Gaast

SJOUKJE DE BOER – 

De rige is lang. Oant hast bûten it doarp stean wy yn de kjeld. Ik bin yn Gaast op de begraffenis fan in omke. De stoarm raast ús om ’e earen, lykas de tsjerkeklokken. Ik besjoch de rige minsken dy’t oant de seedyk ta stean. Der binne mear minsken as dat it tsjerkje hâlde kin. Ik bin yn Gaast. It bankje, de tsjerke, it hek en it brechje. Der is net in soad feroare.

Ik sjoch oer de Iselmar, dêr’t ik as famke oer it iis rûn wylst de sinne hast ûnder wie. Ik herinnerje my it oranje ljocht noch. Myn houtsjes leinen achter my yn it wite gers. Ik wie allinnich. Myn neef soe wol op my passe, hie er tsjin ús heit sein. Ik seach him pas in pear moanne letter wer. Op de jierdei fan pake. Ik wie fiif of seis, tink ik. Ik rûn oer de Iselmar nei it oranje ljocht. Allinnich.

Dyselde neef sjoch ik no yn ’e rige by ’t tsjerkje fan Gaast stean. Ik sjoch it oan de foarm fan syn gesicht. Hy sjocht my ek, twifelet eefkes, mar knikt dan in kear. Pake libbet al heel lang net mear. Heit is der ek net mear.

De grienteboer, dy’t achter my stiet, werken ik oan de spitse noas en de pluk hier dy’t er al salang’t ik wit oer syn keale plak kamt. Ik sjoch omkes en muoikes yn ’e kjeld stean en ik werken ús heit. Ik sjoch ús heit mei alzheimer, heit mei prostaatkanker, heit mei in hartkwaal, heit mei in kromme rêch en heit mei in stôk. Ik sjoch ús heit âlder as dat er ea wurden is.

Ik sjoch fuort en ik tink oan heit. Hjir komt er wei. Dit is syn bertegrûn. Hjir rûn er oer itselde iis. Miskien wol by itselde oranje ljocht fan deselde sinne.

De tsjerke is te lyts foar de hiele seedyk fan Gaast. Der is in live fideoferbining yn it doarpshûs. Kleedsjes oer de tafels, donkere hantaasten op de doar, in tegeltsje mei ‘Dien wurk is noflik rêsten’. Op de tafel stiet in glês mei sûkerstaafkes. De lêste foto fan ús heit is hjir ek makke. Heit mei sa’n sûkerstaafke achter it ear.

Yn it doarpshûs sjonge wy omke syn favorite liet, Johannes de Heer 241, ‘Waar zult gij zijn in d’eeuwigheid?’.

Ik rin nei bûten, it doarpshûs út, de seedyk temjitte. ‘Ik ben gered voor d’eeuwigheid’. Ik tink dat Gaast de ivichheid hat.

 

Dizze bydrage stie earder yn ‘de Moanne’ nûmer 1, 2020

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.