• 29 juli 2020

    SJOUKJE DE BOER -  De rige is lang. Oant hast bûten it doarp stean wy yn de kjeld. Ik bin yn Gaast op de begraffenis fan in omke. De stoarm raast ús om ’e earen, lykas de tsjerkeklokken. Ik besjoch de rige minsken dy’t oant de seedyk ta stean. Der binne mear minsken as dat it tsjerkje hâlde kin. Ik bin yn Gaast. It bankje, [...]

  • 22 juli 2020

    KAREN BIES -  Yn 2035 ferwachtet Grins in kwart miljoen ynwenners te hawwen, lês ik yn it Dagblad van het Noorden. Hjoed bringe M. en ik ús dochter derhinne. De fyts achter op ’e auto, dy’t fierder fol sit mei klean, servys, bêdeguod, ferve en de boarmasine. Myn hert is fol dochter. Wêr binne dy achttjin jier bleaun? Har keamer is trije by trijenheal. Der [...]

  • 15 juli 2020

    JANNEKE DE HAAN -  Hinnen om dy hinne. Dêr wurdt in minske gelokkich fan. Ik yn alle gefallen wol. En ús borderkolly Eddy ek. Dat komt, wy ha dus gjin skiep. Mar in bytsje borderkolly wol hoedzje. Dêrom hoedet ús Eddy ús hinnen. Krekt salang as se op in protsje sitte.   Moarn ite we coq au vin.   It tefreden gekroel en gekeakel. It [...]

  • 10 juli 2020

    KAREN BIES -  Nei de Black Lives Matter-demonstraasje yn Ljouwert die Marleen Nagtegaal (Explore the North, City of Literature) in oprop foar in Sinteklazefeest sûnder Swarte Pyt. Dy waard ûndertekene troch hûnderten minsken. Yn har brief skreau Marleen: ‘Hoewel de media anders doen vermoeden, wonen in Friesland veel mensen die een vuist willen maken tegen racisme.’ Ik bin it iens mei de oprop en set [...]

  • 24 november 2019

    KAREN BIES -  Hy hat wol oer syn soan yn noed sitten. Sykje dochs in baan, hie er wolris tsjin him sein. Moatst ek om dyn pensjoen tinke! Mar Meindert wist it seker: ‘Nee. Dit doch ik, dit kin ik. Dit wol ik.’ Jan Talma sit neist ús yn Zalen Schaaf. It konsert ‘De Domela Passie’ kin elk momint begjinne. Jan fertelt dat Meindert froeger [...]

  • 28 augustus 2019

    BOUKE VAN DER HEM -  Yn de hjitte fan it boerkaferbod en de diskusje dêroer stean ik eins noch it meast fersteld fan mysels. De Volkskrant-kollum De gemiste kans van het boerkaverbod (d.d. 05-08-19) fan myn sweager wêryn’t hy feitliks pleit foar in folslein ferbod, lis ik nei it lêzen boazich fansiden. En dan syn ôfslutende, hast neo-koloniale sin: ‘Wie de boerka verdedigt, heeft het slecht [...]

  • 14 augustus 2019

    KAREN BIES -  M. hie op tafel Suske en Wiske-albums lein mei in auto foarop, lykas ‘De Sprietatoom’ en ‘De Zingende Zwammen’. Dêrneist in plysjeauto fan Playmobil. Dochter waard santjin jier en ús kado wie rydlessen. Har measte freonen wiene oan ‘e gong of hiene it rydbewiis al. Mar sy hie in pear moanne nei har jierdei noch net belle mei in rydskoalle. It auto’ke [...]

  • 7 augustus 2019

    DOUWE DE BILDT -  Krekt foar de Dillebrêge fan Easterwierrum stie oan de kant fan ’e feart in boerd mei dêrop: “Sin oan in bierke?” It wie in prachtige neisimmerdei en ik ha altyd wol sin yn in bierke. Wy leine ús âld kruserke foar de wâl en joegen ús del op it terras fan in lytse camping. Rillegau kaam der ien om de bestelling [...]

  • 15 juli 2019

    BOUKE VAN DER HEM -  Noch yn ‘e auto op wei nei Skiphol stel ik my de fraach oft ik thús guon dingen wol ferstannich ferdielde oer hân- en rombagaazje. Boek, waarme jas, earphones, snobbersguod, altyd arbitrêr wêryn it bêste op te bergjen. Fan de brillen is it dúdlik: ‘de lês’ yn de rêchtas mei troch de dûane, ‘de sinne’ yn de koffer sjogge je [...]