In swiere dûmny

DOUWE DE BILDT – 

Krekt foar de Dillebrêge fan Easterwierrum stie oan de kant fan ’e feart in boerd mei dêrop: “Sin oan in bierke?” It wie in prachtige neisimmerdei en ik ha altyd wol sin yn in bierke. Wy leine ús âld kruserke foar de wâl en joegen ús del op it terras fan in lytse camping. Rillegau kaam der ien om de bestelling op te nimmen. Wy wiisden op it boerd en seine: ‘Doch ús mar in bierke.’ ‘Hokker bierke?’ frege it kastleinske, en se neamde op: ‘In âlderling, in lichte preek, of in swiere dûmny? Wy hawwe hjir sûnt koart in eigen bierbrouwerij sjoch, “Tsjerkebier”.’ Dat kaam moai út, want it wie snein. Ik keas de swiere dûmny. Doe’t it bier brocht waard, en ik de earste slok yn my delsakjen fielde, tocht ik oan dûmny Brink fan Mantgum. Oft dat no in swiere dûmny wie, yn de sin fan streng yn ’e lear, dat wit ik net. Ik bin net tsjerksk en kom nea by tsjerketsjinsten, útsein sa no en dan in begraffenis. En ik ha ek nea by in preek fan dûmny Brink west. Wêrom tocht ik dan oan him by dat bierke? Ds. Brink wenne earder yn de pastorij fan Mantgum, skean tsjinoer de tsjerke. In joekel fan in pastorij. Yn dyselde strjitte stean allegearre fan dy bakken fan klassisistyske huzen. Rike lju, dy Mantgumers. Dûmny Brink wie in grutte, swiere man mei in strenge blik, in bytsje brimstich. Nei’t er mei emeritaat gien wie, wenne hy mei syn frou en soan in eintsje fierderop yn in noch grutter hûs. Ik seach him wolris rinnen as er syn hûn útliet. In grutte, donkere poedel. Brink strak foar him út sjend, de poedel achter him oan lûkend. De hûn besocht nammentlik oan ien tried wei om te skiten. Mar dat wie net tastien yn de deftige buorren. De poedel moast sá noadich, dat er mei de kont omdel en in stikje brune wasko dêrta út, in brune streep oer de stoepe krytsjend, meilutsen waard. Dêr tocht ik oan, doe’t ik op in sinneskyndei in bierke dronk oan de Swette.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.