon dichters út it earste blok der noch net wiene – en hy soe tsien minuten wachtsje. Dochs, nei dy tsien minuten, Marktzicht siet al oant it plafond ta fol, koe it feest begjinne. Tigchelaar sels sette it spul útein, mei in anty-Bolsonero fers ‘De kat út de beam sjen’. Dêrnei gie it hurd.

Faaks lei it oan de lokaasje (tichtby de grins mei Grinslân), mar der wiene opfallend soad Grinslanner dichters en foardrachtskeunstners oanwêzich. Dat soarge foar in noflike ôfwikseling yn talen, mei prachtige foardrachten fan Jan Bos (Bedum, 1937) mei syn ‘Braif’ yn it Hooglaands, en de wat jongere Melle Hijlkema. Dy spatte as in Brel út syn fel mei it fjurrige drinkliet ‘Kom daans’,yn it Westerkertiers. Josine de Vries droech it hearlike ‘Feberwoarie’ foar, in fers fan Simon van Wattum. Joël Huitema lies dêrby syn spannende eroatyske ‘Untknoping’ yn it Súdwesthoeksk, Hein Jaap Hilarides en Syds Wiersma keazen foar it Biltsk, en mei ûnder oaren Lien Cordilia klonk ek it ABN yn Marktzicht. Cordilia har bydrage wie ien fan de langste. “Het is een lange tekst dus ik begin maar meteen”, sei se en al foardragend naam se ús mei oer ‘Een zwarte zee’ mei sinnen lykas ‘Mijn zee heeft rustige dagen’ en ‘Men wil dat ik assimileer / heb ik een mening wil men dat ik migreer.’ Henk Veenstra skrok in bytsje by de oankundiging, al koe er by einsluten syn oandacht der wol byhâlde.

Betûfte dichters en begjinners kriskrasten sa trochinoar hinne, en it ferskil yn ûnderfining wie wol te fernimmen, mar dat is krekt de sjarme fan de gedichtejûn. Job Degenaar, ‘de rêst selve’ op it poadiumke, siet stiif foaroan en holp foar en nei syn eigen foardracht mannich nerveuze debutant mei it ferstellen fan de mikrofoan. Degenaar (Dubbeldam, 1952) slute oan by it tema van de poëzywike troch it foardragen fan ‘Vluchteling’ út syn resinte bondel Hertenblues.

De kar foar Bert Hadders as muzikant foar de jûn wie treflik. Hy is wrâldferneamd yn syn eigen provinsje en ferstjinnet dyselde erkenning ek oer de grinzen fan Grinslân. Earder trede er op mei de formaasje De Nozems, hjoed-de-dei is er solo-aktyf. Dat trof, de Nozems hiene der fansels yn Marktzicht ek net mear by ynpast. Hadders fertelde oer syn projekt De Bosklopper Tapes en song dy jûns ûnder oaren syn hit ‘Doen op de moan’ (diskear as ‘Smoar op de moan’, spesjaal foar de Friezen) en ek syn favorite gospel ‘Scheepje onder Jezus’ hoede’, dat ferrassend hast deselde melody hie. Gau faker nei Fryslân helje. De oersjochs-cd Tjeu (Platex, 2018) is, foar wa’t de man thús beharkje wol, in poergeskikte yntroduksje yn it oeuvre fan dizze countryfolkblues-pearel.

Sa út en troch kaam der noch in dichter binnen, lykas de langferwachte Jacobus Q. Smink, en Willem Tsjêbbe Oostenbrink, dy’t daliks trochrinne mocht nei de mikrofoan. Der klonken âlde gedichten en nije. Sa hie fêste dielnimmer Sigrid Kingma neffens tradysje de middeis yn it foarren in nagelnij fers berne (‘Mear as’) om foar te dragen. Janneke Spoelstra joech in priuwke út har oankommende, tredde bondel mei ‘A tourist with a local bag’. Ek Gerrit de Vries (‘In Man’) en Cornelis van der Wal (‘De leginde fan de hillige Regis Wyndys’) kundigen nij wurk oan, wylst we allegear wachtsje op in bondel fan André Looijenga. De klok sloech njoggen ûnder syn foardracht fan ‘Stasjon Achter de Hoven’, as wie it in teken. Dien L. de Boer kaam poëtysk yn it spier tsjin wynmûnen, Ypie Haitsma-Bakker rôp, foardragend út de holle, bylden fan de kâlde winter fan 1929 op. Henk Nijp droech ‘Feest’ foar, ien fan syn moaiste fersen oant no ta. Sa wie der in hiel soad te hearren, it muoit my as ik net elkenien neam, mar ik krij stadichoan mûsfingers …

Guon dichters moasten wol hiel fier reizgje om ien tekst  foar te dragen, lykas (nota bene) Gysbert Japicxs-priiswinners Piter Boersma (Loenen aan de Vecht) en Jacobus Q. Smink (Eindhoven), wylst oaren in thúswedstriid spilen, lykas Hinke Veenstra en de eardere gemeentedichter fan Smellingerlân Winfried Bruinsma. Bruinsma kundige oan dat Smellingerlân om in nije gemeentedichter siket, dat wa’t yn dy gemeente wennet of dêr in bân mei hat, hâld de berjochten dizze wike yn de gaten!

Fierhinne de measte poëten, fan Pieteke de Boer oant Edwin de Groot, hâlden har kreas oan it begjinsel fan ien gedicht. Behalve Ineke van der Heide. Dy deis ferskynde by Hispel har bondel mei bernegedichten ‘Broek mei bûsen’ en dat fierde se troch leafst fiif ferskes foar te dragen. Elke dielnimmer krige in fergees eksimplaar fan de bondel mei, mar dat koe net foarkomme dat guon wat soer wiene dat Ineke wol mear as ien dwaan mocht. It koe lije. Mei twa kear in skoft plus in muzikale gast, wie it in wûnder dat it programma net útrûn. Sterker noch, it wie in healoere earder dien as pland. In sukses dus, al sieten we wol as sardyntsjes opinoar pakt. It kafee lient him oars prima foar literêre jûnen, as geografysk krúspunt op de Drintske, Grinslanner en Fryske poëzij, en fanwege de skiednis. Lykwols, miskien handiger om hjir in kear twa, trije dichters te boeken en dy wat rommer de tiid te jaan.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels