Hinnen

JANNEKE DE HAAN – 

Hinnen om dy hinne. Dêr wurdt in minske gelokkich fan.

Ik yn alle gefallen wol. En ús borderkolly Eddy ek. Dat komt, wy ha dus gjin skiep. Mar in bytsje borderkolly wol hoedzje. Dêrom hoedet ús Eddy ús hinnen. Krekt salang as se op in protsje sitte.

 

Moarn ite we coq au vin.

 

It tefreden gekroel en gekeakel. It farske – soms sels noch waarme – aaike. It wedstrydsje kukeljen moarns betiid. It sjongt yn ’e tún fan kukeljen links nei kukeljen rjochts. Hoannen byelkoar fjochtsje elkoar de tinte út. Rjochts wint elke moarn.

Juster wie der in hoanne agressyf. Hy foel my oan en ik sette it op in draven. Hielendal oant de brievebus ta. Ik razend foarop, dêrnei de hoanne, doe de kat en dêr wer efteroan de hûn. Myn freon kaam net mear by.

Alle dagen farsk wetter en foer en bytiden in bakje grouwe wjirmen. Hjoed kaam der wer in traktaasje fan myn heit. In pûde âlde pasta. ‘Ast in bist hast, moatst der goed foar soargje’, sa seit heit De Haan. Stikem in ekstra skepke pasta yn ’e panne.

Mar dan it aldermoaiste. Sêft en giel. Piipjend en waarm. Iniminy lytse hoopkes dûns. Nijsgjirrich om beurten efkes ûnder mem wei om te sjen wat der yn de grutte hinnewrâld bart. En watfoar ynkringer derfoar soarget dat der kâlde wyn it hok yn pûst wurdt. Kinst net te lang mei in lyts pykje krûpe. Sa ôfgryslik tear en kwetsber.

Wylst ik dit skriuw, draait myn freon it lêste skroefke yn syn selsmakke hinneplôkmasine.

Moarn ite we coq au vin. Want wa’t achter my oan sit, dy bedarret úteinlik by my op tafel.

 

Dizze bydrage stie earder yn ‘de Moanne’ nûmer 1, 2020

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.