Myn ekstremisme

Publisearre op 28 augustus 2019

BOUKE VAN DER HEM – 

Yn de hjitte fan it boerkaferbod en de diskusje dêroer stean ik eins noch it meast fersteld fan mysels. De Volkskrant-kollum De gemiste kans van het boerkaverbod (d.d. 05-08-19) fan myn sweager wêryn’t hy feitliks pleit foar in folslein ferbod, lis ik nei it lêzen boazich fansiden. En dan syn ôfslutende, hast neo-koloniale sin: ‘Wie de boerka verdedigt, heeft het slecht voor met de integratie van moslims’; ja, wy wisten altyd al wat better is foar dy swartsjes … Ik sprek him noch!

 

De skriuwer en de freon: ik snap harren krampachtichheid net om achter dy mâle holdoeken de bedriging fan in frjemd geloof en gefaarlik oprukkend systeem te sjen.

 

En dan komt just op dý kollum ek noch in adheezje-mailtsje fan in goefreon by my binnen. Ear’t ik it my goed en wol realisearje, sabelje ik harren dwaling del. En set der fûleindich myn prinsipes foaroer. Wêrby ‘t it folslein nét ta de saak docht dat ik persoanlik in boerka ‘gjin gesicht fyn’ en my amper foarstelle kin dat in minske soks drage wol. Ommers: wy hawwe gewoanwei it rjocht net en skriuw ús smaak, miening of geloof foar. Lês artikel 1 fan ús Grûnwet, tsjintwurdich ferplichte kost op ús skoallen. Alles wat de lju dêr fierders omhinne breidzje yn wiidweidige betogen of delkwattelje op sosjale media: soks komt allegear del op yntellektueel behang, boreale ûntefredenheid of gewoanwei eangst út ûnwisschheid en dat fanwege it ôfbrokkeljen fan jins safe haven, tinkme. Dat lêste is neffens my serieus te nimmen, mar dat bart no just nét troch jin der dan mar mei soks as in folslein holdoekferbod fan ôf te meitsjen, it iene gat by wize fan sprekken mei it oare stopje. En just dêrom is ús polityk der diskear ek net mar wat maklik foarwei sprongen: it sûnt koart ynstelde ferbod jildt inkeld yn it iepenbier ferfier en gebouwen fan oerheid, ûnderwiis en soarch, dêr’t in boerka of nikab it praktysk en sosjaal funksjonearjen nei’t elk begripe kin, te lestich meitsje soe. Alles by alles in rjochtsteatlik kompromis, tinkme.

Soa!, dat moast der blykber allegear earst efkes út.

Lykwols, wêr’t ik my neffens de eigen begjinsin noch it meast oer fernuverje: wêrom meitsje ík my hjir persoanlik eins sa drok en boazich oer?

Jonge, sa sprek ik mysels dan ta: yn dyn earste Moanne-kollum Oanrekke troch Balkenende (2004) en twa lêste romans It Poadiumbeest en De Fuery spilen de islam en de dea fan Van Gogh en Fortuyn mear as in byroltsje, engazjearre en korrekt foar dy tiid! Mar botte súksesfol wiesto as skriuwer net; bedimje dy wat. En boppedat: politike korrektheid leit tsjintwurdich just oarsom; get a life!

Mar eh: dat fyn ik gjin antwurd foar my; de fraach bliuwt wêr’t myn argewaasje dan wól weikomme kin. Ut de jongere jierren soms?, dus fierder en djipper dolle?

Wy moasten as trije sportende boerejonges wannear’t it tsjerkefolk de pleats foarby fytste – de griffemearden d’iene kant út, de frijsinnigen d’oare – altyd even nei achter de pleats ferhúzje, de skuorredoar as goal nimme, ommers: sy wienen óárs mar dochs ús streekgenoaten en dan hâlde je fansels rekken mei mekoar.

Letter krigen we op de HBS in freeslike tiran as skoaldirekteur, dy’t álles regele en ta myn ynholden woede as ien fan de earsten it lanlik manifest tsjin lang hier tekene, wêrop’t ik it manifest Beter Langharig Dan Kortzichtig ûnderskreau.

Yn myn militêre tsjinst moast alles milimetere en waarden we wykliks kollektyf mei in fijân-byld yndoktrinearre. Wat jierren dêrnei soe it novum-fan-de-soldatefakbûn hast it tsjinoerstelde foarinoar bokse.

Noch letter, by de ôfslutende bulûndertekening makke prof. mr. NN de fijne opmerking dat ‘een formeel net pak’ fan respekt tsjûge hie ynstee fan myn outfit.

Werom nei de krantekollum, de skriuwer en de freon: ik snap harren krampachtichheid net om achter dy mâle holdoeken de bedriging fan in frjemd geloof en gefaarlik oprukkend systeem te sjen. Wat ik der hjir persoanlik foaroer te setten hie, is in man dy’t net gau yn wat ôfwykt in bedriging sjen of sykje wol. En benammen net it leauwen ûnder hier of bedeksel útbanne wol, oft it yn dy kop no ‘maatschappij krities’ wie, alt-right of islamitysk is …

Hawar, hiel sekuer wit ik myn goedaardich ekstremisme net te trasearjen en better as dit hjir wurdt ‘m dus net. Ik jou it oer en fertel myn sweager en freon dat it my spyt en freegje oft se my sa keal akseptearje en yn genede weromnimme. Alteast duldzje. Want echt oer is ’t net, bin ‘k bang.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]