fotografy: Omrop Fryslân

Ek hjir

KAREN BIES – 

Nei de Black Lives Matter-demonstraasje yn Ljouwert die Marleen Nagtegaal (Explore the North, City of Literature) in oprop foar in Sinteklazefeest sûnder Swarte Pyt. Dy waard ûndertekene troch hûnderten minsken. Yn har brief skreau Marleen: ‘Hoewel de media anders doen vermoeden, wonen in Friesland veel mensen die een vuist willen maken tegen racisme.’

Ik bin it iens mei de oprop en set myn namme derûnder. Dochs bleau dy lêste opmerking my dwerssitten. Net omdat de media no wér earne de skuld fan krije. Nee, omdat Marleen gelyk hat: yn de Fryske media giet it faker oer de stipe oan Swarte Pyt, as oer rasisme.

 

Ek hjir. Rasisme. Wat ûnderfine minsken yn Fryslân dêrfan? Wat hawwe se sels meimakke? Hoe hat dat field?

 

De demonstraasjes nei de dea fan George Floyd giene oer it rasisme dat minsken yn Nederlân meimeitsje, wêrûnder it ferskynsel Swarte Pyt. Mar wat dogge de Fryske media? Alle kearen as der earne besluten wurdt om op te hâlden mei de roetswarte piten – by it Sinterklaasjournaal, of by de yntocht fan Grins – of as Habtamu de Hoop dêrta opropt –  dan belje wy it Sinteklazekomitee fan Ljouwert: ‘Wat dogge jim mei Swarte Pyt?’ Of wy hâlde in enkête ûnder de befolking: ‘Wat fine jim fan Swarte Pyt?’ Oant no ta is faak it antwurd, en dus ek de kop: ‘Swarte Pyt moat ‘gewoan’ swart bliuwe’. Wurdt sa’n fraach op Facebook steld, dan giet it hielendal los. Minsken roppe skamteleas, sûnder ferstân of begryp, de grofste dingen.

Wat my yn ‘e wei sit, is de rol dy’t de media hjiryn spylje. It liket sa objektyf: minsken freegje wat se fan Swarte Pyt fine. Do kinst ommers ferskillende antwurden krije. Mar it probleem is: hyltyd wér Swarte Pyt agendearje, witte wat je dêrmei oproppe en dat bewust publisearje. Opskriuwe dat ‘Swarte Pyt ‘gewoan’ swart bliuwe moat’, is net objektyf of neutraal. De keuze foar in ûnderwerp, agenda-setting, hat ynfloed op it publyk en wat der yn de maatskippij bart.

Wat as de Fryske media no ris nét Swarte Pyt as ûnderwerp nimme, mar rasisme? By de EO hawwe se in programma: #ookhier, dêr’t minsken fertelle oer deistich rasisme.

Ek hjir. Rasisme. Wat ûnderfine minsken yn Fryslân dêrfan? Wat hawwe se sels meimakke? Hoe hat dat field? Ast dat opskriuwst, of fertelst op radio en TV, dán litst alle stimmen hearre. Dan krijst mear begryp foar elkoar. Dan kinst ris ophâlde mei dy âlde gewoante: de haadrol te jaan oan minsken dy’t noait witten hawwe hoe’t it fielt om útskolden te wurden foar Swarte Pyt.

 

 

Dizze kollum stiet ek yn ‘de Moanne’ nûmer 3, 2020

Comments
Ien reaksje oan “Ek hjir”
  1. Geart Bos schreef:

    In goed stik fan Karin Bies. It is net sa dat hoe oftst it ek draaist dat de media it nijs en mieningen manipulearret? Mei skriuwen en publisearjen kinne jo de mieningen stjoere. As jo lang genôch in en lûd genôch wat roppe krije jo fansels in protte folgers. Mar litte we no net dwaan of diskriminaasje en rasisme nij binne, ik waard yn de jierren 50 al útskolden foar skele of brillejoad en myn maat wie de reade. en omt wy net nei tsjerke giene wiene we heidenen yn de eagen fan dy “ferrekte finen”. En doe ik yn de 70 er jierren in protte yn Hollân wurke foar myn Fryske baas krige ik steefêst te hearren, “wat kom je hier doen Fries”? Myn standert antwurd wie dan “Ontwikkelingswerk”. Ik bin der grut mei wurden en leau grif dat ik der net minder fan wurden bin. Lykwols freegje i my wol ôf wêr al dy demonstraasjes goed foar binne, it wurd tiid dat we leare nei mekoar te harkjen ynstee dat we mar wat stean te roppe en te razen!

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.